Springe nei ynhâld

Keizerielgoes

Ut Wikipedy
keizerielgoes
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljeielgoesfûgels (Phalacrocoracidae)
skaaiwytbýkielguozzen (Leucocarbo)
soarte
Leucocarbo atriceps
(King, 1828)
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

De keizerielgoes (Leucocarbo atriceps) is in fûgel út 'e famylje fan 'e ielgoesfûgels, yn it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). De soarte komt rûnom op it súdlik healrûn foar, fan súdlik Súd-Amearika en it Antarktysk Skiereilân, oer de eilannen yn it súdlike part fan 'e Yndyske Oseaan, oant Macquarie-eilân besuden Austraalje. De ferskillende populaasjes binne earder wol as aparte soarten beskôge.

Fûgel yn briedkleed.

De keizerielgoes is in frij grutte (72 sm) swart-wite ielgoes. Yn it simmerkleed is de boppekant blauglânzjend swart, mei in wyt skouderstreekje, wylst de ûnderkant wyt is mei swarte dijen. By de pearfoarming binne op 'e foarholle giele of oranje wratsjes te sjen, en oan 'e sydkant fan 'e kop sitte wite triedfearkes mei in foarút bûge, útstekkende swarte túf. Hy is fan 'e Magelhaenielgoes te ûnderskieden oan 'e blauwe eachring, de giele wratsjes, it wite skouderstreekje en de wite foarkant fan 'e hals.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskillende populaasjes fan 'e keizerielgoes binne yn it ferline wol as aparte soarten behannele. Yn 'e wrâldlist AviList, dy't yn 2025 publisearre waard, wurde se lykwols beskôge as ien en 'e selde soarte. Dy bestiet út de ûndersteande ûndersoarten, mei harren bekende ferspriedingsgebieten:

De keizerielgoes waard earder faak yn it skaai Phalacrocorax yndield. Nei genetysk ûndersyk, dêr't út bliken die dat Phalacrocorax út relatyf âlde evolúsjonêre linen bestie, is it skaai opdield yn ferskate lytsere skaaien. De keizerielgoes en syn besibbe soarten binne dêrby ûnderbrocht yn it skaai Leucocarbo.

Sibskip fan 'e ielgoesfûgels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De taksonomy fan 'e ielguozzen hat lange tiid ûnderwerp fan diskusje west. Tradisjoneel waarden se yn it skift fan 'e pilekaanfûgels (Pelecaniformes) pleatst, mar se binne ek wol yn it skift fan 'e eibertfûgels (Ciconiiformes) pleatst. Ut molekulêr en morfologysk ûndersyk die lykwols bliken dat it skift fan 'e pilekaanfûgels parafyletysk is. Dêrom binne de ielgoesfûgels ferhûze nei it nije skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), tegearre mei fregatfûgels, gintfûgels en slangehalsfûgels.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In koloanje keizerielguozzen yn Fjoerlân.

De keizerielgoes is in op see libjende koloanjebriedfûgel. Hy is it hiele jier troch sosjaal en kin yn tichte kloften fan tûzenen fûgels foarkomme.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) beoardielet de ûndersoarte L. a. verrucosus oan 'e iene kant en de oare ûndersoarten oan 'e oare kant apart. Beide wurde as net bedrige beskôge (Least Concern, LC).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: