Kelpmiuw
| kelpmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Larus dominicanus | ||||||||||||
| Lichtenstein, 1823 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De kelpmiuw (Larus dominicanus) is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kelpmiuwen wurde 54 oant 65 sm lang en ha in spanwiidte fan 128 oant 142 sm. Se weage 0,9 oant 1,3 kg. De kelpmiuw hat in soad fan 'e lytse sjouwerman (Larus fuscus), mar hat gjin grize mar giele poaten en de bou is wat swierder. Ek is syn snaffel foarser.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meiïnoar binne der fiif erkende ûndersoarten mei de foljende fersprieding:
- Larus dominicanus dominicanus: Súd-Amearika, de Falklâneilannen, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, Austraalje en Nij-Seelân.
- Larus dominicanus vetula: súdlik Afrika en oan 'e westkust fan Afrika oant Senegal.
- Larus dominicanus judithae: de subantarktyske eilannen fan 'e Yndyske Oseaan.
- Larus dominicanus melisandae: súdlik en súdwestlik Madagaskar.
- Larus dominicanus austrinus: Antarktika en de Antarktyske eilannen.
De kelpmiuw briedt oan 'e kusten en eilannen fan it súdlik healrûn. Bûten it briedseizoen is de Afrikaanske ûndersoarte beheind ta kustgebieten. Earne oars, benammen yn Súd-Amearika, komt de fûgel ek faak op grutte marren, oan rivieren, op greiden en binnenlân foar. Yn Nij-Seelân wurdt de fûgel sels fûn by berchmarren.
Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wyfke leit twa of trije aaien en beide âlden fuorje de jongen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje waard op 3,3 oant 4,3 miljoen fûgels yn 2012 rûsd. Der wurdt tocht dat de soarte yn oantallen tanimt. Dêrfandinne wurdt de kelpmiuw as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Miuw
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Antarktika
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Bouvet
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Heard en de McDonaldeilannen
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen
- Lânseigen fauna yn Macquarie
