Keppel

In keppel is in sosjale groep fan mienskiplik libjende organismen. Dizze oantsjutting wurdt eins inkeld brûkt foar sûchdieren, en dan noch spesifyk foar middelgrutte of grutte herbivoare sûchdieren. Sa sprekt men fan in keppel skiep, in keppel kij of in keppel oaljefanten, mar in kloft (herbivoare, mar lytse) grûniikhoarntsjes of prêrjehûnen wurdt in koloanje neamd, en in kloft (middelgrutte, mar karnivoare) wolven hjit in ridel.
It foardiel fan it diel útmeitsjen fan in keppel is foar herbivoaren dat ien of inkelen har om-en-by yn it each hâlde kinne, wylst de mearderheid mei in gerêst hert weidzje kin. Foar rôfdieren is it dreger om in keppel oan te fallen as in solitêr bist. En as it rôfdieren dochs slagget om in lid fan 'e keppel te gripen, dan kinne de oare leden fan 'e keppel ûntkomme wylst dy inkeling ferslynd wurdt.

Yn dat ljocht is in keppelbist foar de dea opskreaun as it it kontakt mei de rest fan 'e keppel ferliest. De strategy fan rôfdieren is der dêrom ek faak op rjochte om ien inkeld lid fan 'e keppel, by foarkar in jong, âld of troch sykte of ferwûnings ferswakke bist, fan 'e keppel te isolearjen. Dat dogge se troch harsels tusken dat yndividu en de keppel yn te pleatsen.
Binnen in keppel bestiet der in rangoarder mei ien dúdlike lieder. Ofhinklik fan 'e soarte kin dat in mantsje wêze, lykas by in keppel harten, of in wyfke, lykas by in keppel oaljefanten. Jonge bisten steane ornaris ûnderoan de rangoarder. Dat wol lykwols net sizze dat se troch de heger pleatste leden mar oan har lot oerlitten wurde. Bygelyks by muskusoksen, mar ek by oaljefanten, wurde de jongen krekt yn 'e midden fan 'e keppel pleatst, wylst de sterkere folwoeksen bisten, dy't heger yn 'e rangoarder steane, har as bewekkers oan 'e râne fan 'e keppel posysjonearje.
It hâlden fan keppels fee wie in wichtige stap yn 'e histoaryske ûntwikkeling fan 'e minskheid. Ynstee fan op wylde bisten jeie te moatten foar it fleis, waard it dêrtroch mooglik om it fleis deunby te hâlden. Wol moasten dêrfoar de feekeppels tsjin rôfdieren beskerme wurde. It hoedzjen fan fee yn keppels is ûnderdiel fan 'e domestisearring fan bisten troch de minske.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
