Kerguelen
| Kerguelen | ||
| geografy | ||
| lokaasje | Yndyske Oseaan | |
| lân | ||
| oerseesk terr. | ||
| koördinaten | 49°20'S 69°20'E | |
| algemien | ||
| haadstêd | Port-aux-Français | |
| sifers | ||
| oerflak | 7215 km² | |
| heechste punt | Mont Rosse (1850 m) | |
| kaart | ||
De Kergueleneilannen (Frânsk: Îles Kerguelen; útspraak: [kəʁˈɡeːlən] of [ˈkɜːʁɡələn], likernôch: "kuch-gee-lun" of "kêch-gul-lun") foarmje in fulkanyske arsjipel yn it suden fan 'e Yndyske Oseaan. De eilannen meitsje diel út fan 'e Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen, in oerseesk territoarium fan Frankryk. De arsjipel beslacht 7.215 km² en wurdt yn haadsaak befolke troch wittenskippers.
It haadeilân is La Grande Terrem, dat earder bekend stie as Désolation en dat omfieme wurdt troch likernôch 300 lytsere eilannen. De groep makket diel út fan 'e Frânske Súdlike Gebieten (Frânsk: Terres australes et antarctiques françaises). De eilannen foarmje, tegearre mei de Australyske Heard en de McDonaldeilannen, de toppen fan it foar in grut part ûnder wetter lizzende Kerguelenplato. Dat is in minikontinent fan likernôch in tredde fan Austraalje dat tweintich miljoen jier lyn ûnder wetter ûntstie.

Op 'e eilannen binne oerbliuwsels fan ferstiend bosk fûn, dat fan njoggentich miljoen jier lyn datearret. It heechste punt fan 'e Kerguelen is de Mont Ross (1.850 m) yn it Galliéni-massyf.
De Kergueleneilannen ha in seeklimaat. Temperatueren fariearje it hiele jier troch net in soad mei in gemiddelde fan 4,5 °C. Der is oerfloedich en faak delslach, mei sawol rein as snie it hiele jier troch. Der stiet hast altiten in stûfe westlike wyn.
Op it haadeilân libje lytse iishinnen, pinguïns, albatrossen en seeoaljefanten, mar ek ferwyldere katten, dy 't it neiteam foarmje fan skipskatten, en yn 1954 yntrodusearre rindieren. Fanwegen de konstante wyn binne der gjin fleanende ynsekten op it eilân.
Eartiids brûkten walfiskfarders Kerguelenkoal, dy't op 'e eilannen groeit, tsjin skuorbot.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1772 - Yves Joseph de Kerguelen de Trémarec ûntdekt de Kerguelen.
- 1776 - De skippen 'Resolution' en 'Discovery' fan kaptein James Cook bringe in besite oan 'e arsjipel.
- 1799 - De earste walfiskfarder komt oan.
- 1874 - Ferskate wittenskiplike ekspedysjes fine plak foar astronomyske mjittingen.
- 1877 - In Britsk bedriuw begjint koal te winnen. Fanwegen de minne kwaliteit mislearret it projekt.
- 1893 - DE eilannen wurde troch Frankryk anneksearre.
- 1908-1929 - De 'Compagnie des Iles Kerguelen' wurdt stifte as stasjon foar walfiskfarders.
- 1940-1945 - Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie der in lytse Dútske marinebasis. De Dútske skippen 'Komet' en 'Pinguin' besochten it haadeilân.
- 1940 - De Dútske helpkruser Atlantis leit op it haadeilân oan.
- 1949 - Sûnt 1949 hat de 'Port-aux-Français' in permanint wittenskiplik stasjon.
Eilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De arsjipel hat likernôch 300 eilannen (mei in soad lytsere eilannen). Grande Terre is it grutste eilân.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vallée de Larmor.
- Kliffen.
- Pinguins.
- Mont Ross.
- Sniebuien boppe de eilannen.
- Koloanje seeoaljefanten.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kerguelen fan Wikimedia Commons. |