Katharinenkirche (Oppenheim)

Ut Wikipedy
Katarinatsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
plak Oppenheim
adres Katharinenstraße 1
koördinaten 49° 51' N 8° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
patroanhillige Katarina fan Aleksandrje
Arsjitektuer
boujier 13e iuw-15e iuw
boustyl Gotyk
Webside
katharinen-kirche.ekhn.de
Kaart
Katharinenkirche (Rynlân-Palts)
Katharinenkirche

De Katarinatsjerke (Dútsk: Katharinenkirche) is in protestantsk tsjerkegebou yn de Dútske stêd Oppenheim, (Rynlân-Palts). De tsjerke is ien fan de moaiste goatyske tsjerken oan de Ryn tusken Keulen en Straasburch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ferskate boufazen fan de tsjerke (read = letromaanske westlike boudiel, giel = heechgoatysk koer; grien = 14e-iuwsk skip; blau = 15e-iuwske tafoegings

Nei alle gedachten waard mei de bou fan de tsjerke útein set nei't Oppenheim yn 1225 in frije ryksstêd woarn wie. Yn 'e fan reade sânstien boude tsjerke komme let-romaanske en goatyske styleleminten byinoar.

Likernôch om 1258 hinne waard it wurk oan 'e earste romaanske boufase ôfsletten. Fan de earste bou bleaune de twa letromaanske westlike tuorren bewarre. Al yn de tiid fan kening Richard fan Cornwall waard de earste stien lein foar de hjoeddeiske goatyske tsjerke. Fanôf 1291 ûnstiene ûnder ynfloed fan de Straasburger munstertsjerke de eastlik dielen fan de tsjerke mei it koer, de kapellen en it dwersskip mei de krusingstoer.

Súdlike gevel skip

Der binne ferskate mienings oer de bougronology fan it skip. Neffens Bernhard Schütz waard sûnt 1305 de noardlike kant troch in Keulske boumaster boud en fanôf 1317 (neffens it ynskrift oan de steunbear) waard mei de súdlike gevel fan it skip yn rikere, ek Keulske foarmen, begûn. Oant 1340 soe dan de oanbou fan it noardlike sydskip plakfûn ha. Neffens jongere gedachten heart de bou fan it noardlike sydskip lykwols noch by de earste boufase fan it skip, dat dúdlik in Straasburgersk stimpel draacht.

Mei de bou fan de sierlike súdlike muorre sûnt 1317 is dan de ynfloed fan de Freiburger munster te sjen en pas mei de bou fan 'e ljochtbeuk komt de Keulske ynfloed op de foargrûn. Mei in ynskrift yn 'e foarm fan in rûne bôle rjochts njonken de lytse yngongspoarte fan de tsjerke waard it boubegjin fan it skip fêstlein. De stien wurd Hungerbrotstein neamd, in namme dy't ferwiist nei de yn dy tiden hege priis fan de bôle.

Likernôch om 1400 hinne waard útein set mei de nijbou fan in letgoatysk westlik koer. De wijing fan it westlike koer fûn yn 1439 plak. It rike, yn de jierren 1934-1937 rekonstuearre, ferwulft waard letter ynbrocht. De midsiuwske boutekenings fan de oarspronklike foarmen fan de ferwulften binne bewarre bleaun.

Mainzer parochytsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Katarinatsjerke waard boud yn 'e Neustadt, in gebiet dat ûnder de jurisdiksje fan it aartsbisdom Mainz foel. De tsjerke waard lykwols bestjinne fanút de yn 1837 ôfbrutsen Sebastianskirche, it âldste Oppenheimer tsjerkegebou dat by it bisdom Worms hearde. De aartsbiskop fan Mainz easke dan ek de patronaatsrjochten op fan 'e nije Katarinatsjerke. De roomsk-dútske kening Richard fan Cornwall keas de kant fan de Mainzer aartsbiskop en skiede beide tsjerken fan inoar troch de grins fan de bisdommen Worms en Mainz dwers troch de stêd te lûken.

