Katedraal fan Worcester
| Worcester Cathedral | ||
| De katedraal fan Worcester, sjoen fan 'e rivier de Severn ôf | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Regio | West Midlands | |
| Greefskip | Worcestershire | |
| plak | Worcester | |
| adres | 8 College Yard, Worcester WR1 2LA | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
| bisdom | Worcester | |
| wijd oan | Kristus en de sillige faam Marije | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Alexander Mason; John Clyve; John Chapman; oaren | |
| boujier | 1084–1504 | |
| boustyl | Normandysk en goatysk, mei perpendikulêre gotyk | |
| monumintale status | Grade I | |
| monumintnûmer | 1386135 | |
| Webside | ||
| worcestercathedral.org.uk | ||
| Kaart | ||
De katedraal fan Worcester, offisjeel The Cathedral Church of Christ and the Blessed Mary the Virgin of Worcester, is in Anglikaanske katedraal yn Worcester, Ingelân, oan 'e rivier de Severn. It is de sit fan it bisdom Worcester. De tsjerke, dy't boud waard tusken 1084 en 1504, fertsjintwurdiget alle Ingelske boustilen fan 'e Normandyske styl oant de perpendikulêre gotyk. De katedraal is bekend om syn Normandyske krypt en syn unike kapittelhûs, syn ûngewoane goatyske traveeën, fine houtsnijwurk en syn sintrale toer. De westgevel fan 'e katedraal stie op it £20-bankbiljet dat troch de Bank of England tusken 1999 en 2007 útjûn waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal waard yn 680 stifte ûnder biskop Bosel. Doe waard de earste katedraal boud, mar dêr is neat fan bewarre bleaun. De âldste dielen fan 'e hjoeddeiske katedraal (de krypt) datearje fan 1084, doe't de katedraal yn romaanske styl werboud waard troch biskop Wulfstan. De hjoeddeiske katedraal datearret út 'e 12e en 13e iuw. Muontsen en nonnen hawwe sûnt 'e 7e iuw by de katedraal west. It kleaster waard yn 'e twadde helte fan 'e 10e iuw benediktynsk. De muontsen waarden op 18 jannewaris 1540 ferdreaun en ferfongen troch sekuliere kanunniken. De eardere kleasterbibleteek bestie út in grut tal manuskripten, dy't tsjintwurdich ferspraat binne oer de bibleteken fan Cambridge, Londen (de British Library), Oxford en de hjoeddeiske katedraalbibleteek.

Nei de ûntbining fan 'e kleasters waard it gebou wer as katedraal ynrjochte, mei in sekulier geastlik bestjoer. De katedraal waard yn 'e jierren 1860 restaurearre troch Sir George Gilbert Scott en A. E. Perkins; hja waarden alletwa yn 'e katedraal begroeven. De katedraal befettet ferskate keningsgrêven, ûnder oaren dat fan Jan fan Ingelân en dat fan Arthur, prins fan Wales. Oare bekende persoanen dy't dêr begroeven binne, binne Stanley Baldwin, John Gauden en Richard Edes.
In ôfbylding fan 'e westgevel fan 'e katedraal stie op in £20-bankbiljet dat troch de Bank of England tusken 1999 en 2007 útjûn waard. Dy bankbiljetten binne lykwols ynlutsen en ferfongen troch nije bankbiljetten.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal hat in protte arsjitektoanyske skaaimerken dy't typysk binne foar midsiuwske Ingelske katedralen; sa hat it bouwurk twa dwersskippen, ynstee fan ien dwersskip lykas dat op it kontinint wenst is. De katedraal hat in kapittelhûs en in kleastergong. Oan 'e noardkant is in portaal oanboud.
Wichtige dielen fan 'e katedraal datearje út alle iuwen fan 'e 11e oant en mei de 16e iuw. De toer is yn perpindikulêre styl en is it bêste te sjen fan 'e Severn ôf. It âldste diel is de Normandyske krypt, mei kapitelen dy't noch oer binne út 'e oarspronklike kleastertsjerke, dêr't yn 1084 mei útein set waard. Ut 'e selde tiid datearret ek it rûne kapittelhûs út 1120, dat oan 'e bûtenkant achthoekich makke waard doe't de muorren yn 'e 14e iuw fersterke waarden.

It skip waard stadichoan en yn ferskillende stilen troch ferskate arsjitekten boud oer in tiidrek fan 200 jier, fan 1170 oant 1374. Guon fan 'e traveeën binne unyk en foarmje in dekorative oergong tusken Normandyske en goatyske arsjitektuer.
It eastlike diel waard tusken 1224 en 1269 troch Alexander Mason oer de Normandyske krypte hinne werboud. Dat foel gear mei de bou fan 'e katedraal fan Salisbury en dêr hat de katedraal fan Worcester grutte oerienkomsten mei. John Clyve foltôge it skip nei 1360 en boude ek de ferwulften, de westlike foarkant, it noardlike portaal en it eastlike diel fan 'e kleastergong. Hy fersterke it Normandyske kapittelhûs, foege steunbearen ta en feroare it ferwulft. Syn masterwurk is de sintrale toer út 1374.
Tusken 1402 en 1432 foege in ûnbekende arsjitekt de noardlike en súdlike dielen fan 'e kleastergong ta. Dy waarden úteinlik troch it westlike diel fan John Chapman yn 'e jierren 1435–1438 ôfsluten. De lêste wichtige tafoeging is de kapel fan Arthur, prins fan Wales, rjochts fan 'e súdlike koeromgong, dy't tusken 1502 en 1504 boud waard.
Tusken 1857 en 1874 waard de katedraal restaurearre troch W. A. Perkins en Sir George Gilbert Scott.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oargels waarden yn 2008 troch Kenneth Tickell yn twa nije oargelkassen boud. It oarspronklike dwersskipoargel stiet yn in troch George Gilbert Scott ûntwurpen oargelkas. It oargel is op it stuit net mear te brûken, mar de measte pipen binne noch oanwêzich.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Koer
- Alter
- Doksaal
- Oargel
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
