Springe nei ynhâld

Kategory oerlis:Halderberge

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 1 moanne lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp kategory

kategory

[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk: Ik beskriuw alle gemeenten fan Noard-Brabân en meitsje dêrby fuort in subkategory oan. Dat betsjut dat jo gjin kategoryën (gemeente yn Noard-Brabân) en (Bestjoerlike ienheid oprjocht yn 1997) hoege ta te foegjen, om 't it artikel der by dy kategoryën al as subkategory yn stiet. Foegje jo by it lemma oer de gemeente dochs dy kategoryën ta, dan wurdt de gemeentenamme dûbel wjerjûn (as subkategory en as kategory). Dat liket my net nedich as alle gemeenten der al as subkategory yn stean. RomkeHoekstra (oerlis) 25 mai 2025, 08.55 (CEST)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra: Goeie. Ja, dit is wer deselde kwestje dêr't wy it alris earder oer hân hawwe by de bisten. Ik begryp jo riddenearring hjirboppe, dat de gemeente dan mei it artikel en de eigen kategory yn 'e kategoryen opnommen wurdt. Mar ik sykje wolris fia de kategoryen, en ik fyn it sels hiel ferfelend as de eigentlike siden dêr net (ek) neamd wurde, want de kategoryen en de siden steane apart faninoar. It soe allegearre folle makliker wêze as de programmeurs fan it Wikipediasysteem der gewoan ien list fan makke hiene, wêrby't de kategoryen as symboal in mapke krigen of sa, sadat alles op alfabet stie. Mar dat is net sa, dat foar in folsleine list wêrby't je net hieltyd hinne en wer hoege te skeakeljen tusken de siden en de kategoryen soe ik de side dan dochs ek graach yn 'e boppelizzende kategory hawwe wolle. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 mai 2025, 23.37 (CEST)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Sa't it no giet is it sawiesa net goed. Jo en ik wurkje wat de kategoryën oanbelanget no neffens eigen goedtinken en dat hat fan gefolgen dat it net oersichtliker wurdt, wylst dat mei kategoryën no krekt wol de bedoeling is. Sa wie it yndie ek mei de bisten en it resultaat wie in ûnoersichtlike en rommelige yndieling. Faaks is it better dat @Drewes, Kneppelfreed, FreyaSport, en Mysha: der ek eefkes by belutsen wurde, want it is mei dy kategoryën wol handich dat elk wit hoe't wy hjiryn wurkje moatte. Foarop moat stean dat it foar elkenien sa oersichtlik mooglik wêze moat en dat wy op 'e selde wize wurkje. --RomkeHoekstra (oerlis) 26 mai 2025, 19.49 (CEST).Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: No, Romke, dat it sa rommelich en ûnoersichtlik wie, dat falt no ek wol wer wat ta, mar jo hawwe gelyk dat it better koe. Dêr hawwe wy doe oer oerlein en dêr binne wy útkommen, nei tefredenens fan ús beiden tocht ik. Ik hie de kategorybeam fan 'e artikels oer bisten opset doe't ik hjir noch mar koart aktyf wie, en letter krige ik mear kijk op sokke dingen. Dus it kaam fuort út gebrek oan ûnderfining, mar it wie wol oeral itselde dien, dus rommelich wie it neffens my net. Mar goed, wêr't ik mei de wurden "dit is wer deselde kwestje dêr't wy it alris earder oer hân hawwe by de bisten" no eins nei ferwiisde, wie wat oars. Want ik begryp út jo reäksje dat jo miene dat it oer dy hiele diskusje oer de bistekategoryen gie, mar ik bedoelde eins dit spesifike stikje (fan dit oerlis):
In artikel oer in skaai kriget de kategory Fûgelskaai (alle skaaien fan fûgels) + de kategory mei de namme fan it skaai (as dy bestiet) + de kategory mei de namme fan 'e famylje dêr't dat skaai ta heart. Ik begryp jo riddenearring hjirboppe, dat it skaai, as dat al in eigen kategory hat, dan twa kear yn 'e kategory fan 'e famylje komt te stean. Mar ik sykje wolris fia de kategoryen, en ik fyn it sels hiel ferfelend as de eigentlike siden dêr net (ek) neamd wurde, want de kategoryen en de siden steane apart faninoar, mei in line en in protte wytromte dertusken. Wa't dat betocht hat...? It soe allegearre folle makliker west hawwe as se der gewoan ien list fan makken, wêrby't de kategoryen as symboal in mapke krigen of sa, sadat alles op alfabet stie. Mar dat is net sa, dat foar in folsleine list wêrby't je net hieltyd hinne en wer hoege te skeakeljen tusken de siden en de kategoryen soe ik de side dan dochs ek graach yn 'e boppelizzende kategory hawwe wolle.
