Keninkryk Tahity
| Keninkryk Tahity Basileia no Tahiti (Tahitiaansk) Royaume de Tahiti (Frânsk) | |
|---|---|
| 1790 – 1880 | |
| flagge | wapen |
(1790-1843) (1843-1880) |
(1790-1880) |
| geografyske lokaasje | |
| polityk | |
| haadstêd | Papeete (fan 1847 ôf) |
| offisjele taal | Tahitiaansk (1790-1880) Frânsk (1843-1880) |
| steatsfoarm | absolute monargy |
| ûntstien út | Tahitiaanske haadman- skippen |
| opgien yn | |
| no diel fan | |
| sifers | |
| ynwennertal | 35.000 (1769) 6.000 (1854) |
| befolkingstichtens | 29,5 / km² (1769) 5,1 / km² (1854) |
| oerflak | 1.186 km² |
| bykommende ynformaasje | |
| muntienheid | oarspr. gjint (ruilekonomy) ±1800-1843: Britske pûn 1843-1880: Frânske frank |
It Keninkryk Tahity (Tahitiaansk: Basileia no Tahiti; Frânsk: Royaume de Tahiti) wie in ûnôfhinklik keninkryk yn 'e Stille Súdsee mei as sintrum it eilân Tahity. It waard yn of omtrint 1790 stifte troch kening Pōmare I en stie fan 1803 oant 1843 ûnder sterke Britske ynfloed. Yn dat lêste jier fêstige Frankryk lykwols in protektoraat oer it Keninkryk Tahity, en kaam it lân binnen de Frânske ynfloedssfear te lizzen. Yn namme bleau Tahity dêrnei noch krapoan fjirtich jier in ûnôfhinklik lân, mar yn 'e praktyk wie it doe al in Frânske koloanje. Yn 1880 die Pōmare V, de lêste kening fan Tahity, ôfstân fan 'e troan en fermakke er syn keninkryk oan Frankryk, sadat it ek formeel ferwaard ta in Frânske koloanje. Tsjintwurdich makket it grûngebiet fan it Keninkryk Tahity diel út fan Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Keninkryk Tahity lei yn Polyneezje, rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de evener, en omfette de eilannen Tahity, Mo‘orea, Teti‘aroa en Meheti‘a út 'e Boppewynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen. Dy hiene mei-inoar in oerflak fan 1.186 km². Letter makken de keningen fan Tahity ek oanspraak op 'e Tûamotû-eilannen, nei it noardeasten ta, en op 'e Australeilannen, nei it suden ta. Mar, útsein op it hichtepunt fan harren macht, om 1820 hinne, hiene se dêr yn 'e praktyk net folle te sizzen.

Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stifting fan it keninkryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Tahity yn 1767 foar it earst troch Jeropeänen besocht waard, wie it eilân ferdield yn gebieten dy't elts behearske waarden troch ien clan, oanfierd troch in haadman. De earste tweintich jier wegeren de ûnderskate Jeropeeske besikers fan Tahity om harsels te beheljen yn 'e ûnderlinge konflikten tusken de clans. Mar in stikmannich opstannige bemanningsleden fan 'e HMS Bounty, dy't har yn 1789 op Tahity fêstigen, giene as hierlingen yn 'e tsjinst by ien fan 'e meast ambisjeuze haadlju, de ari‘i rahi Tū-nui-e-a‘ai-i-te-Atua fan Pīra‘e-Arue. Se holpen him mei harren moderne wapens en risten dêr ek syn krigers mei ta. Dêrtroch wist Tū as gâns yn macht en ynfloed oan te winnen.
Yn of omtrint 1790 rôp Tū himsels út ta kening fan Tahity en naam dêrby de nije namme Pōmare oan. Dat soe in earbetoan west hawwe oan syn âldste dochter Teri‘inavahoroa, dy't ferstoarn wie oan tuberkuloaze. Dy sykte liet har in protte hoastje (mare), yn 't bysûnder nachts (pō). Tū waard sadwaande Pōmare I, de stifter fan 'e Pōmare-dynasty en de earste hearsker oer it Keninkryk Tahity. Tsjin 1791, doe't er syn macht oer Tahity fierhinne konsolidearre hie, rjochte Pōmare I syn blik op 'e buoreilannen en begûn er syn hearskippij út te wreidzjen oer Mo‘orea en de oare Boppewynske Eilannen.
