Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear (Uglitsj)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekatedraal

Собор Преображения Господня

Lokaasje
lân Ruslân
Oblast Jaroslavl
plak Uglitsj
koördinaten 57° 31' N 38° 19' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Jaroslavl
Arsjitektuer
boujier 1710-1713
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761420128600006
Webside
Side Transfiguraasjekatedraal
Kaart
Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear (Jeropeesk Ruslân)
Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear

De Katedraal fan de Transfiguraasje fan de Hear (Russysk: Спасо-Преображенский собор, Spaso-Preobrazjenski sobor) is in otterdokse katedraal yn it kremlyn fan 'e Russyske stêd Uglitsj (oblast Jaroslavl).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fresko Transfiguraasje.

De hjoeddeiske katedraal, boud yn 1710-1713 ûnder lieding fan Gregori Fedorov, ferfong in eardere houten katedraal út 1485-1487, dy't ferwoastge waard. De tsjerke fertsjintwurdiget de styl fan 'e 17e iuwske tsjerke-arsjitektuer fan Jaroslavl.

Yn 1830 waarden in nije kapel mei in westlike en súdlike portico yn klassisistyske styl oanboud.

Yn 'e tsjerke binne fresko's mei bibelske foarstellings út it begjin fan 'e 19e iuw, dy't oanbrocht binne troch in groep skilders ûnder lieding fan Timofeem Medvedev, in liifeigene fan prins Golitsjyn.

De op it súdeasten fan 'e katedraal steande frijsteande achthoekige klokketoer datearret út 1730. It oerwurk yn 'e toer is modern en ferfong in âlder oerwurk.

Yn 'e Sovjet-tiid waard de katedraal sletten foar de earetsjinst en yn 1928 oan it Museum fan Uglitsj oerdroegen. Sûnt 2004 wurdt de katedraal wer folslein brûkt foar de earetsjinst en yn 'e jierren 2009-2010 waard it eigendom fan 'e katedraal werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Преображенский собор (Углич)