Springe nei ynhâld

Kevin Magnussen

Ut Wikipedy
Kevin Magnussen
Formule 1
Kevin Magnussen (2016)
Kevin Magnussen (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKevin Jan Magnussen
nasjonaliteit  Deensk
bertedatum5 oktober 1992
berteplakRoskilde
Formule 1 karriêre
jieren aktyf2014 -
autonûmmer20
TeamsMcLaren (2014–2015),
Renault (2016),
Haas (2017–2020), (2022-No)
Tal races142 (141 starts)
Tal poadia1
tal Polepositions1
offisjele webside
kevinmagnussen.com

Kevin Jan Magnussen (Roskilde,5 oktober 1992) is in Deensk autokoereur.

Magnussen makke yn 2014 syn Formule 1-debút foar it team fan McLaren by de Grutte Priis fan Austraalje. Yn 2014 behelle Kevin daalks yn syn earste race syn iennichste poadiumplak yn de Formule 1 by de Grutte Priis fan Austraalje. Hy belibbe fierder in reedlik debútseizoen en einige op it alfde plak yn it kampioenskip. Dit wie foar him lykwols net genôch om ek yn 2015 foar McLaren te riden. Op 11 desimber 2014 waard bekend dat Fernando Alonso syn plak ynnaam en Magnussen test- en reservekoereur waard by it team. Alonso crashte foarôfgeand oan it seizoen by in testsesje op it sirkwy fan Barcelona en mocht op doktersadvys net starte yn de earste race yn Australië, wêrtroch 't Magnussen him ferfange mocht. Yn 2016 makke Magnussen syn rentree yn de Formule 1 doe't hy Pastor Maldonado ferfong by it Renault team. Yn 2017 waard Magnussen by Renault alwer ferfongen troch Nico Hülkenberg. Doe gie er nei it team fan Haas, om Esteban Gutiérrez te ferfangen. Yn 2020 waard Magnussen oan 'e kant setten troch syn team mar koe yn 2022 dochs wer weromkomme yn de Formule 1.

Oersjoch Formule 1-karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
2014 2015 2016 2017 2018 2019 2020 2022 2023 Totaal
Oantal races191212021211722142 (141 starts)
Oantal oerwinningen000000000
Oantal pole-posysjes000000011
Oantal fluchste omgongen000011002
Oantal Poadiumplakken100000001
Oantal WK-punten5507195620125183
Einstân WK11016149162013

* Seizoen noch dwaande.