Under Britske ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pōmare I kaam yn 1803 kaam te ferstjerren. Hy waard opfolge troch syn soan Vaira‘atoa, dy't de keningsnamme Pōmare II oannaam. Dyselde wie al foar syn troansbestiging ûnder de ynfloed kommen fan 'e Britske kalvinistyske sindelingen fan it Londensk Misjonêr Genoatskip (LMS), dy't har yn 1797 op Tahity fêstige hiene. Pōmare II fielde út himsels al de oanstriid om syn macht as kening fierder út te wreidzjen, en de sindelingen moedigen dat oan, om't se mei gragens ien sintrale autoriteit hawwe woene dêr't se mei omgean koene. Doe't Pōmare II yn 1812 troch rebûlje op Tahity tydlik de wyk nimme moast nei it buoreilân Mo‘orea, socht er yn dy snuorje fan politike swakte noch mear de stipe fan 'e sindelingen en liet er him troch harren dope. Fan dat punt ôf bekearden de Tahitianen har massaal ta it protestantisme.
Omtrint 1810 troude Pōmare II mei twa susters, Teremo‘emo‘e en Teri‘itaria, de dochters fan 'e hege haadman fan it eilân Rai‘ātea yn 'e Underwynske Eilannen. Troch dat bûnsgenoatskip slagge it him op 12 novimber 1815 om yn 'e Slach by Fe‘i Pī (ek bekend as Puna‘auia) syn lêste wichtige politike rivaal op Tahity, haadman Opuhara fan 'e Teva-clan, beslissend te ferslaan. It keningskip oer hiel Tahity, dat syn heit inkeld yn namme yn 'e hannen hân hie, koe Pōmare II fan dat stuit ôf ek yn wurklikheid útoefenje. It selsstannich bestjoer troch de aristokrasy fan 'e clans waard no ferfongen troch in absolute monargy.

Tanksij de stipe dy't de sindelingen fan it LMS fan Pōmare II krigen, koe harren foarm fan it kristendom him doe oer it hiele eilân ferspriede. Hiel gau begûn it mei de animistyske natoerreligy dy't de oarspronklike godstsjinst fan Tahity wie, yn it neigean te reitsjen. Fan 1817 ôf waard it Nije Testamint oerset yn it Tahitiaansk. Der waarden religieuze skoallen oprjochte om dêr it kristendom te ûnderrjochtsjen. Dêrta oanfitere troch de sindelingen yntrodusearre Pōmare II yn 1819 it earste wetboek op Tahity, besteande út njoggentjin ûnderskate wetten. Dy hiene sterk te krijen mei it útbannen fan wat de sindelingen seagen as heidenske wizânsjes. Sa kaam der in ferbod op neakenens: Tahitianen moasten tenei klean drage dy't it hiele lichem bedieken. Ek waard it near lein op dûnsjen, sjongen, it oanbringen en oanbringe litten fan tatoeaazjes, en it dragen fan kostúms dy't makke wiene fan blommen. Tsjin 'e midden fan 'e 1820-er jierren wie de hiele befolking fan it eilân kerstene.
Ferswakking fan 'e Pōmare-dynasty
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Pōmare II kaam yn 1821 te ferstjerren, doe't er noch mar 38 of 39 jier wie. Syn soan en erfgenamt Pōmare III wie doe noch mar in poppe fan oardel jier, dat mei stipe fan it Keninklik Hûs en de sindelingen waard der in regintskipsried ynsteld, besteande út 'e keninginne-mem Teremo‘emo‘e, har suster Teri‘itaria II, dy't ûnderwilens keninginne fan Huahine wurden wie, en fiif haadlju fan 'e wichtichste clans fan Tahity. It jonkje waard op 2 maaie 1824 formeel op 'e troan brocht by in troch de sindelingen beävensearre kroaningsseremoanje dy't op Tahity sûnder presedint wie.

