Kealkopearrebarre
| Kealkopearrebarre | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Mycteria americana | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De kealkopearrebarre (Mycteria americana) is in fûgel út it skaai fan 'e kealkopearrebarren (Mycteria) yn 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae).
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel wurdt 85 oant 115 sm lang en hat in spanwiidte fan maksimaal 1,80 meter. De kealkopearrebarre hat in wyt fearrekleed, mar de slachpinnen fan 'e wjukken en de sturt binne djipswart, wat fral yn 'e flecht goed te sjen is. De kop en de boppenekke binne hielendal keal en de hûd is dêr rûch en griisswart. De fûgel hat in tsjokke snavel dy't oan 'e basis breed is en oan 'e ein wat krom nei ûnderen bûget. De poaten binne swart, mar de fuotten binne faak rôze-eftich. It mantsje is oer it generaal wat grutter en swierder as it wyfke en de snaffel is faak langer en tsjokker oan 'e basis. It fearrekleed is by beide geslachten gelyk.
Juvenilen hawwe in ljochtere, giele of bleek-oranje snavel. Harren fearren binne minder wyt en earder brúneftich of griiswyt; ek hawwe de jongen yn it earstoan noch ljochte donsfearren op 'e kop.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kealkopearrebarre briedt yn 'e Feriene Steaten yn Florida, Georgia, South Carolina en tsjintwurdich ek North Carolina. Nei de briedtiid swalkje se om oant Kalifornje en sa fier noardlik as New York of sels Ontario yn Kanada.
Yn grutte dielen fan Meksiko, Midden-Amearika en de Kariben binne it stânfûgels. Se briede bygelyks ek op Kuba, mar binne op oare eilannen lykas de Dominikaanske Republyk seldsum

It grutste part fan harren ferspriedingsgebiet leit yn Súd-Amearika. Se binne dêr oer it algemien stânfûgels en komme dêr foar yn hast alle Súd-Amerikaanske lannen eastlik en westlik fan 'e Andes, wêrûnder Kolombia, Fenezuëla, de Guyana's, Brazylje, Perû, Bolivia, Paraguay en Oerûguay. De súdlike grins fan it ferspriedingsgebiet leit dêr oant yn it noarden fan Argentynje. In hiel wichtige populaasje libbet yn 'e Pantanal, ien fan 'e grutste sompegebieten fan 'e wrâld.
Hoewol't it ferspriedingsgebiet ûnbidich grut is, binne se altiten bûn oan spesifike lânskippen. Se hawwe in foarkar foar subtropyske en tropyske sompen, mangroves, oerstreamde greiden en dridzige rivieriggen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kealkopearrebarre briedt yn grutte koloanjes. Se bouwe harren nêsten fan tûken heech yn 'e beammen, meastentiids boppe it wetter. Dat dogge se om't it wetter in natuerlike barriêre foarmet tsjin rôfdieren lykas waskbearen. It binne tige sosjale fûgels dy't net allinnich tegearre briede, mar ek faak yn groepen nei iten sykje. Yn 'e briedtiid binne it de mantsjes dy't meastentiids de tûken oandrage foar it nêst, wylst it wyfke it nêst dêr yn inoar bout.

It oantal aaien fariëarret tusken de 3 en 5. Alle aaien komme tagelyk út nei 27 oant 32 dagen, neidat se troch beide âlden bebret binne. In jong weaget likernôch 60 gram en as it om iten giet, fjochtsje de jongen foar harren libben. Yn tiden fan krapte oerlibje allinnich de sterksten út it nêst.
Yn it briedseizoen hat in pearke mei jongen wol 200 kilo fisk nedich om it seizoen súksesfol troch te kommen. As it waarm is, helje de âlden wetter om it oer de piken te spuitsjen om se ôf te kuoljen. Fjouwer wiken nei it útkommen fan 'e aaien ferlitte beide âlden it nêst om iten te sykjen foar de jongen. Dat dogge se oant de jongen útfleane. De jongen wurde dêrnei noch in pear wiken troch de âlden byfuorre. Yn 'e briedtiid binne de fûgels skruten en wolle se net steurd wurde. Mar yn Florida wurde fûgels jimmeroan faker yn 'e buert fan minsken sjoen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is in opportunistyske jager en yt eins alles wat se mei harren snavel fange kinne yn it ûndjippe wetter. Dat dogge se troch stadich mei de iepen snaffel troch it wetter te rinnen. Sadree't de snavel in fiskje of in oar proaidier oanrekket, klapt dy yn in fraksje fan in sekonde (25 millisekonden) ticht. It grutste part fan it fretten bestiet út fisk, dêrnjonken ek amfibyen, ynsekten, reptilen, kreeften en lytse sûchdieren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige (LC) op 'e Reade list klassifisearre. Yn 'e Feriene Steaten gie it foar in hiel skoft hiel min mei de populaasje meidat it wetterbehear yn gebieten lykas de Everglades feroare, wêrtroch't der minder iten beskikber wie. It oantal Noardamearikaanske briedpearen wie dêr fan 20.000 yn 'e jierren 1930 sakke nei minder as 2.500, doe't de fûgel yn 1984 de status bedrige krige. Troch strange beskerming en it werstellen fan 'e natuerlike wetterstân is de Noardamerikaanske populaasje wer foars groeid en hat de fûgel syn ferspriedingsgebiet nei it noarden ta útwreide. Op 12 maart 2026 wurdt de fûgel hielendal fan 'e federaal beskerme list fan bedrige diersoarten skrast.
Bedrigingen foar de soarte bliuwe habitatferlies, klimaatferoaring, wetterfersmoarging en wetterregulaasje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kealkopearrebarre
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla

