Springe nei ynhâld

Kieskring Fryslân

Ut Wikipedy
Kieskring Fryslân
Algemiene ynformaasje
ParlemintTwadde Keamer
Jeropeesk Parlemint
Omfang±6 leden te ferkiezen
±1 leden te ferkiezen
Oprjochte1917
Fertsjintwurdigers
FerkeazenTK 2025

JF 2024

Temaside Polityk

Kieskring Fryslân (offisjeel: Kieskring 2 of Kieskring Ljouwert) is ien fan de Nederlânske kiesdistrikten foar de ferkiezings fan de Twadde Keamer en it Jeropeesk Parlemint. It bestiet sûnt 1917 en waard foar it earst brûkt by de ferkiezings fan 1918. De kieskring beslacht de hiele provinsje Fryslân en hat syn haadstimburo yn Ljouwert.[1]

By ferkiezings wurdt likernôch 4% fan de lanlike stimmen yn Fryslân útbrocht. Op basis fan dat oandiel soe de provinsje, by in strikt regionale ferdieling, rûchwei seis sitten takend krije foar de Twadde Keamer en ien sit foar it Jeropeesk Parlemint. It Nederlânske kiesstelsel kent lykwols gjin regionale sitferdieling, mar wurket mei lanlik-evenredige listen. Dêrtroch is der gjin garânsje op in fêst tal Keamerleden út Fryslân.

Politike partijen kinne yn eltse kieskring in eigen kandidatelist yntsjinje. Yn de praktyk brûke de measte partijen lykwols ien en deselde lanlike list foar alle kieskringen. De kâns dat kandidaten út Fryslân keazen wurde, hinget dêrom benammen ôf fan harren posysje op dizze list en fan it tal foarkarsstimmen dat sy helje.

Foar dielname oan de ferkiezings yn kieskring Fryslân moat in partij 30 stipeferklearrings yntsjinje fan kiezers út de provinsje. Dêrneist spilet de kieskring in rol by de útfiering fan de ferkiezings. It haadstimburo yn Ljouwert stelt de útslach foar de kieskring fêst en jout dy troch oan de Kiesried. De útkomsten fan alle kieskringen wurde dêrnei lanlik gearfoege, wêrnei’t de sitten evenredich oer de partijen ferdield wurde.[2]

Bekende ferkeazen Friezen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fedde Schurer (hjir yn 1963) wenne op It Hearrenfean yn syn tiid as Keamerlid.

Der binne ferskate bekende Twadde Keamerleden dy't Fryslân troch de jierren hinne fertsjintwurdige hawwe:

Yn 2013 spriek Lutz Jacobi de eed ‘dat ûnthjit ik’ yn it Frysk út; in jier foardat dizze formulearring offisjeel rjochtsjildich waard.[3]

Dizze politisy waarden net keazen fia in regionale sit, mar fia lanlike listferkiezings. Ek al wennen se net altyd yn Fryslân; hja waarden en wurde lykwols faak sjoen as fertsjintwurdigers fan Fryske belangen binnen de lanlike polityk.

By de Jeropeeske ferkiezings binne Anja Haga (KristenUny) en Raquel García Hermida-van der Walle (D66) de twa lêst ferkeazen Friezen.

Skiednis binnen de Nederlânske steatsynrjochting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Foardat Fryslân ien kieskring waard, bestie it út ferskate lytsere kiesdistrikten.

Mearderheidsstelsel (1848–1917)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de grûnwetswiziging fan 1848 waard in mearderheidsstelsel mei kiesdistrikten ynfierd. It lân waard sa folle mooglik opdield yn gelikense kiesdistrikten, dêr’t yn elk distrikt ien Twadde Keamerlid keazen waarden mei in absolute mearderheid. Ek yn Fryslân bestiene ferskate distrikten. Sa waard Domela Nieuwenhuis yn 1888 ferkeazen yn kiesdistrikt Skoatterlân en Piter Jelles Troelstra yn 1897 yn kiesdistrikt Tytsjerksteradiel. De fertsjintwurdiging wie streekrjocht keppele oan it distrikt, wat in sterke regionale bân joech, mar ek late ta skeve evenredige fertsjintwurdiging.[4]

Oergong nei evenredige fertsjintwurdiging (fanôf 1917)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de grûnwetswiziging fan 1917 waard it mearderheidsstelsel ôfskaft. Sûnt de ferkiezings fan 1918 jildt yn Nederlân in systeem dat evenredige fertsjintwurdiging boppe regionale represintaasje stelt. Dêrmei ferlearen de kiesdistrikten harren direkte politike en fertsjintwurdigende funksje. Se waarden as wize fan kompromis ferfongen troch de mear administrative kieskringen. Sa ûntstie kieskring Fryslân as bestjoerlike ienheid foar de ferkiezingsproseduere. Dizze regio beslacht struktureel de hiele provinsje Fryslân en hat gjin feroarings yn grinzen kend.[1]

  1. 1 2 Kieskringen Tweede Kamerverkiezing en Europees Parlementsverkiezing | Kiesraad.nl
  2. ↑ Kieskringen | Kiesraad.nl
  3. ↑ PvdA-Keamerlid Jacobi leit eed yn it Frysk ôf | de Folkskrante
  4. ↑ Historische ontwikkeling kiesstelsels en kiesrecht | Parlement.com
Twadde Keamerferkiezings

1946nl · 1948nl · 1952nl · 1956nl · 1959nl · 1963nl · 1967nl · 1971nl · 1972nl · 1977nl · 1981nl · 1982nl · 1986nl · 1989nl · 1994nl · 1998nl · 2002nl · 2003nl · 2006nl · 2010nl · 2012nl · 2017nl · 2021nl · 2023nl · 2025nl

Provinsjale Steateferkiezings

1946 · 1950 · 1954 · 1958 · 1962 · 1966 · 1970 · 1974 · 1978 · 1982 · 1985 · 1987 · 1991 · 1995 · 1999 · 2003 · 2007 · 2011 · 2015 · 2019 · 2023 · 2027

Gemeenteriedsferkiezings

1946 · 1949 · 1953 · 1954 · 1958 · 1962 · 1966 · 1970 · 1974 · 1978 · 1982 · 1986 · 1990 · 1994 · 1998 · 1999 · 2002 · 2006 · 2010 · 2014 · 2018 · 2022 · 2026

· · Berjocht bewurkje