Springe nei ynhâld

Kelly Osbourne

Ut Wikipedy
Kelly Osbourne
sjonger en/of muzikant
Kelly Osbourne (2009)
Kelly Osbourne (2009)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKelly Michelle Lee Osbourn
nasjonaliteit Britsk
berne27 oktober 1984
berteplakLonden
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjongtaalIngelsk
ynstrumintGitaar
jierren aktyf1991-
offisjele webside
kellyosbourne.net

Kelly Michelle Lee Osbourne (Londen, 27 oktober 1984) is in Ingelske telefyzjepersoanlikheid, aktrise en sjongeres. Se is de dochter fan rockleginde Ozzy Osbourne (fan 'e band mei deselde namme en fan Black Sabbath) en syn twadde frou Sharon.

Kelly waard bekend troch de reality-telefyzjesearje The Osbournes, dy't fan maart 2002 ôf útstjoerd waard. De lêste ôflevering ferskynde yn maart 2005.

Kelly wie ûnderdiel fan in groep jonge artysten dy't punk begjin jierren 2000 nij libben ynblaasden mei harren pseudo-punk klean en anty-autoriteitshâlding. Yn 2002 brocht se har earste album, Shut Up út. Dit album waard benammen bekend troch har cover Papa Don't Preach fan Madonna. Op it Ozzfest fan 2002 en ferskate oare konserten song Kelly it ferske She Is Beautiful tegearre mei Andrew W. K..

Yn 2003 song Kelly in duet mei har heit. It ferske Changes (oarspronklik in nûmer fan Black Sabbath) waard in grutte hit yn Ingelân en de Feriene Steaten. It ferske waard taheakke oan it album Shut Up, lykas guon live-opnamen. Dêrnei krige it album de nije namme Changes.

Kelly krige ek in rol yn 'e telefyzjesearje Life As We Know It fan 2004 oant 2005, in dramasearje oer middelbere skoallejongeren. De searje waard nei 11 ôfleverings annulearre (hoewol't der 13 makke wienen).

Yn 2005 waard har twadde soloalbum Sleeping in the Nothing útbrocht.

Osbourne publisearre op 1 septimber 2009 in autobiografy[1].

Osbourne wie fersein oan sjef-kok Matthew Mosshart. Osbourne en Mosshart moeten inoar yn 2011 op it houlik fan Kate Moss. De presintatrise en Matthew Mosshart giene útinoar nei in relaasje fan twa jier. [2] Yn 2009 wie se koart ferloofd mei Luke Worrall . [3]

AlbumUtbrocht opLabelSingles
Shut Up 26 novimber 2002 Epic Papa Don't Preach (Madonna cover)
Shut Up
Sleeping in the Nothing 7 juny 2005 Sanctuary One Word
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
2004 Life as We Know It Deborah Tynan
2005 The Muppets' Wizard of Oz Dorothy Gale Televyzjefilm
2014–2016 The 7D Hildy Gloom Stim
Boarnen, noaten en/as referinsjes: