Koningsoord

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Keningsoard)
Jump to navigation Jump to search
Koningsoord út it westen wei sjoen

Koningsoord is in buorskip yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Koningsoord leit tsjin in âlde seedyk, benoarden Roodeschool. De namme ferwiist grif nei kening Willem III. Ien fan de pleatsen yn de buorskip hjit Nassau.

Koningsoord leit wat besuden de Iemshaven. It gebiet tusken Koningsoord en it haventerrein hat yn 2011 noch in iepen karakter, mar is troch de gemeente foarbestimd as fêstigingsgebiet foar grutskalige glêstúnbou.