Katedraal fan Us Leaffrouwe Opname te'n Himel en fan de Hillige Nikolaas (Galway)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Katedraal fan Us Leaffrouwe Opname te'n Himel en fan de Hillige Nikolaas

Ard-Eaglais Mhaighdean na Deastógála agus Naomh Nioclás

Cathedral of Our Lady Assumed into Heaven and St Nicholas

Galway cathedral.jpg
lokaasje
lân Flag of Ireland.svg Ierlân
county Logogalwayco.png Galway
plak Galway CoA.svg Galway
adres Gaol Road
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1958-1965
arsjitekt John J. Robinson
webside www.galwaycathedral.ie

De Katedraal fan Us Leaffrou Opname yn de Himel en de hillige Nikolaas (Iersk: Ard-Eaglais Mhaighdean na Deastógála agus Naomh Nioclás; Ingelsk: Cathedral of Our Lady Assumed into Heaven and St Nicholas), better bekend ûnder de namme Katedraal fan Galway (Galway Cathedral), is in roomsk-katolike katedraal yn Galway, Ierlân. It is ien fan de grutste en ek meast yndrukwekkende bouwurken fan de stêd. Mei de bou fan de katedraal waard yn 1958 útein set en yn 1965 fûn de wijing plak oan de Opname fan Marije yn de Himel en Nikolaas fan Myra.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerkeskip rjochting koer

Arsjitekt fan de katedraal wie John J. Robinson, dy't earder al de ûntwerpen foar in soad tsjerken yn Dublin en oare plakken yn it lân levere. De styl fan de katedraal ferriedt in soad ynfloeden. De koepel en de pylders wjerspegelje de renêssânse; oare karakteristiken lykas de roasfinsters en mozaïken fertsjintwurdigje in brede tradysje fan kristlike keunst. De tsjerke hat in maksimale hichte fan 44,2 meter.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerke-oargel waard oarspronklik yn 1966 boud troch Rushworth & Dreaper út Liverpool. Tusken 2006 en 2007 waard it renovearre en fergrutte troch de Ierske oargelbouwer Trevor Crowe. It besit trije manualen en 59 registers en wurdt net allinnich brûkt tidens de tsjinsten, mar ek yn de simmerkonserten dy't alle jierren plakfine. Yn de katedraal stiet ek noch in lytser oargel mei yn manuaal en fjouwer registers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]