Kees Flodder (telefyzjesearje)
| Kees Flodder | ||
| makkers | ||
| betocht troch | Jeroen Koopman | |
| produsint | Jeroen Koopman | |
| regisseur(s) | Jon Karthaus Erwin van den Eshof | |
| senario | Jeroen Koopman Wijo Koek | |
| basearre op | Flodder fan Dick Maas | |
| tillefyzjestudio | NewBe | |
| distribúsje | RTL Nederlân Videoland | |
| spilers | ||
| haadrollen | Tatjana Šimić Ghislaine van IJperen Tibor Lúkács Dylan Jongejans Jack Koren Saskia van Iterson Robbert Bleij Isa Hoes | |
| skaaimerken | ||
| foarm | live-action | |
| sjenre | komeedzjesearje | |
| seizoenen | 1 | |
| jierren | 2026 | |
| tal ôfl. | 6 | |
| spyltiid (ôfl.) | 29-33 min. | |
| lân/lannen | ||
| taal | Nederlânsk | |
| webside | Kees Flodder yn 'e IMDb | |
| besibbe searjes | Flodder | |
Kees Flodder is in Nederlânske komeedzjesearje dy't yn 2026 útbrocht waard fia streamingtsjinst Videoland. De rige is in spin-offsearje fan en in ferfolch op 'e Flodder-franchise út 'e 1980-er en 1990-er jierren, en spesifyk de eardere komeezjesearje Flodder, dy't fan 1993 oant 1998 makke waard. Kees Flodder folget dochter Kees Flodder, spile troch Tatjana Šimić, dy't ûnderwilens in folwoeksen dochter hat, dy't ek Kees hjit. Mei guon oare famyljeleden bedarje mem en dochter yn in nije fillawyk, dêr't de asosjale húshâlding wer foar de nedige opskuor soarget.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De troch filmmakker Dick Maas betochte Flodder-mediafranchise sette yn 1986 útein mei de satiryske komeedzjefilm Flodder. Op basis fan it súkses fan dy film waarden neitiid twa ferfolgen makke en fan 1993 ôf waard der ek in komeedzjesearje produsearre, dy't ek Flodder hiet. Nei trije seizoenen kaam dêr yn 1995 foarearst in ein oan, mar yn 1997 waarden nochris twa seizoenen makke (dy't yn 1998 foar it earst op 'e tillefyzje kamen). Maas hie plannen foar teminsten noch in sechsde seizoen, mar it hommels ferstjerren fan akteur Coen van Vrijberghe de Coningh, dy't yn 'e searje de haadrol fan Johnnie Flodder spile, makke dêr in ein oan.
It bliuwende súkses fan 'e films en ek fan 'e searje Flodder, dy't anno 2026 noch altyd geregeldwei werhelle wurdt op RTL5, makke dat der in goed fearnsiuw nei dato neitocht waard oer in nije searje. Tillefyzjeprodusint Jeroen Koopmans wie de driuwende krêft efter it projekt, dêr't Dick Maas net by belutsen wie. Dyselde joech lykwols al tastimming foar it brûken fan syn konsept. Der waard al ier yn 'e tarieding foar de nije searje besletten om it personaazje fan Johnnie Flodder út earbetoan oan Van Vrijberghe de Coningh net werom te bringen. It koe dêrom net in identike remake fan 'e earste searje wurde. Tatjana Šimić waard ree befûn om op 'e nij yn 'e hûd fan dochter Kees Flodder te krûpen, fjirtich jier nei't se dat foar it earst dien hie. Om har personaazje hinne waard doe in nij ferhaal betocht.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kees Flodder waard produsearre troch Jeroen Koopmans foar dyn eigen tillefyzjestudio NewBe. Hy wurke yn opdracht fan RTL Nederlân y.g.m. mei RTL Dútslân. Jon Karthaus fierde de rezjy en waard dêrby ûnderstipe troch Erwin van den Eshof. De senario's waarden skreaun troch Koopmans sels en Wijo Koek. Dy lêste skreau yn 'e 1990-er jierren yn 'e mande mei Dick Maas ek de senario's foar de searje Flodder. De opnamen foar Kees Flodder setten yn septimber 2025 útein en duorren oant 15 novimber fan dat jier. De wichtichste filmlokaasje wie, krekt as by de films en de foargeande searje, de wyk Kollenberg yn it Limburchske Sittard. Dêrnjonken waard der ek filme yn Beverwyk en yn it World Fashion Centre yn Amsterdam.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tatjana Šimić keart yn Kees Flodder werom yn 'e titelrol, dy't se yn 'e 1980-er en 1990-er jierren ek yn alle oare dielen fan 'e Flodder-franchise spile. Horace Cohen, dy't yn 'e oarspronklike film Flodder út 1986 de rol fan Henkie Flodder spile, komt yn Kees Flodder yn dy rol werom. De oare Flodders út 'e nije searje wurde troch nije akteurs spile. Dêrby waard Ghislaine van IJperen cast as Kees jr. In oare gadingmakker foar dy rol wie Sylvana IJsselmuiden út Ljouwert.