Fierdere skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke as ruïne (1800)
wetterspijer

Yn 1556 waard de reformaasje yn de tsjerke trochfierd. Sûnt dat jier wie de tsjerke in lutherske tsjerke. Tsien jier letter waard de tsjerke de kalvinistyske tsjerke fan Oppenheim. Nei de Westfaalske Frede fan 1648 waard de tsjerke oan de kalvinisten tawiisd, wylst de lutheranen de Sebastiaanstsjerke krigen. Frânske troepen fernielden op 31 maaie 1689 yn de Njoggenjierrige Oarloch in grut part fan de tsjerke. Letter stoarten ek de ferwulften yn 'e tsjerke yn. Fanôf 1697 fûn de weropbou plak, mar it westlike koer bleau noch lang in boufal. Doe't de lutheranen en de kalvinisten yn 1822 tegearre in uny foarmen naam de unifisearre protestantske gemeente it gebou yn gebrûk. De troch de lutheranen brûkte Sebastiaanstsjerke kaam leech te stean en waard yn 'e jierren 1836-1837 ôfbrutsen.

Weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie in drege saak foar de befolking om de tsjerke nei de fernielings yn it ein fan de 17e iuw wer op te bouwen. Der waard renovearre en besocht om de noch besteande bou te bewarjen. U.o. krige de toer in barokke ôfsluting. In earste grutte renovaasje fûn tusken 1834 en 1945 ûnder lieding fan Ignaz Opfermann plak. Yn 1873 waard der op oantrunen fan in notaris in bouferiening oprjochte om in restauraasje ta te rieden. It slagge de befolking om it nedige bedrach dêrfoar op it kleed te lizzen en yn 1889 wie de tsjerke klear. De rekonstruksje fan de ferwulven waard pas yn 1937 foltôge. Yn 1959 waard op 'e nij in grutte renovaasje taret. Yn 1965 is wurke oan de noardlike gevel fan de tsjerke en de galerij fan de fieringstoer. Doe't yn de jierren 1950 in byld fan de holle fan in frontaal yn de ljochtbeuk fernijd wurde moast, krige it nije byld it gesicht fan de doedestiidske bûnspresidint Theodor Heuss (1884-1963).

Roas fan Oppenheim[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oppenheimer Roas

De Katarinatsjerke is benammen ferneamd fanwegen de finsters. De wichtichste binne de twa finsters yn de súdlike muorre: it Lilienfenster (Leeljefinster), dat yn 1937 op 'e nij set is, en de saneamde Oppenheimer Rose (Oppenheimer Roas), wêrfan't it glês noch gruttendiels orizjineel is en út de jierren 1332-1333 datearret. Sintraal yn it finster wurdt de ryksearn yn it Oppenheimer wapen útbylde. Yn in sirkel om it stedswapen binne de wapens fan de Oppenheimer riedshearen fan dy tiid sjen ynbrocht.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadoargel

Doopfont[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûntwerp foar it doopfont stamt fan de yn Oppenheim berne arsjitekt Paul Wallot, de bouwer fan it Ryksdeigebou yn de haadstêd Berlyn. De foarmen fan it doopfont dogge tinken oan de doedestiidske koepelkonstruksje fan it gebou. It doopfont is yn 1888 jûn troch de heit fan Paul Wallot, Johann Wilhelm Wallot.

Grêfmonuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik telde de tsjerke mear as 100 grêfmonuminten. In soad dêrfan gyngen by de ferwoastging fan de stêd yn 1689 ferlern. Under de bewarre monuminten binne fanwegen de keunstsinnige kwaliteit dy fan de Dalbergers it neamen wurdich, in skaai dat, lykas oare adelsgeslachten, as lienslju fan de karfoarst fan de Palts nei Oppenheim kamen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutte oargel fan de tsjerke waard yn de jierren 2004-2006 troch Gerald Woehl út Marburg boud. It ynstrumint bestiet foar in part út histoarysk piipmaterjaal fan it oargel út 1871 fan Eberhard Friedrich Walcker. Santjin registers fan it Walcker-oargel koene wer foar it nije ynstrumint brûkt wurde. Nochris twa registers wurde skielk noch ynboud. It oargel hat mechanyske spyltraktueren en mechanyske koppels. De registertraktuer is elektrysk.

Michaelkapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardlik fan de tsjerke stiet de Michaelkapel. De kelder ûnder de kapel tsjinne fan 1400 oant 1750 as skrinkelhûs of ossuarium. Yn dat tiidrek waarden dêr de oerbliuwsels fan hast 20.000 minsken opslein. It skrinkelhûs is net tagonklik, mar troch in izeren hek wol yn te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Katharinenkirche (Oppenheim)