Kategory oerlis:Skiedskriuwer
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 15 jier lyn troch Aliter
Wy hawwe ek 'histoarikus'. Wat is it ferskil? Drewes 15 apr 2010, 18.20 (CEST)
- Skiedskriuwer liket my algemiener ta, as dat sa is dan kinne wy dy better oanhâlde tinkt my.--Swarte Kees 15 apr 2010, 18.36 (CEST)
- Tige strikt is in histoarikus in skiedkundige dy't him allinnich dwaande hâld mei de histoarje, de beskreaune, minsklike skiednis. In skiedkundige soe immen wêze dy't oan skiedkunde docht, mar ornaris wurdt sein: immen dy't de skiednis bestudearret. In skiedskriuwer is in skiedkundige dy't skriuwt oer syn mêd. Dat slút in protte skiednisstudinten en tapaste-skiedkundigen út.
- Ornaris wurdt in histoarikus lykwols ienfâldich lyksteld oan in skiedkundige. At de Wikipedy noch fêsthâldt oan de foarkar foar gewoane foarmen boppe de Latynske, dan hie Skiedkundige de kar. Foar de Wikipedy is der ek net in grut ûnderskie tusken skiedkundige of skiedskriuwer; at it ensyklopedysk is dat ien skiedkundige is dan is dy ornaris ek skiedskriuwer. Aliter 17 apr 2010, 00.46 (CEST)