Springe nei ynhâld

Kerala

Ut Wikipedy
Kerala
Dielsteat fan Yndia
De wetterwegen fan Kerala
De wetterwegen fan Kerala
Symboalen

Algemien
LânYndia
HaadstêdTrivandrum
Grutste stêdKochi
Distrikten14
Befolking
Ynwennertal33.406.061 (2011)[1]
Befolkingsticht.860 ynw./km²
TalenMalajalam
ReligyHindoeïsme 54,7%
Islam 26,7%
Kristendom 18,4%
Geografy
Oerflak38.863 km²
Heechste punt0 - 2.695 m
Oar
Stifting1 nov. 1956
ISO 3166-2IN-KL
TiidsôneIST (UTC+5:30)
Offisjele webside
kerala.gov.in
Kaart
De wetterwegen fan Kerala
Lokaasje fan Kerala yn Yndia

Kerala is in dielsteat yn it súdwesten fan Yndia oan 'e Malabarkust. De steat is ferneamd om syn tropyske lânskip, eksoatyske krûden en hat neffens de lannelike standert in hiel hege graad fan sosjale ûntwikkeling. Kerala hie yn 2018 de heechste Minsklike Untwikkelingsyndeks (HDI) fan Yndia (0,784 yn 2018). De namme is ôflaat fan Kera (kokosnoatbeam) en Alam (lân) en betsjut lân fan 'e kokosnoatbeammen.

De Anamudi.

Kerala wurdt yn it westen begrinzge troch de Arabyske See en yn it easten troch de hege bergen fan 'e West-Ghats. It lânskip bestiet út trije sônes: de kuststreek mei in netwurk fan kanalen en marren, de sintrale heuvels mei lânbou en de hege bergen yn it easten mei tichte bosken en teeplantaazjes.

It klimaat is tropysk en stiet ûnder ynfloed fan 'e súdwestlike moesson, dy't fan juny ôf foar oerfloedige reinfal soarget. De heechste berch fan Súd-Yndia, de Anamudi (2.695 m), leit yn Kerala.

De skiednis fan Kerala is fan âlds ferbûn mei de hannel yn krûden, benammen swarte piper. Al yn 'e klassike âldheid hie de kust kontakten mei de Romeinen, Arabieren en Sinezen. Neffens de tradysje kaam de apostel Tomas yn it jier 52 n.Kr. nei Kerala, wat it begjin wie fan ien fan 'e âldste kristlike mienskippen fan 'e wrâld.

Yn 1498 kaam de Portegeeske ûntdekkingsreizger Vasco da Gama oan by de kust fan Calicut, dat hjoed-de-dei Kozhikode hjit. Dit wie it begjin fan 'e Europeeske ynfloed yn Yndia.

Mattancherry Palace.

Yn 'e 17e iuw krige de Feriene Eastindyske Kompanjy (FEK) foet oan wâl yn Kerala. Hja ferdreaune de Portegezen en krigen it monopoalje op 'e hannel yn piper en kaniel. De Nederlanners bouden ferskate forten, wêrfan de stêd Kochi (eartiids Cochin) it sintrum waard. It ferneamde Bolgatty Palace en it Mattancherry Palace (ek wol it Dutch Palace neamd) binne hjoed-de-dei noch altyd oantinkens oan dy tiid. Doe't de machtige kening fan Travancore, Marthanda Varma, de hannel yn eigen hannen hâlde woe kaam er yn konflikt mei de Nederlanners. Ta fernuvering fan 'e wrâld waarden de Nederlanners yn 1741 ferslein troch it leger fan Varma. Dat betsjutte it begjin fan 'e ein fan 'e Nederlânske macht yn Yndia. It wie foar it earst dat in Aziatyske macht in Europeeske float yn in grutte seeslach fersloech. Letter soene de Britten de hannel yn krûden behearskje.

De moderne dielsteat Kerala waard yn 1956 foarme troch it gearfoegjen fan 'e regio's fan 'e eardere foarstedommen Travancore en Cochin en de Britske provinsje Malabar.

Befolking en Sosjaal Model

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grut part fan 'e ynwenners wennet yn in hast trochgeande stedske gurdle fan bebouwing oan 'e kust. Opfallend is de hege wolstân fan 'e steat, dy't foar in grut part ymportearre is. In opfallend skaaimerk fan 'e steat is nammentlik de grutte emigraasje: miljoenen Keraliten wurkje yn 'e Golfsteaten, en it jild dat hja nei hûs stjoere is in wichtige pylder fan 'e ekonomy.

Befolkingsûntwikkeling (1951–2011)
Jier19511961197119811991
Ynwennertal 13.549.11816.903.71521.347.37525.453.68029.098.518
Jier20012011
Ynwennertal 31.841.37433.406.061

Kerala wurdt tradisjoneel skaaimerke troch in stabile religieuze gearstalling, wêrby't de ferskate mienskippen in grutte graad fan sosjale gearhing fertoane. Dizze ynteraksje is djip yn 'e kultuer ferankere en komt ûnder oare ta útdrukking yn it mienskiplik fieren fan kulturele en religieuze feesten.

