Springe nei ynhâld

Kelpgoes

Ut Wikipedy
Kelpgoes

Mantsje

Wyfke.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaiSúdamerikaanske guozzen (Chloephaga)
soarte
Chloephaga hybrida
Molina, 1782
IUCN-status: net-bedrige
ferspriedingsgebiet
     wintergast
     stânfûgel

De kelpgoes (Chloephaga hybrida) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel is ien fan 'e fiif soarten yn it skaai Súdamerikaanske guozzen.

Fleanend mantsje.
Fleanend wyfke.

De fûgels wurde 55 oant 65 sm lang en mantsjes binne wat swierder as wyfkes. De ûndersoarte C. h. malvinarum is swierder as de nominaatfoarm. De twa ûndersoarten ha itselde fearrekleed, mar de twa skaaien binne folslein ferskillend fan inoar. Folwoeksen mantsjes binne hielendal wyt en ha in swart snaffel mei in rôze plak op 'e boppekant en giele poaten. Folwoeksen wyfkes ha in fealbrune krún en in brune kop, nekke en mantel. It boarst en de flanken ha swart en wite streken en de rêch, sturt en ûndersturtdekfearren binne wyt. De snaffel fan it wyfke is hielendal rôze en de poaten binne giel.

Juvenilen ha in soad fan 'e folwoeksen wyfkes, mar ha brune skouders in griengiele poaten. Jonge wyfkes ha in donkere krún en donkere boppesturtdekfearren.

Kelpguozzen binne yn twa ûndersoarten te ferdielen:

  • C. h. hybrida
  • C. h. malvinarum

De nominaatfoarm fan 'e soarte libbet oan 'e kustkrite fan Sily, Argentynje en Fjoerlân. De C. h. malvinarum libbet op 'e Falklâneilannen. It biotoop bestiet útsein yn 'e briedtiid op 'e rotseftige kusten of keizelstrannen mei kelpbegroeiïng foar de kust. It nêst leit by swietwettermarren.

De nominaatfoarm wurdt it hiele jier troch oan 'e súdlike kust fan Sily en yn Fjoerlân oantroffen. Guon dêrfan trekke winterdeis fierder noardlik yn Sily en oaren noardliker nei de Atlantyske kust fan Argentynje. Ek C. h. malvinarum is op 'e Falklâneilannen foar it grutste part in stânfûgel. Guon fûgels op eilannen dêr't de winter stranger is, trekke nei de gruttere eilannen.

De fûgels binne folslein vegetarysk, al is it mooglik dat der lytse wringeleaze dierkes mei opfretten wurde. Se foerazjearje troch te weidzjen en troch harren somtiden ûnder wetter te dompeljen. Oan 'e kust yt de soarte ferskillende soarten seewier en algen, lykas kelp. Yn 'e briedtiid ite se gers en winterdeis ek beien. Net-briedende fûgels kinne simmerdeis groepen fan mear as 100 eksimplaren foarmje.

Op it fêstelân is de briedtiid fan oktober oant jannewaris. Op 'e Falklâneilannen begjint de briedtiid wat betider en duorret dy oant novimber. De soarte briedt yn pearkes of losse groepen. Se bouwe in nêst fan gers dat mei dûns ôfset wurdt. Op it fêstelân lizze de nêsten mear yn it binnenlân by swietwettermarren en op 'e Falklâneilannen ticht oan 'e kust. Nêsten lizze yn begroeiïng of yn 'e lijte fan rotsen. In lechsel bestiet út trije oant sân aaien. It brieden duorret 30 dagen en de mantsjes beweitsje de wyfkes. Nei't it lêste aai útkommen is, ferlitte de piken it nêst en nei 12 oant 13 wiken kinne se fleane. Oant yn 'e winter passe de âlders op 'e piken.

De IUCN klassifisearret de fûgelsoarte as net bedrige. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Der binne gjin spesifike bedrigingen bekend. De fûgel falt fanwegen de ûntagonklikens fan it biotoop de belangen fan minsken net lestich. Oaljerampen of fersmoarging soene wol it biotoop fan 'e fûgel oantaaste kinne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: en:Chloephaga hybrida