Halsknoarre

In halsknoarre[1] of kielflagge is in beweeglike hûdflap oan 'e kiel fan beskate soarten hagedissen dy't hearre ta de famylje fan 'e anolissen (Dactyloidae). Dy bisten kinne har halsknoarre yn- en útklappe, wat "flagjen" of mei in lienwurd út it Ingelsk "flashen" neamd wurdt.
Dit is in evolúsjonêre oanpassing dy't tsjinnet om te kommunisearjen mei soartgenoaten. It is ferlykber mei it knikken mei de kop en it swaaien mei de poaten dat in protte soarten agamen (Agamidae) dogge.
De bewegings fan 'e halsknoarre binne bedoeld om rivalen fan itselde geslacht ôf te skrikken en potinsjele pearingspartners fan it tsjinstelde geslacht oan te lûken. Bûten de peartiid om wurdt ek wol mei de halsknoarre flagge om konkurrinten dúdlik te meitsjen dat dit territoarium al beset is.
Guon bisten, lykas beskate fûgelsoarten en ek ferskillende kameleöns (Chamaeleonidae), kinne har kielhûd opblaze oant it in soarte fan ballon liket. Yn sokke gefallen sprekt men net fan in halsgnoarre, mar fan in kielpûde. In ûnbeweeglike hûdflap oan 'e kiel, sa't dy foarkomt by leguanen (Iguanidae) is ek gjin halsknoarre, mar in kielflap.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|