Keningsstirns
| keningstirns | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thalasseus maximus | ||||||||||||
| Boddaert, 1783 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De keningsstirns (Thalasseus maximus) is in fûgelsoarte yn it skaai klikstirnzen (Thalasseus) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is 42 oant 49 sm lang en hat in spanwiidte fan 86 oant 92 sm. Folwoeksen fûgels ha yn 'e briedtiid in wite kop mei in swarte pet mei efter in túf. Se ha in wyt boarst en wite ûnderkant, grize wjukken, swarte poaten en in foarse oranje snaffel. Yn it winterkleed wurdt de swarte pet lytser en kriget er in wite foarholle. De fûgel hat in lange, djip foarke sturt dy't oan 'e boppekant wyt is.
Wat formaat oanbelanget sit de soarte tusken de grutte klikstirns en de lytsere Bingaalske klikstirns yn. By de Bingaalske klikstirns is de boppekant fan 'e sturt griis en net wyt lykas by de keningsstirns. De oranje snaffel fan 'e keningsstirns is foarser as dy fan 'e Bingaalske klikstirn, wylst dy fan 'e grutte klikstirns reader is mei in swarte punt. De sturt fan 'e grutte klikstirns is ek minder djip foarke.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte waard earder yn twa ûndersoarten (en somtiden nochris) ferdield:
- Thalasseus maximus maximus: fan súdlik Kalifornje oant Perû, fan Florida en de Westyndyske eilannen oant Argentynje.
- Thalasseus maximus albididorsalis: fan Mauretaanje oant Guinee.
Ut genetyske stúdzjes fan 2017 die bliken dat de albididorsalis tichter by de Bingaalske stirns stiet. Dêrom wurdt de albididorsalis jimmeroan faker as in aparte soarte ûnder de namme Afrikaanske keningsstirns behannele, sawol troch it ynfloedrike Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres (IOC) as eBird/Clements.

De fûgel briedt op min tangonklike plakken lykas ferlitten sânstrannen, op eilannen en koraalriffen sûnder begroeiing, dêr't se gjin lêst fan rôfdieren ha. Bûten de briedtiid foerazjearret er oan kusten, net mear as 100 meter út see, mar ek yn estuaria en havens en oan brede rivieren, somtiden in lyts stikje it binnenlân yn. It iten bestiet út lytse fiskjes (3 oant 18 sm), inktfiskjes, garnalen en krabben.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earder waard de keningsstirns mei oare stirnzen yn it skaai sterna set. Fylogenetyske stúdzjes troch Bridge et al. 2005 lieten sjen dat dy gearfoeging net resultearre yn in monofyletysk skaai en dêrom waard besletten ta in opsplitsing yn mear. De keningsstirns wurdt hjoed-de-dei troch de measte autoriteiten yn it skaai Thalasseus set.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje. De populaasje wurdt as stabyl beskôge. Dêrfandinne wurdt de keningsstirns as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN set. De keningsstirns hat earder oan 'e kust fan Kalifornje in foarse delgong meimakke troch oerbefisking. In potinsjele bedriging foarmet de opgarring fan bestridingsmiddels yn 'e fiedselketen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Klikstirns
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
