Springe nei ynhâld

Keizerlik Reispaleis (Tver)

Ut Wikipedy
Keizerlik Reispaleis
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Tver
plak Tver
adres3, Ulitsa Sovjetskaja
koördinaten56°51'N 35°53'E
Skiednis
boujier1764-1766
Oars
boustylklassisisme
hjoeddeisk gebrûkkeunstmuseum
Kaart
Keizerlik Reispaleis (Tver)
Keizerlik Reispaleis

It keizerlik Reispaleis yn 'e Russyske stêd Tver waard tusken 1764 en 1766 yn 'e klassisistyske styl mei barokke eleminten boud. It paleis tsjinne as ferbliuw foar de keizerlike famylje as dy fan Sint-Petersburch nei Moskou reizge. Dêrom wurdt it in reispaleis neamd.

It paleis waard yn 'e 19e iuw rekonstruearre troch de ferneamde Italjaanske arsjitekt Carlo Rossi, dy't yn dy tiid foar de keizerlike famylje yn it keizerryk wurke. Yn dy tiid waard it brûkt troch gruthartoginne Jekaterina Pavlovna, de dochter fan tsaar Paul I. Har man wie gûverneur fan Tver.

Nei de fal fan 'e monargy brûkten de arbeidersrieden, de boeredelegaasjes en it Provinsjale Utfierende Komitee de gebouwen. Yn april 1935 waard de oanbuorjende Transfiguraasjekatedraal opblaasd. De nazy's fernielden it paleis foar in part yn 'e hjerst fan 1941, mar de renovaasje folge tusken 1942 en 1948.

Sûnt de jierren 1990 waard it paleis ferboud en tusken 2012 en 2015 fûn in grutte restauraasje plak. Dêrnei waard ek útein set mei de rekonstruksje fan 'e tún. Tusken 2014 en 2022 waard njonken it paleis de yn 1935 ferneatige Transfiguraasjekatedraal rekonstruearre.

It paleis is hjoed-de-dei ien fan 'e meast wichtige monuminten fan 'e stêd en de gebouwen tsjinje no as keunstmuseum. It museum waard yn 1866 stifte en hat ien fan 'e rykste keunstkolleksjes fan Ruslân, wêrûnder ikoanen, skilderijen, meubilêr, bylden en dekorative en tapaste keunst. Njonken Russyske keunst is der ek keunst út it bûtenlân te sjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Rusmania.com, oproppen 29 april 2025.