Kether Donohue

Ut Wikipedy
Kether Donohue
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kether Donohue
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 augustus 1985
berteplak New York (New York)
etnisiteit Iersk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
www.ketherdonohue.com

Kether Donohue (New York, 22 augustus 1985) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en stimaktrise fan Iersk etnysk komôf. Hja hat ek wol wurke ûnder de artystenammen Annice Moriarty en Kether Fernandez. Donohue is it bekendst fan har ferskate optredens as stimaktrise yn tekenfilms en fan har rol yn 'e komeedzjerige You're the Worst, dy't yn Nederlân útstjoerd wurdt troch Comedy Central.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Donohue is hikke en tein yn New York, dêr't se yn 1985 berne waard. Hja folge in aktearoplieding oan it Anthony Meindl Acting Center.

As tiner wurke se fanôf 1998 al as stimaktrise, wêrby't se it bekendst waard yn 'e rol fan 'e temperamintfolle divaeske Lily yn 'e tekenfilmrige Kappa Mikey, as Angela Rains yn 'e searje Yu-Gi-Oh! 5D's, en as Zoe en Chomp yn Dinosaur King.

Letter spile se yn ferskate films, wêrûnder Boy Wonder (2010), The Bay (2012) en Pitch Perfect (2012). Op 'e tillefyzje wie Donohue û.m. te sjen yn gastrollen yn 'e searjes Hope & Faith en Royal Pains. Fierders wurke hja mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Coder Girl, fan sjonger Dale Chase.

Sûnt 2014 fertolket se de rol fan Lindsay Jillian yn 'e komeedzjesearje You're the Worst (dy't yn Nederlân útstjoerd wurdt troch Comedy Central). Dêrmei krige Donohue foar it earst ek om utens bekendheid.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.