Kay van Dijk

Ut Wikipedy
Kay van Dijk
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 25 juny 1984
berteplak Renkum
lingte 2,13 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 2004

Kay van Dijk (Renkum, 25 juny 1984) is in Nederlânske follybalspiler.

Hy begûn syn karriêre by de klup Nuovo út Doorwerth en spile dêrnei by Landstede Volleybal/VCZ, VC Omniworld en it Belgyske Noliko Maaseik. Van Dijk ferhuze yn 2008 nei de klup LIG Eaters yn it Súd-Koreaanske Seoul. Nei't er ien seizoen yn Súd-Korea spile hie, tekene er yn juny 2009 in kontrakt by de klup Pallavolo Loreto út Itaalje. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen, dat wie nammentlik op de Spullen fan 2004 yn Atene. Doe waard hy mei de Nederlânske follybalploech njoggende. Yn totaal hat Kay van Dijk op 1 oktober 2010 172 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Clubskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

club lân perioade
2003-2004 Flagge fan Nederlân NED Landstede Zwolle
2004-2005 Flagge fan Nederlân NED Omniworld Almere
2005-2008 Flagge fan Belgje BEL Noliko Maaseik
2008-2009 Flagge fan Súd-Korea KOR LIG Greaters
2009-2010 Flagge fan Itaalje ITA Pallavolo Loreto
2010- Flagge fan Sloveenje SLO ACH Volley

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Kay van Dijk op de webside fan NeVeBo