Der waard yn 'e nije searje in rol oanbean oan Stefan de Walle, dy't yn 'e film Flodder 3 en yn 'e searje Flodder de rol fan soan Kees Flodder spile, mar hy betanke foar de ear om't foar him Flodder in ôfsletten haadstik wie en ek om't er romte meitsje woe foar in nije generaasje akteurs. René van 't Hof, dy't deselde rol yn 'e earste beide films fertolke, wegere krektlyk in rol yn Kees Flodder. Nelly Frijda, dy't yn 'e hiele eardere franchise de rol fan Ma Flodder hie, waard útnûge om in dei op 'e set fan 'e nije searje te kommen, mar besleat dêrfan ôf te sjen.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De searje Kees Flodder hie seis ôfleverings. Dy waarden yn Nederlân fan 18 maaie 2026 ôf útbrocht fia Videoland, de eigen streamingtsjinst fan RTL Nederlân. In yn it Dútsk neisyngronisearre ferzje fan 'e searje kaam ûnder de titel Die Flodders tagelyk út op 'e Dútske streamingtsjinst RTL+.
Utgongspunt fan 'e plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De searje folget Kees Flodder jr., de folwoeksen dochter fan 'e oarspronklike dochter Kees Flodder. Hja moetet en trout mei de miljonêr op jierren Lodewijk, en as dyselde koarte tiid letter ferstjert, erft se syn filla. Dy stiet yn 'e sjike wyk Eyckendael, dy't grinzget oan 'e wyk Zonnedael dêr't de Flodders oant dan ta wennen. Kees jr. ferhuzet nei har nije hûs en nimt in grut diel fan har famylje mei, ûnder wa har omke Donnie, har neef Paultje, har nicht Priscilla ("Pris") en Donnie syn mem, dy't bekend stiet as Oma Flodder.
De komst fan 'e Flodders soarget al rillegau foar ûnrêst ûnder de oarspronklike bewenners fan it nette Eyckendael. Buorman J.P., dy't tsjin 'e Flodders wrokket om't er ferwachte hie dat hý de filla fan Lodewijk ervje soe, stokelet de oare buertbewenners tsjin 'e famylje op. Yn 'e mande mei buorfrou Charlotte besiket er ek ferskate kearen iepentlik en set de Flodders út harren wente. Dat liedt ta in oanboazjend konflikt mei beskate leden fan 'e Flodder-famylje. Kees jr. besiket de sitewaasje del te bêdzjen, mar de tastân eskalearret fierder as har mem Kees sr. ûnferwachts arrivearret.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| Kees Flodder | Tatjana Šimić |
| Kees Flodder jr. | Ghislaine van IJperen |
| Donnie Flodder | Tibor Lúkács |
| Pris Flodder | Dylan Jongejans |
| Paultje Flodder | Jack Koren |
| Oma Flodder | Saskia van Iterson |
| buorman J.P. | Robbert Bleij |
| buorfrou Charlotte | Isa Hoes |
- wichtichste byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| buorman Menno | André Dongelmans |
| buorman Bert-Jan | Ferdi Stofmeel |
| buorman Alexander | Sidar Toksöz |
| buorfrou Mirthe | Laura Bakker |
| Lodewijk | Serge-Henri Valcke |
| Stu Sterling | Ronn Moss |
| Henkie Flodder | Horace Cohen |
| Jeremy | Oscar Aerts |
Seizoenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
|---|---|---|---|---|
| 1 | 6 | 18 maaie 2026 | 22 maaie 2026 | Videoland |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, Noten en/of Referenties, op dizze side. |
| Flodder (1986) • Flodder in Amerika! (1992) • Flodder 3 (1995) | |
| Flodder (1993–1995, 1998) • Kees Flodder (2026) |