Katedraal fan Triëst
| Katedraal fan 'e marler Sint-Justus
Basilica cattedrale di San Giusto Martire | ||
| De Katedraal fan Sint-Justus yn Triëst | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Regio | Friûly-Feneesje Julia | |
| Provinsje | Triëst | |
| plak | Triëst | |
| adres | Piazza della Cattedrale 2, 34143 | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Triëst | |
| patroanhillige | Sint Justus | |
| status | Katedraal, basilica minor | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 14e iuw | |
| boustyl | romaansk, gotyk | |
| Webside | ||
| www.sangiustomartire.it Bisdom Triëst | ||
| Kaart | ||
De Katedraal fan Triëst (Italiaansk: Basilica cattedrale di San Giusto Martire), wijd oan Sint-Justus, is in roomsk-katolike katedraal yn Triëst, yn it noardeasten fan Itaalje. It is de sit fan 'e biskop fan it bisdom Triëst.
Yn 1899 joech paus Leo XIII de tsjerke de status fan in basilica minor.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste kristlike gebou op dit plak waard yn 'e 6e iuw boud op in Romeinsk propylon, wêrby't in part fan 'e besteande struktuer op 'e nij brûkt waard. Mooglik wie dat de yngong fan in monumint. Dit bouwurk dat yn 'e folksmûle bekend stie as de Kapitoalynske timpel, om't der binnen in piramidaal alter mei symboalen fan 'e Kapitoalynske goadetrias — Jupiter, Juno en Minerva — ûntdutsen wie.

Yn 'e haadhal binne de orizjinele resten fan in part fan 'e mozaykflier opnommen yn 'e hjoeddeiske flier. Dêryn binne ek de kontoeren fan 'e bûtenmuorren fan it ier-kristlike gebou te sjen. Flak nei't de tsjerke foar de earetsjinst iepene wie, waard it gebou ferwoastge by de ynfal fan 'e Longobarden.
Tusken de 9e en de 11e iuw waarden op 'e ruïnes fan 'e âlde tsjerke twa basilyken boud. De earste wie wijd oan Us-Leaffrou fan 'e Himelfeart, en de twadde, de katedraal, oan Sint-Justus (San Giusto). It oarspronklike ûntwerp fan 'e lêste basilyk waard letter langer makke.
Yn 'e 14e iuw waarden de twa basilyken meiïnoar ferbûn troch ien skip fan beide basilyken ôf te brekken en in ienfâldige, asymmetryske gevel te bouwen mei in sierlik bewurke goatysk roasfinster, like ryk fersierd as de nije klokketoer. By de bou waarden de dêr oantroffen stiennen resten fan Romeinske en romaanske gebouwen en friezen mei wapens op 'e nij ferwurke yn 'e bou.
Karlistysk mausoleum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Karel Borromeüskapel tsjinnet as begraafkapel foar de famylje fan 'e karlistyske troanpretendinten foar de Spaanske troan.
Keunstwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ta de histoarysk nijsgjirrige keunstwurken yn 'e katedraal hearre de apsismozaïken mei foarstellings fan Us-Leaffrou fan 'e Himelfeart en Kristus tusken de hilligen Justus en Servolus. Dy waarden yn 'e 12e en 13e iuw leine troch betûfte ambachtslju út Veneto.

De lytse 14e-iuwske tsjerke fan San Giovanni (Sint-Jehannes), de âlde doopkapel oan 'e lofterkant en San Michele al Carnale oan 'e rjochterkant, by de yngong fan it museum, foarmje meiïnoar in gehiel fan in midsiuwsk tsjerkhôf.
Op it plein foar de tsjerke stiet in alter dat de wijing en it dellizzen fan 'e wapens fan it 3e Leger betinkt. Der stiet ek in kolom mei in hellebaard en in monumint foar dejingen dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch omkommen binne.
Archeologyske opgravings dy't hjir yn 'e jierren 1930 útfierd waarden, brochten de resten oan it ljocht fan it Romeinske forum en in iepenbier gebou dat bestie út twa ferdjippings mei kolonnades en twa apsissen. Twa pylders fan 'e ûnderste ferdjipping binne rekonstruearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
