Kategory oerlis:Jaroslavl (oblast)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Goejûn. Ik hie dizze kategory omneamd fan "Oblast Jaroslavl" nei "Jaroslavl (oblast)" omdat we dy folchoarder op oare plakken ek oanhâlde (bgl. "Washington (steat)" en net "Steat Washington", "New York (stêd)" en net "Stêd New York", "Frjentsjer (gemeente)" en net "Gemeente Frjentsjer"). No seach ik letter dat jo dizze kategory ek begûn binne as "Jaroslavl (oblast)" en him pas letter omneamd hawwe ta "Oblast Jaroslavl". Dat is in bytsje riedseleftich foar my. Kinne jo jo net fine yn 'e foarm mei de namme mei oblast tusken heakjes? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 jun 2022, 22.07 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik seach by it keppeljen dat gjin ien oare taal de kategory 'Jaroslavl (oblast)' neamde, alle talen neame de kategory 'Oblast Jaroslavl'. Dat ik tocht dêr pas ik it mar by oan. It makket my fierder net út.--RomkeHoekstra (oerlis) 30 jun 2022, 07.06 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja dat is ek sa, want alle oare talen hawwe de siden ek mei "Oblast huplepup". Om konsekwint te bliuwen is it dochs mar it bêste om de siden en kategoryen "Huplepup (oblast)" en "Kategory:Huplepup (oblast)" oan te hâlden. Kneppelfreed (oerlis) 30 jun 2022, 08.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik slút my by Kneppelfreed oan. Mar dat is dochs wol apart, dat oare Wikipedyen by Russyske subnasjonale gebieten oare noarmen hantearje as earnewêr oars yn 'e wrâld. Want "Steat Washington" ensfh. dogge se dan wer net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jun 2022, 15.08 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra en Kneppelfreed: P.S.: Ik haw no alle kategorynammen omneamd nei de foarm "Huppeldepup (oblast)", dêr't ik justerjûn earst mei opholden wie. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jun 2022, 21.44 (CEST)[beäntwurdzje]