Dochs is der de lêste desennia in taname fan maatskiplike polarisaasje te sjen. Oan 'e iene kant is der in groei fan strangere en radikalere streamingen binnen de islamityske mienskip, foar in part ûnder ynfloed fan ideologyske en finansjele bannen mei it Midden-Easten. Oan 'e oare kant hat it hindoenationalisme, fertsjintwurdige troch organisaasjes lykas de Rashtriya Swayamsevak Sangh (RSS) en de Bharatiya Janata Party (BJP), syn oanwêzigens yn 'e steat fersterke. Dizze politike ferskowings soargje regelmjittich foar spanningen en debat oer de takomst fan it Keralityske pluralisme.

Religy yn Kerala
Religy% (2001)% (2011)Ferskil (%)
Hindoeïsme56,2%54,7%-1,5%
Islam24,7%26,7%+2,0%
Kristendom19,0%18,4%-0,6%
Oars / net neamd0,1%0,2%+0,1%
Tsjerke yn 'e West-Ghats.

De delgong fan it hindoeïsme en kristendom komt foar in grut part troch de legere bertesifers yn dy mienskippen en de hege graad fan emigraasje nei it bûtenlân. Benammen kristenen emigrearje nei it bûtenlân, mar net út earmoede. In grut part fan 'e kristenen is heechoplaat (dokters, ferpleechkundigen, yngenieurs) en de lokale ekonomy fan Kerala kin net wurk biede op dat nivo en mei de salarissen dy't dêrby hearre.

De kultuer fan Kerala is fan Dravidyske oarsprong mei sterke ynfloeden fan 'e hannelskontakten. De ynfloed fan 'e Arabieren is werom te finen yn 'e Mappila-kultuer fan Noard-Kerala. Yn Kochi binne de âldste synagoge fan it Mienebest en tsjerken mei in Portegeeske en Nederlânske ynfloed te sjen.

Kathakali-dûns.

It Kathakali is in wrâldferneamde foarm fan dûnsdrama mei kleurrike kostúms en komplekse gesichtsskilderingen. In wyld ritueel dat yn 'e regio Noard-Malabar beoefene wurdt is it Theyyam. In typyske fjochtsport út de regio is it Kalaripayattu. Kerela is ek it sintrum fan Ayurveda, de tradisjonele Yndiaaske medisynlear.

Ien fan 'e dielnimmende boaten oan 'e races op 'e Punnamada-mar.

Fan july oant septimber wurde de ferneamde Snake Boat Races holden op 'e kanalen fan Kerala. De boaten binne lange, somtiden wol 30 oant 35 meter en de efterkant fan 'e boat stekt meters omheech en liket op 'e kop fan in lilke kobra, dêrfandinne de Ingelske namme "Snake Boat". Ien boat kin wol 100 oant 150 roeiers ha. De meast ferneamde race wurdt op 'e Punnamada-mar by Alappuzha holden.

Kerala is ferdeeld yn 14 distrikten. De polityk yn Kerala wurdt karakterisearre troch in wikseljende macht tusken twa grutte koalysjes: de Left Democratic Front (LDF, ûnder lieding fan 'e Kommunistyske Partij) en de United Democratic Front (UDF, ûnder lieding fan 'e Kongrespartij).

DistriktHaadplakLokaasjeInw. (2011)Oerflak (km²)
AlappuzhaAlappuzha
2.127.7891.414
ErnakulamKochi
3.282.3883.068
IdukkiPainavu
1.108.9744.358
KannurKannur
2.523.0032.966
KasaragodKasaragod
1.307.3751.992
KollamKollam
2.635.3752.491
KottayamKottayam
1.974.5512.208
KozhikodeKozhikode
3.086.2932.344
MalappuramMalappuram
4.112.9203.550
PalakkadPalakkad
2.809.9344.480
PathanamthittaPathanamthitta
1.197.4122.637
TrivandrumTrivandrum
3.301.4272.192
ThrissurThrissur
3.121.2003.032
WayanadKalpetta
817.4202.131
  • Malappuram is it distrikt mei de grutste befolking en it hert fan 'e moslimmienskip yn Kerala.
  • Idukki en Wayanad binne de bercheftige distrikten yn 'e West-Ghats; hja hawwe de leechste befolkingstichtens en binne ferneamd om harren natoer en teeplantaazjes.
  • Ernakulam is it ekonomyske hert fan 'e steat, mei de havenstêd Kochi as middelpunt.

De natoer fan Kerala wurdt behearske troch de West-Ghats yn it easten en de Arabyske See yn it westen. De steat hat in rike biodiversiteit. Bekende bistesoarten binne de Aziatyske oaljefant en de seldsume Nilgiri Tahr. It lânskip fariearret fan tropyske reinwâlden yn 'e bergen oant de útwreide wetterwegen en kokosnoatbosken oan 'e kust.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dielsteaten en unyterritoaria fan Yndia
Dielsteaten

Andhra Pradesh · Arunachal Pradesh · Assam · Bihar · Chhattisgarh · Goä · Gûdjarat · Haryana · Himachal Pradesh · Jharkhand · Karnataka · Kerala · Madhya Pradesh · Maharashtra · Manipoer · Meghalaya · Mizoram · Nagalân · Orissa · Pûndjaab · Radjastan · Sikkim · Tamil Nadu · Telangana · Tripoera · Uttar Pradesh · Uttarakhand · West-Bingalen

Unyterritoaria

Andamanen en Nikobaren · Chandigarh · Dadra en Nagar Haveli en Daman en Diu · Delhi (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) · Jammu en Kasjmier · Ladakh · Lakshadweep · Pondicherry

· · Berjocht bewurkje