Kategory oerlis:Taal yn Bosnje-Hertsegovina
Appearance
Talen yn Bosnje-Hertsegovina:
[boarne bewurkje]@Ieneach fan 'e Esk en Kneppelfreed: It útgongspunt by de 'kategory taal yn ...' soene neffens my de offisjele talen en syn farianten wêze moatte. Op 'e Ned. en Fryske wiki lês ik dat der trije offisjele talen yn Bosnje-Hertsegovina binne: Bosnysk, Servysk en Kroatysk. Mar hjir stiet in rezjimint oan talen lykas Tsjechysk, Poalsk en noch folle mear. RomkeHoekstra (oerlis) 10 des 2024, 09.58 (CET)
- @RomkeHoekstra: Nee, dat bin ik net mei jo iens. Yn in kategory as "Taal yn Bosnje" hearre neffens my alle autochtoane talen thús dy't yn in lân sprutsen wurde, as dy no in offisjele status hawwe of net. Dus bgl. in Yndiaanske taal as it Arapaho, dy't gjin inkele erkenning genietet, komt dan neffens my dochs yn "Taal yn de Feriene Steaten". Wat de spesifyk Bosnyske sitewaasje oangiet: as jo op 'e side Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen sjogge, dan stiet dêr yn 'e tabel fermeld dat Bosnje ûnder dat ferdrach 15 minderheidstalen opjûn hat dy't beskerme wurde moatte. Yn myn optyk komme dy dan allegearre yn 'e kategory Taal yn Bosnje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 des 2024, 16.24 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Sa kinne jo it ek sjen, al fyn ik dat net sa logysk. Ik ha eefkes by de "kategory:taal yn Bosnje" fan 'e oare talen sjoen en dêr wurdt hast oeral fan 'e offisjeel erkende talen útgien. Net dat soks seit hoe't it wêze moat, mar it jout oan dat jo optyk net oeral dield wurdt. It is mar krekt hokker útgongspunt tapast wurdt: de offisjele taal/talen (en dêrby de autochtone dialekten - troch my hjirboppe as farianten neamd) òf de yn it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen neamde talen dy't yn in lân in beskerme status ha. As wy hjir it hânfêst as útgongspunt nimme is it tink wol handich dat der hjir in ferwizing nei dat de tawizing fan in taal oan 'e kategory op basis fan it hânfêst plak fynt. Foar in soad minsken is dat hânfêst ûnbekend en dy sille der frjemd tsjin oansjen dat it Poalsk in taal yn Bosnje is. Mei in ferwizing begrypt elk teminsten hoe't bygelyks it Poalsk hjir telâne komt.
- Ik fûn it wol nijsgjirrich om te lêzen dat der in Poalske minderheid yn Bosnje is, want dat wist ik net. It giet dêrby trouwens mar om 340 minsken yn hiel Bosnje en dat oantal nimt troch assimilaasje fierder ôf, dus hoe't sa'n beskerme status fan it Poalsk yn Bosnje der dan krekt útsjocht bliuwt foar my in iepen fraach. As ik allinne al sjoch hoe't de oerheid en fierwei de measte skoallen hjir yn Fryslân mei it Frysk omgrieme mei syn grutste erkenning yn it hânfêst, dan frees ik foar it Poalsk yn Bosnje it alderslimste. Op papier stiet it faak moai, mar it seit faak neat. Mar dat lêste falt eefkes bûten it oerlis.--RomkeHoekstra (oerlis) 10 des 2024, 19.35 (CET)
- @RomkeHoekstra: Ja, ik haw it idee dat it Bosnyske regear nei alle etnyske haat en geweld út 'e 1990-er jierren fral ynklusyf wêze woe. Dêrta hawwe se by it Hânfêst alle talen opjûn dy't ea yn Bosnje sprutsen binne. Dy Poalen en Tsjechen en Slowaken en Dútsers en sa wiene, as ik it út 'e holle sis, kolonisten út oare dielen fan Eastenryk-Hongarije dy't troch de oerheid miskien net stjoerd, mar grif al oanfitere waarden om har yn Bosnje nei wenjen te setten yn troch oarloch ûntfolke gebieten. By myn witten binne de leden fan dy lytse groepen no oer it hiele lân ferstruid en ik wit net oft dat wol ea oars west hat. Jo twifels oer hoe't de beskerming fan sokke minderheidstalen derút sjocht, lykje my rjochtfeardige. Ik tink dat it benammen symbolyk is. Likegoed wurde alle talen fan dy groepen dêr no as autochtoan beskôge. Mar jo hawwe gelyk dat der eins mar trije etnyske groepen binne dy't it neamen wurdich binne: de Bosnyske Moslims, de Serven en de Kroäten. Foar de Bosnyske Boargeroarloch koene dêr de Sefardyske Joaden noch oan tafoege wurde, fan wa't in relatyf grutte mienskip (de grutste yn it eardere Joegoslaavje, wol 'k leauwe) yn Sarajevo wenne. Mar dy binne yn 'e oarloch hast allegearre evakuëarre nei Israel. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 des 2024, 22.41 (CET)