Dêr antwurden jo op: Sa komme jo my yn alle gefallen in hiel ein yn 'e mjitte. Ik kin mei it neamen fan 'e subkategory wol frede ha, al bliuwt dat foar my wat dûbelop. Jo ha gelyk dat it moaier west hie as it ien list wie, mei in ferwizing nei de sub-kategoryën. Dus litte wy it sa mar ôfprate. As ik jo skielk helpe moat, dan moatte jo dat mar eefkes oanjaan.
Foar de dúdlikheid: ik prebearje mei it tafoegjen fan it artikel oan 'e kategoryen allinnich mar de Wikpedy sa tagonklik mooglik te meitsjen foar alle brûkers. Ik krij soms de yndruk (miskien bin ik mis, hear, mar sa liket it my wol ta) dat jo noait fia de kategoryen nei ynformaasje sykje wêrfoar't jo net goed witte wêr't jo krekt wêze moatte. Want oars soene jo neffens my sels ek wolris murken hawwe dat it hiel rottich siket as je foar elts lemma út in kategory earst noch wer in subkategory iepenje moatte. Ik haw dêr sels by de Nederlânske Wikipedy, dêr't se it dogge sa't jo it hjir ek hawwe wolle, hiele minne ûnderfinings mei. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 mai 2025, 00.51 (CEST)Beäntwurdzje
Begryp my goed: it giet my der net om dat it op 'myn manier' (dus ien list) moat. Noch it iene, noch it oare is fout. It giet my der om dat wy itselde wurkje (en dat jildt net allinne foar jo en foar my, mar likegoed foar oare meidoggers). As elk it neffens eigen goedtinken docht, krije jo ynkomplete listen. Lykas no it gefal is by de kategory:gemeente yn Noard-Brabân. Dêr binne op it stuit dat ik dit skriuw no 45 subkategoryën en 29 kategoryën. Neffens de wurkwize fan jo foarkar moatte dêr (teminsten) likefolle kategoryën as subkategoryën stean.
Sa't it hjir no giet: ik skriuw in stikje oer in gemeente, jo sette der letter noch in kategory by. Om 't jo en ik yn dit gefal net konsekwint wurkje, ûnstiet der by de kategory:gemeente yn Noard-Brabân in ynkomplete list fan kategoryën. As wy dûbele listen hantearje, dus njonken de subkategoryën ek de fermelding fan 'e kategory, dan besykje ik dêrneffens te wurkjen. Dan hoege jo net hieltiten wat ta te foegjen.
@Drewes, Kneppelfreed, FreyaSport, en Mysha: Dit giet ús allegear oan en ik tink dat it goed is dat ek jimme eefkes wat fan jim hearre litte moatte.--RomkeHoekstra (oerlis) 27 mai 2025, 09.49 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, tsja ik miende dat der al in systeem wie. Ik sjoch by oare gemeenten ek dat by kategoryen deselde subkategoryen steane. Ik tink ek dat it makliker sykjen is. Ik sjoch hjir net echt in probleem...... Kneppelfreed (oerlis) 27 mai 2025, 19.43 (CEST)Beäntwurdzje
Kofjegrom. By bisten, dêr't der in allemachtich oantal fan binne, hawwe jimme in systeem fûn dat wurke (En ik nim oan dat it dokuntearre is.) Foar Noard-Brabân binne der mar sa min gemeenten dat foar eltse gemeente in eigen flagge makke is. Dat as it teltsje wurket foar al dy bisten, hoe kin der dan in probleem wêze foar dy 56 gemeenten? Mysha (oerlis)
Bêst genôch, dan dogge wy it mei in dûbele list (dus kategoryën en subkategoryën). It is foar my eefkes wennen om it oars yn te dielen, dus as ik it ferjit jou my dan eefkes in seintsje, dan pas ik it oan. Dat leart gauwer. Ik rin Noard-Brabân noch wol eefkes bylâns as ik se der allegear yn ha.--RomkeHoekstra (oerlis) 27 mai 2025, 19.53 (CEST)Beäntwurdzje
Bêst genôch. Kneppelfreed (oerlis) 27 mai 2025, 19.57 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Goed, dan lit ik de Brabânske gemeenten fierders oan jo oer. Moai, trouwens, dat jo dy put oanpakke. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 mai 2025, 01.32 (CEST)Beäntwurdzje