Kategory oerlis:Flaggekunde

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kategory oerlis:Feksillology)

Namme[boarne bewurkje]

Hjir bin ik net bliid mei. Alderearst hjit flag(g)ekunde yn it Frysk net fan "..ogy". Der is al in goed wurd foar. En at der immen net sûnder "logys" kin, dan wie it yn it Frysk hieltiid noch "Feksilogy", om't Fryks ferdubelding fuortlit. Mysha (oerlis) 3 nov 2021, 09.26 (CET)[beäntwurdzje]

Ik wit net wat it wurdich is, mar feksillology jout 5 resultaten by googlejen en feksilogy o. Drewes (oerlis) 3 nov 2021, 17.47 (CET)[beäntwurdzje]
Ik fyn persoanlik "flaggekunde" wat kneuterich klinken. Ik moat tajaan dat it wurd feksillology, oars as it gefal is mei guon oare ynternasjonalismen, net ynboargere is. Dat as der mear binne dy't hjir problemen mei hawwe, moat de kategory mar omneamd. Wat it staveringstechnyske aspekt oangiet dat Mysha hjirboppe neamt, dat it wurd skreaun wurde moatte soe as "feksilology", dat liket my sterk. Der binne guon wurden yn it Frysk dêr't dat yndie sa by is. It iennichste foarbyld dat ik op dit stuit betinke kin is "milennium" (ynstee fan "millennium"). Der sille grif noch guon wêze. Mar ik leau net dat soks in algemiene regel is. Dat is my teminsten net bekend. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2021, 20.31 (CET)[beäntwurdzje]
As alternatyf hellet van der Veer oan dat it ek "banisstyk" wêze koe. Ik nim oan dat er dat fan it webstee fan de FRfH by de FA oernaam hat. Dat "kunde" stiet ek faker by de FA. En sa brûkt Omrop Fryslân it ek by dat ferhaal oer Noardeast-Fryslân. Kneuterich as net; as it wurd seit wat it betsjut is it dúdlik; der hoecht gjin lololology by. Mysha (oerlis) 4 nov 2021, 09.47 (CET)[beäntwurdzje]
Tsja, ik begryp dus net wat jo hawwe tsjin wurden dy't op -logy einigje, mar dat sil wol in kwestje fan smaak wêze, tink, krekt sa't ik net oer flaggekunde mei. Wat fine de de oare behearders @Drewes: en @Kneppelfreed: derfan? Meitsje we der Feksillology of Flaggekunde fan? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 nov 2021, 21.34 (CET)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk, Mysha, en Drewes: Tsja.... it makket my net al tefolle út. Ik soe sizze dat ik tichter by "Flaggekunde" sit, want dat klinkt wat Frysker. Ik kaam op delpher 5 resultaten fan "Flaggekunde", hjir, en 0 resultaten fan "Feksillology", hjir, tsjin. --Kneppelfreed (oerlis) 5 nov 2021, 03.32 (CET)[beäntwurdzje]

Flaggekunde is neat mis mei.Drewes (oerlis) 5 nov 2021, 17.10 (CET)[beäntwurdzje]

No, ek bêst, dan wurdt it flaggekunde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 nov 2021, 21.26 (CET)[beäntwurdzje]