De haadlju fan 'e clans makken gebrûk fan 'e ferswakke posysje fan 'e Pōmare-dynasty troch ûnder it regintskip in diel fan it foech werom te winnen dat Pōmare II himsels ta-eigene hie. Foar harrensels namen se tenei de erflike titel fan tavana yn gebrûk, in Tahitiaansk wurd dat nei it Ingelsk oerset waard as "gûverneur". Ek de sindelingen makken gebrûk fan 'e ferswakking fan it keningshûs om dingen oan 'e steatsynrjochting fan it Keninkryk Tahity te feroarjen dy't harren net sinnigen. Ien fan dy dingen wie it absolutisme wêrmei't Pōmare II regearre hie. Om 'e Tahitiaanske monargy tichter by harren ideaal fan in konstitúsjonele monargy nei Britsk foarbyld te bringen, bewurkmasteren se de oprjochting fan 'e Tahitiaanske Wetjaande Gearkomste, it earste parlemint út 'e skiednis fan eilân, dat syn earste sitting hold op 23 febrewaris 1824.
Begjin 1827 kaam de doe seisjierrige Pōmare III hommels te ferstjerren. It wie sadwaande ‘Aimata, syn trettjinjierrige healsuster, dy't op 11 jannewaris 1827 ûnder de namme fan Pōmare IV op 'e troan kaam. De sindeling George Pritchard, de waarnimmende Britske konsul, waard har neiste riedshear en die war om it opslûpen fanke te ynteressearjen foar it útoefenjen fan it regear. Mar de macht fan Pōmare IV, dy't beslist minder garismatysk wie as har heit, waard oanfochten troch de haadlju en by einsluten waard it keninklik gesach werombrocht ta eat dat mear symboalysk as reëel wie. De protestantske keninginne, dy't in anglofyl wie, besocht allegeduerigen mar om 'e nocht de beskerming fan it Feriene Keninkryk te krijen foar sawol binnenlânske as bûtenlânske drigings.
Frânsk protektoraat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1834, doe't it protestantisme al stevich yn 'e Tahitiaanske maatskippij ferankere wie, arrivearren der twa Frânske roomske misjonarissen op it eilân. It wiene Honoré Laval en François Caret, dy't earder aktyf west hiene yn 'e Tûamotû-eilannen en de Gambiereilannen. Dy beiden fûnen de Tahitianen net botte ree om nei harren ferzje fan it Bliid Boadskip te harkjen, en al rillegau ûntstie der deilisskip mei de Britske sindelingen. Op advys fan Pritchard liet Pōmare IV de beide misjonarissen yn 1836 it lân útsette. Dêr helle se har lykwols de grime fan Frankryk mei op 'e hals. Dat lân stjoerde om ferhaal te heljen in lytse float mei in kanonnearboat ûnder befel fan admiraal Abel Aubert du Petit-Thouars, dy't yn 1838 oankaam. Syn opdracht wie om te soargjen dat der formele ûntskuldigings kamen, ynklusyf reparaasjebetellings. Tahity wie fansels net yn 'e posysje om dat te wegerjen en it op in oarloch mei Frankryk oankomme te litten, dat Pōmare IV moast ynbine.

