Katedraal fan de Berte fan de Faam Marije (Rostov oan de Don)

Ut Wikipedy
Bertekatedraal

Успенский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Rostov
plak Rostov oan de Don
koördinaten 47° 13' N 39° 42' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1854-1860
arsjitekt Konstantin Thon
boustyl Russysk-byzantynske styl
offisjele webside
sobor.rostoveparhia.ru

De Katedraal fan de Berte fan de Faam Marije (Russysk: Кафедральный собор во имя Рождества Пресвятой Богородицы) is in otterdokse katedraal yn Rostov oan de Don, (Ruslân). It is de haadtsjerke fan it yn 2011 stifte bisdom Rostov en Novotsjerkask.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal tusken 1900-1917

Doe't yn de 18e iuw hjir in grutte delsetting ûntstie fan soldaten, boargers en keaplju, naam de oerheid it beslút om in tsjerke te bouwen ta eare fan de berte fan de hillige Jongfaam Marije. De lokaasje fan de nijbou waard fûn yn deselde delsetting, tichteby de tsjintwurdige Sintrale Merk. De tsjerke waard boud yn 1781 en iepene op 5 septimber 1781. Tsien jier letter lykwols baarnde op 27 desimber 1791 de tsjerke ôf nei't it bouwurk troch de bliksem rekke wie. Op itselde plak waard yn 1795 begûn mei de bou fan in nije Bertetsjerke, dy't fan de Hillige Synoade yn 1822 in katedrale status krige.

Troch de taname fan de befolking karde de tsaar yn 1854 in ûntwerp foar in nije stiennen tsjerke goed, dy't op it plak fan de yntusken boufallige foargonger kaam. De bou hjirfan fûn yn de jierren 1854-1860 plak neffens in ûntwerp fan de bekende arsjitekt Konstantin Thon. De katedraal toant oerienkomsten mei oare ûtnwerpen fan de arsjitekt, lykas de Moskouse Kristus de Ferlosserkatedraal, de foar it Semenov-rezjimint boude (en yn de jierren 1930 ôfbrutsen) Vvedenksitsjerke yn Sint-Petersburch en (ek net mear besteande) Hillige Geastkatedraal fan Petrozavodsk. It projekt fan Thon waard útfierd troch de arsjitekt A. Kûtepov.

De katedraal waard yn 1937 yn opdracht fan de ateïstyske autoriteiten sletten. By de katedraal waard in dieretún oanlein en de katedraal sels waard brûkt foar opslach. In pear jier letter waarden de heechste ferdjippings fan de klokketoer sloopt. Tidens de Dútske besetting fan Rostov waard de katedraal wer iepene en neitiid net mear sletten. Yn 1950 folge in restauraasje fan de dekoraasjes en de âlde fresko's fan de tsjerke.

Mei de fiering fan it 250-jierrich jubileum fan de stêd Rostov waard yn 1999 de klokketoer wer yn de oarspronklike steat werom brocht.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De yn russysk-byzantynske styl boude katedraal wurdt bekroand mei fiif koepels en hat de foarm fan in krús. Yn de katedraal stiet in opmerklike ikonostaze, dy't de foarm fan in kapel hat.

By de tsjerke steane de lytsere Jehannes de Dopertsjerke, de klokketoer mei de doopkapel fan Sint-Nikolaas, in drukkerij, in edukatyf sintrum en in tal oare gebouwen fan it bisdom.

Klokketoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1875 en 1887 waard mei finansjele help fan hannelsju en filantropen de 75 meter hege klokketoer boud yn de styl fan it klassisisme en de renêssânse. Om't men bang wie dat de klokketoer troch de Dútske oanfallers brûkt as referinsjepunt brûkt wurde koe foar artillery en fleantugen, waarden yn july 1942 op grûn fan in beslút fan it Regionale Komitee fan de KPSU de twa boppenste ferdjippings opblaasd. Yn 1949 waard ek de twadde ferdjipping fan de toer sloopt.

De rekonstruksje fan de toer folge yn 1999. Ek krige de toer wer nije klokken. De nije klokken drage tsjintwurdich de nammen fan hilligen, wylst de foargongers de nammen fan bestjoerders droegen. Ek ferskille de nije klokken mei de âlde yn swierte. De grutste klok is ferneamd nei Panteleimon de Genêzer en hat in gewicht fan 4.000 kg.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Рождества Пресвятой Богородицы (Ростов-на-Дону)