Kemerovo
Kemerovo Ке́мерово | ||
![]() | ||
Stedhûs | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 542.928 (2025) | |
Oerflak | 294,8 km² | |
Befolkingsticht. | 1.841,68 ynw./km² | |
Hichte | 140 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 1701 | |
Postkoade | 650000-650099 650900-650907 | |
Tiidsône | UTC +7 | |
Koördinaten | 55° 21' N 86° 05' E | |
Offisjele webside | ||
krasnogorsk-adm.ru | ||
Kaart | ||
Kemerovo (Russysk: Ке́мерово) is in stêd yn Sibearysk Ruslân en de haadstêd fan 'e oblast mei deselde namme. De stêd leit by de gearrin fan 'e rivieren Tom en Iskitimka. Oant 1932 hiet de stêd Sjtsjeglovsk. Kemerovo leit likernôch 3500 kilometer eastlik fan Moskou en hat fanwegen syn lokaasje in lânklimaat. De trochsnit temperatuer yn jannewaris is -18°C, wylst it yn july om de +20°C is. De jierlikse delslach is relatyf leech, sa'n 420 mm.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stêd Kemerovo is ûntstien út ferskate doarpen. Yn 1721 waard koal ûntdutsen yn it gebiet, mar de yndustriële ûntwikkeling begûn pas yn 'e 20e iuw. Yn 1918 krige Sjtsjeglovsk stedsrjochten en yn 1932 waard de namme feroare yn Kemerovo. Yn 1943 waard Kemerovo de haadstêd fan 'e nije oblast Kemerovo.
Yn 2018 kamen 60 minsken om by in brân yn in winkel- en ferdivedaasjesintrum.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kemerovo is in wichtich yndustrieel sintrum en fral bekend fanwegen de koalwinning en de swiere yndustry. De stêd hat ferskate stiel-, aluminium- en masinefabriken, lykas ek gemyske en keunstdongyndustry.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat ferskillende teäters, meardere bibleteken, in grut oantal bioskopen en in ryk ferskaat oan musea.
Ynfrastruktuer en ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iepenbier ferfier wurdt yn Kemerovo troch stedsbussen, 5 tramlinen en 8 trolleubuslinen fersoarge.
Yn'e stêd leit in treinstasjon fan it West-Sibearyske spoar. Ek it Sintraal Stasjon fan 'e stêd leit dêr.
Kemerovo hat in lofthaven op likernôch 2,5 km súdeast fan 'e bûtenwiken fan Kemerovo. De lofthaven is ferneamd nei de Russyske kosmonaut Aleksej Leonov, dy't oarspronklik út de Kûzbass komt.
Yn it stedssintrum binne der trije grutte brêgen oer de Iskitimka. Op 16 oktober 2006 waard de Kûznetski-brêge iepene. De brêge is 40,5 m breed en 634 m lang en ferfangt de ferâldere Kommunalni-brêge.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Kemerovo binne ferskate hegere ûnderwiisynstellingen:
- De Nasjonale universiteit fan Kemerovo.
- De Nasjonale Medyske Universiteit fan Kemerovo.
- De Lânbou Akadeemje.
- It Nasjonale Ynstitút foar Kultuer.
- De Technynske Universiteit fan Kûzbass.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kemerovo fan Wikimedia Commons. |