Yn 1842 rekke it mei de diplomatike betrekkings tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk yn it neigean troch in skeel oangeande Marokko. Dat hie as gefolch dat de Frânsen har net mear twongen fielden om har yn te hâlden oangeande Tahity, ek al makke dat eilân dúdlik diel út fan 'e Britske ynfloedssfear. Yn augustus fan dat jier kearde Petit-Thouars, dy't ûnderwilens foar Frankryk de Markesaseilannen kolonisearre hie, werom nei Tahity. Dêr papke er oan mei haadlju dy't fijannich foar de Pōmare-dynasty oer stiene en wol earen hiene nei in Frânsk protektoraat oer it eilân. Petit-Thouars liet harren in fersyk om beskerming ûndertekenje, dêr't er mei nei de keninginne gie om te easkjen dat se in ferdrach ratifisearje soe dat fan har keninkryk in Frânsk protektoraat meitsje soe. De tekst fan it ferdrach hie Frankryk noch net iens berikt doe't de Frânsman Jacques-Antoine Moerenhout yn 'e funksje fan keninklik kommissaris beneamd waard. Neffens it ferdrach erkende Frankryk de soevereiniteit fan it Keninkryk Tahity. Keninginne Pōmare IV bleau ferantwurdlik foar de ynterne oangelegenheden fan har lân, wylst de diplomatike relaasjes mei oare lannen fia Frankryk rinne soene, dat ek foar de ferdigening fan Tahity noed stean en de iepenbiere oarder op it eilân hanthavenje soe. Yn 'e praktyk kaam de sitewaasje der lykwols op del dat Tahity in Frânske koloanje waard, dêr't de keninginne en har regear inkeld noch dulde waarden en gjin selsstannige besluten mear nimme koene.

Fuort nei't it Frânske protektoraat oer Tahity ôfkundige waard, begûn op it eilân in machtsstriid tusken de al oanwêzige Britske protestantske sindelingen en nij arrivearre Frânske roomske misjonarissen. Nettsjinsteande it Frânske bestjoer slagge it de Britske sindelingen, troch harren kennis fan 'e Tahitiaanske maatskippij en taal, om in oansjenlike ynfloed op it eilân te behâlden. George Pritchard hie op it stuit fan 'e Frânske machtsgreep ôfwêzich west, mar hy kearde neitiid werom om op Tahity lieding te jaan oan it yndoktrinearjen fan 'e befolking tsjin 'e learstikken fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Yn 1843 helle Pritchard de keninginne oer om 'e flagge fan Tahity te hysjen (fjouwer horizontalen banen read-wyt-wyt-read) yn it plak fan 'e flagge fan it protektoraat (deselde kleuren, mar dan mei de Frânske tricouleur yn it kanton, de lofterboppehoeke). By wize fan represaille kundige admiraal Petit-Thouars dêrop de anneksaasje troch Frankryk fan it Keninkryk Tahity ôf. Hy stelde Armand Joseph Bruat oan as koloniaal gûverneur, ferballe Pōmare IV nei de Underwynske Eilannen en smiet Pritchard yn it tichthûs om letter as persona non grata nei Ingelân deportearre te wurden. Doe't it nijs fan 'e anneksaasje begjin 1844 Jeropa berikte, hie kening Loadewyk-Filips fan Frankryk gjin goed wurd oer foar de gong fan saken en woed er dat de anneksaasje weromdraaid waard.
De ein fan it keninkryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underwilens briek op Tahity yn maart 1844, nei in perioade fan skermutselings, de Frânsk-Tahitiaanske Oarloch út. Dy einige yn desimber 1846 yn in Frânske oerwinning. De keninginne waard yn 1847 weromhelle út ballingskip om yn namme it regear oer har keninkryk wer op te nimmen. In betingst dêrfoar wie wol dat hja ynstimme soe mei in nij ferdrach, dat har eigen foech slim beheinde en dat fan 'e Frânske keninklik kommissaris flink útwreide. Hoewol't de formele anneksaasje dus ûngedien makke waard, wie it der foar de Tahitianen allinnich mar minder op wurden en kaam it bestjoer oer it keninkryk noch fêster yn Frânske hannen. Yn 1863 slagge it de Frânsen ek om einlings fan 'e Britske ynfloed ôf te kommen, troch de sindelingen fan it Londensk Misjonêr Genoatskip te ferfangen troch guons fan 'e protestantske Société des Missions Évangéliques de Paris ("Genoatskip foar Evangelyske Sinding fan Parys").

