Kees Manders

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Cornelis Petrus Antonius (Kees) Manders (Leien, 16 oktober 1913Amsterdam, 21 maart 1979) wie in Nederlânsk sjonger, kabaretier en nachtklupeigener. Hy wie de broer fan Tom Manders (better bekend as ‘Dorus’) en de pake fan aktrise Meriyem Manders.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er noch jong wie trede Manders geregeldwei op as strjitsjonger op merken en jiermerken; ek yn kafees lytse kabarets wie er faak te sjen. Hy waard frege om foar Carré te wurkjen. Rillegau produsearre er dêr in grut tal revus en fariëteeprogramma’s en wie sels ek yn dy shows te sjen as sjonger en konferensier.
Nei de Twadde Wrâldoarloch gie er yn België en Lúksemburch oan't wurk by de radio en makke er as sjonger in stikmannich platen. Nei't er werom yn Nederlân wie sette er útein mei in nachtklup. It duorre net lang foar't mear fan datsoarte klups oan it Amsterdamske Thorbeckeplein hie; it levere him de bynamme de Keizer fan it Thorbeckeplein op.
Manders makke er syn namme as lietsjeskriuwer, ûnder oare fan it nûmer ‘Amsterdam huilt’, dat song waard troch Rika Jansen. Jansen trede ynearsten op as akrobate yn de revu fan Manders, mar gie letter oer op sang. Under de namme Zwarte Riek song se in protte fan Manders lietsjes. Manders krige in ferhâlding mei Jansen en se wennen jierrenlang tegearre, ek nei't Manders it ein jierren sechtich kalmer oan dwaan moast nei in hertoanfal en him yn Fuengirola (Spanje) nei wenjen setten hie. Yn 1974 giene se út elkoar.
De lêste jierren fan syn libben waard Manders warber yn de filmwrâld en yn 1977 produsearre er de spylfilm De Peetmoeder. Teffens lei er him hieltiten mear ta op skilderjen en skreau er oan syn autobiografy Kees Manders. Hy stoar 21 maart 1979.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is in oersetting fan de Nederlânsksktalige Wikipedyside; sjoch: nl:Kees Manders