Keningsglânsstaar
| Keningsglânsstaar | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lamprotornis regius | ||||||||||||
| Reichenow, 1879 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De keningsglânsstaar of keningsglânsprotter (Lamprotornis regius) is in fûgel yn it skaai glânsstaren (Lamprotornis) út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). Earder waard de keningsglânsstaar yn it skaai Cosmophsarus yndield, mar út DNA-ûndersyk hat bliken dien dat er diel útmakket fan Lamprotornis.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 35 sm lange keningsglânsstaar is boppe glânzgjend blaugrien, it boarst is fiolet en de búk goudgiel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in stânfûgel op savannes en net tichte bosken yn Somaalje, Etioopje, East-Kenia en Noardeast-Tanzania foar. De keningsglânsstaar wurdt as monotypysk beskôge, itjinge sizze wol dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keningsglânsstaren ite oars as oare glânsstaren hast allinnich ynsekten, dy't er op 'e grûn of fleanend fangt, oanfolle mei slakken, spinnen, kreefteftigen, lytse wringeleazen of hagediskes. Se libje yn lytse groepen fan trije oant tsien fûgels, dy't inoar ek by it bouwen fan it nêst en it fuorjen fan 'e jongen helpe. It nêst wurdt yn beamholtes of âlde spjochtenêsten boud en in lechsel bestiet út trije oant fiif ljocht blaugriene aaien mei readbrune plakjes.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat de status net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list fan 'e IUCN. Dat betsjut dat de soarte op it stuit gjin grut risiko op útstjerren rint. De populaasje wurdt beskôge as stabyl, en der wurdt gjin grutte of rappe ôfname yn 'e oantallen waarnommen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