Yn 1877 kaam keninginne Pōmare IV te ferstjerren, nei't hja fyftich en in heal jier oer Tahity regearre hie. Hja waard opfolge troch har soan as Pōmare V. De nije kening hie net folle op mei de besonjes fan syn funksje. Yn 1880, doe't keninklik kommissaris Henri Isidore Chessé, stipe troch de Tahitiaanske haadlju, him oantrune om te abdisearjen en syn keninkryk oan Frankryk oer te dragen, gied er akkoart. Op 29 juny 1880 skonk Pōmare V Tahity en de oanbuorjende eilannen formeel oan Frankryk. De kening loek him werom om oant syn dea yn 1891 op kosten fan 'e Frânske steat te libjen, wylst syn eardere keninkryk in Frânske koloanje waard dy't opgie yn 'e Établissemants de l'Océanie (de "Oseänyske Fêstigings").
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Keninkryk Tahity wie in absolute monargy ûnder it bewâld fan in autokratysk kening. De keningen fan Tahity wiene:
Ynfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pōmare-dynasty liet in ûnútwiskbere yndruk efter op 'e kultueren fan Tahity en de omlizzende eilannen. Op it hichtepunt fan harren macht slagge it de Pōmares om effektyf te regearjen oer in ryk dat mear as 3 miljoen km² oan iepen see besloech. Hja ûnderholden diplomatike relaasjes mei oare Polynezyske steaten fan 'e Cookeilannen oant Peaske-eilân.

Hjoeddeistige status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich makket it grûngebiet fan it eardere Keninkryk Tahity diel út fan Frânsk-Polyneezje, dat in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk is.
Yn febrewaris 2009 bewearde Tauatomo Mairau dat hy de erfgenamt fan 'e troan fan Tahity wie. Hy spande in rjochtsaak oan tsjin 'e Frânske steat en easke dat syn keninkryk oan him weromjûn wurde soe. De rjochter wiisde syn easken ôf. Yn 2010 rôp deselde man himsels út ta prins Mairau fan Tahiti. Hy begûn in nije rjochtsaak tsjin 'e Frânske steat, oer de lânerijen fan 'e Pōmare-dynasty dêr't troch Frankryk nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch in hypteek oer ôfsletten wie. Dat wie nammentlik folslein yn tsjinspraak mei de oerienkomst dy't it Frânske regear yn 1880 mei Pōmare V oangien wie. De rjochtsaak rûn noch dy't Mairau yn 2013 kaam te ferstjerren.
Yn maaie 2009 rôp Joinville Pōmare, in oannommen lid fan it Tahitiaanske keningshûs, himsels út ta kening Pōmare XI. De seremoanje wêrby't dat barde, waard bywenne troch de ôfstammelingen fan 'e liedende haadlju fan 'e clans fan Tahity, mar stipe fan syn eigen famylje krige er net. Oare leden fan it keningshûs erkenden nammentlik syn omke, Léopold Pōmare, as de rjochtlike troanpretendint.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Britske ûntdekkingsreizger James Cook rûsde yn 1769 dat de befolkingsgrutte fan Tahity en de oare Boppewynske Eilannen om 'e 200.000 minsken hinne lei. Syn tiidgenoat, de antropolooch Douglas L. Oliver, wie lykwols fan miening dat der mar 35.000 minsken wennen. De yntroduksje troch de Jeropeänen fan besmetlike sykten dêr't de Tahitianen gjin ymmuniteit tsjin besieten, hie jammerdearlike gefolgen: tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw wie de befolking krompen ta likernôch 9.000 minsken. Yn 1854 wiene der noch mar sa'n 6.000 ynwenners.
De befolking fan it Keninkryk Tahity bestie út etnyske Tahitianen. Harren taal wie it Tahitiaansk, dat ta de Polynezyske kloft fan 'e Austronezyske talen heart. By de stifting fan it Keninkryk Tahity hong de hiele befolking in lânseigen animistyske natoerreligy oan, mar tsjin 1825 wiene frijwol alle ynwenners bekeard ta de kalvinistyske foarm fan it kristendom.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
