Kathuzum
| Kathuzum | ||
| Bestjoer | ||
| Gemeente | ||
| Himrik | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 15 | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8748 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 6' N 5° 27' E | |
| Kaart | ||
Kathuzum of Kâldehuzum is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn 'e himrik fan Wytmarsum. Kathuzum leit súdwestlik fan Wytmarsum en noardeastlik fan Wûns.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De buorskip leit noardeastlik fan 'e de polder De Iendracht. De buorskip bestiet út twa pleatsen en twa hûzen en leit op it plak dêr't it dykje de Harkesyl en Kathústerdyk byïnoarkomme. De Harkesyl komt út yn de buorskip Harkesyl en de Kathústerdyk komt út yn Wytmarsum. Fan Kathuzum rint in paad nei buorskip De Kampen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak wurdt foar it earst neamd yn 1543 doe't farianten as Caldehuysem en Coldahuysum foarkamen. Yn 1546 waard Caldehusum en Caldhuysen stavere. Yn 1664 Koldehuysum en om 1700 hinne Koudehuysum.
It lêste part fan 'e namme is de datyffoarm fan it meartal fan it elemint -hûs ((wen)plak) en it earste part "kat/kâld" yn 'e betsjutting fan "net yn gebrûk", "ferlitten". It komt dêr op del dat der op dat plak ris huzen stiene dy't fanwegen wetteroerlêst in skoft net bewenne waarden.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|