Katedraal fan Us Leaffrouwe Opname te'n Himel en fan de Hillige Nikolaas (Galway)

Ut Wikipedy
Marije-Himelfeart en int-Nikolaaskatedraal

Ard-Eaglais Mhaighdean na Deastógála agus Naomh Nioclás
Cathedral of Our Lady Assumed into Heaven and St Nicholas

Lokaasje
lân Ierlân
greefskip Galway
plak Galway, H91 A780
adres Gaol Road
koördinaten 53°16' N 9°3' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Galway-Kilmacduagh-Kilfenora
aartsbisdom Tuam
patroanhillige Marije-Himelfeart
Arsjitektuer
arsjitekt John J. Robinson
boujier 1958-1965
Webside
www.galwaycathedral.ie
Kaart
Katedraal fan Us Leaffrouwe Opname te'n Himel en fan de Hillige Nikolaas (Ierlân)
Katedraal fan Us Leaffrouwe Opname te'n Himel en fan de Hillige Nikolaas

De Katedraal fan Us Leaffrou Opname yn de Himel en de hillige Nikolaas (Iersk: Ard-Eaglais Mhaighdean na Deastógála agus Naomh Nioclás; Ingelsk: Cathedral of Our Lady Assumed into Heaven and St Nicholas), better bekend ûnder de namme Katedraal fan Galway (Galway Cathedral), is in roomsk-katolike katedraal yn Galway, Ierlân. It is ien fan de grutste en ek meast yndrukwekkende bouwurken fan de stêd.

Mei de bou fan de katedraal waard yn 1958 útein set en yn 1965 fûn de wijing plak oan de Opname fan Marije yn de Himel en Nikolaas fan Myra.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerkeskip rjochting koer.

Arsjitekt fan de katedraal wie John J. Robinson, dy't earder al de ûntwerpen foar in soad tsjerken yn Dublin en oare plakken yn it lân levere. De styl fan de katedraal ferriedt in soad ynfloeden. De koepel en de pylders wjerspegelje de renêssânse; oare karakteristiken lykas de roasfinsters en mozaïken fertsjintwurdigje in brede tradysje fan kristlike keunst. De tsjerke hat in maksimale hichte fan 44,2 meter.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel.

It tsjerke-oargel waard yn 1966 troch Rushworth & Dreaper út Liverpool boud. Tusken 2006 en 2007 waard it renovearre en fergrutte troch de Ierske oargelbouwer Trevor Crowe. It besit trije manualen en 59 registers en wurdt net allinnich brûkt by de missen, mar ek yn 'e simmerkonserten dy't alle jierren organisearre wurde.

Yn 'e katedraal stiet ek noch in lytser oargel mei ien manuaal en fjouwer registers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cathedral of Our Lady Assumed into Heaven and St Nicholas, Galway