Katedraal fan de Hillige Geast (Istanbûl)

Ut Wikipedy
Katedraal fan de Hillige Geast

Cattedrale di Santo Spirito / Kutsal Ruh Katedrali

bouwurk
Cathédrale du Saint-Esprit d'Istanbul.jpg
lokaasje
lân Flag of Turkey.svg Turkije
plak Istanbûl
adres Cumhuriyet Avenue, 205/B
bysûnderheden
type bouwurk katedraal
arsjitekt Giuseppe Fossati
boustyl Barok
offisjele webside
Side katedraal

De Katedraal fan de Hillige Geast' (Italjaansk Cattedrale di Santo Spirito of Cattedrale dello Spirito Santo; Turksk: Kutsal Ruh Katedrali) oan de Cumhuriyet Caddesi 127/B fan de wyk Elmadağ yn it distrikt Şişli is ien fan de roomsk-katolike haadtsjerken yn Istanbûl. De missen wurde neffens de latynske ritus fierd en jout ek ûnderdak oan de chaldeeske mienskip, dy't harren tsjinsten neffens eigen ritus fiere.

De katoliken fan Istanbûl hawwe gjin bisdom mar in Apostoalyske Fikariaat, om't de Oekumenyske Patriarch beskôge wurdt as de aartsbiskop fan Istanbûl. De tsjerke is de sit fan it Apostoalyske Fikariaat Istanbûl en is op de Antoniusbasilyk nei de grutste roomske tsjerke fan de stêd.

Paus Benediktus XV

De katedraal waard yn 1846 yn barokke styl boud ûnder lieding fan de Switsersk-Italjaanske arsjitekt Giuseppe Fossati en syn kollega Julien Hillereau.

Yn 1909 waard de tsjerke troch paus Pius X de status jûn fan basilica minor. Ferskate pausen besochten by in besite oan it lân de katedraal, lykas paus Paulus VI, paus Jehannes Paulus II, paus Benediktus XVI en paus Fransiskus.

Yn de hôf foar de katedraal stiet in stânbyld fan paus Benediktus XV.

Giuseppe Donizetti, in musikus oan it hôf fan de Ottomaanske sultan Mahmud II is begroeven yn de krypte fan de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: