Kategory oerlis:Plak yn Lier
Nij mêdAppearance
Lêste reäksje: 2 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp wyk/stedsdiel/plak
wyk/stedsdiel/plak
[boarne bewurkje]@Ieneach fan 'e Esk: In wyk is net itselde as in Dútsk Stadtteil en by ús mear in útwreiding fan in plak, wylst in Stadtteil yn Dútslân faak in apart fan it haadplak lizzend plak of doarp op gemeentegrûn is. Stadtteilen ha gewoane plaknammebuorden en it soe neffens my better wêze om dizze kategory om te neamen yn Plak yn Lier. RomkeHoekstra (oerlis) 28 aug 2025, 09.10 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Sa't jo it útlizze, fyn ik it prima. Jo hawwe der mear ferstân fan as ik. Mar jo begripe wêr't de betizing by my wei kaam.
- Noch even wat oars: we hiene it der lêsten oer dat ik noch nea in earrebarre yn it wyld sjoen hie. Jo seine doe dat it yn 'e Trynwâlden fan dy fûgels optilt. By wize fan update it folgjende: Ik seach fan 'e wike oan 'e noardkant fan 'e Provinsjale wei 359 ter hichte fan Hilaard foar it earst earrebarren yn it wyld, en ek noch wol in stik as seis tagelyk. Ik koe dêr net stilstean gean, oars hie ik se wol even wat better besjen wollen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 aug 2025, 21.08 (CEST)
- Dan sille se stadichoan ek wol jimme rjochting op gean. De measte earrebarren binne yntusken wer op reis nei de wintergebieten, mar der bliuwe altiten guon efter te oerwinterjen. By ús binne der fan't jier wer in pear nije nêsten by kommen en sa stadichoan ha in soad plakken yn 'e wâlden wol ien of mear nêsten. Se sitte trouwens ek by Snits, want dêr ha'k fan't simmer ek guon sjoen. Ek by Bakkefean binne der wer nije nêsten by. Mar der binne nearne safolle nêsten as oan 'e dyk tusken Beetstersweach en Lippenhuzen, ik leau dat Beetstersweach wol goed 50 nêsten hat. Jo soene foar de aardichheid dêr ankomm' jier ris hinne moatte.--RomkeHoekstra (oerlis) 28 aug 2025, 21.26 (CEST)
- Dankjewol foar de tip. Miskien doch ik dat wol. Ik haw yndie de yndruk dat soksoarte fûgels stadichoan ek nei de noardwesthoeke fan Fryslân opmarsjearje. Ien kear in pear earrebarren is te min om dat fan dy fûgel te sizzen, mar grutte wite reagers kamen hjir foarhinne ek net foar, en dy haw ik de lêste twa en in heal, trije jier ek al in stik as fiif, seis kear sjoen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 aug 2025, 21.43 (CEST)