Katedraal fan Sarzana
| Ko-katedraal fan Marije-Himelfeart Concattedrale di Santa Maria Assunta | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| plak | ||
| adres | Piazza Niccolò V | |
| koördinaten | 44°06'N 9°57'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | La Spezia-Sarzana-Brugnato | |
| wijd oan | Marije-Himelfeart | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1204-1474 | |
| boustyl | romaanske, goatyske, renêssânse en barokke arsjitektuer | |
| Webside | ||
| www.cattedraledisarzana.it | ||
| Kaart | ||
De domtsjerke fan Sarzana (Italjaansk: Concattedrale di Santa Maria Assunta di Sarzana) yn Sarzana, Liguerje, Itaalje, is in ko-katedraal fan it bisdom La Spezia-Sarzana-Brugnato. De katedraal is wijd oan 'e Himelfeart fan 'e Jongfaam Marije. It gebou is in mingeling fan romaanske en goatyske stilen, wat de lingte fan 'e bouperioade wjerspegelet, fan it begjin fan 'e 13e oant de lette 15e iuw. Op 28 novimber 1947 krige de katedraal de status fan basilica minor.
De katedraal is fral bekend om de reliken fan Sint-Andréas en fan it Bloed fan Kristus. Ek hat de tsjerke in wichtich romaansk krús fan Maestro Guglielmo út 1138.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal waard boud op it plak fan 'e eardere pieve fan San Basilio en is fan 1204 oant 1474 boud, doe't it boppeste diel fan 'e westgevel foltôge waard troch Leonardo Riccomanni fan Pietrasanta. Yn 1735 waarden trije bylden fan pausen tafoege oan 'e boppekant fan 'e gevel: Sint-Eutychianus yn it sintrum tusken paus Sergius IV en paus Nikolaas V.
De katedraal waard as de sit fan 'e biskop fan Luni boud, doe't dy nei ferskate eardere ferhuzingen yn 1202 hjirhinne oerbrocht waard. It bisdom waard yn 1465 omneamd nei Sarzana. Yn 1929 waard it bisdom Sarzana opnommen yn it hjoeddeiske bisdom La Spezia-Sarzana-Brugnato (doe bekend as it bisdom Luni o La Spezia, Sarzana e Brugnato).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De romaansk-goatyske tsjerke hat in westlike foargevel fan wyt moarmer mei in portaal en in lyts goatysk roasfinster dêrboppe. Yn it suden stiet de klokketoer, dy't mei kantelen ôfsletten wurdt. It is it ienige oerbliuwsel fan 'e âlde pieve fan San Basilio. It grûnplan is yn 'e foarm fan in Latynsk krús. De tsjerke is yn trije skippen ferdield troch twa arkades fan breed útinoar steande polygonale pylders, dy't de hege bôgen stypje. It sintrale skip einiget yn it koer en de apsis en de sydskippen einigje yn in kapel; alle trije wurde oerdutsen mei koepels. Oan beide kanten fan it skip is in rige fan fjouwer sydkapellen, tafoege yn 'e lette 17e iuw. Beide earmen fan it koarte dwersskip ha ek in kapel. It houten kasetteplafond waard tusken 1662 en 1670 útsnien troch Pietro Giambelli .
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal besit in ferneamde relikwy fan Sint-Andréas en fan it Bloed fan Kristus, dy't bewarre wurde yn 'e Kapel fan it Kostberste Bloed (Italjaansk: Cappella del preziosissimo sangue) súdlik fan it koer en it heechalter.
Keunstwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Krús fan Maestro Guglielmo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Sarzana-katedraal besit de âldste krusifiks fan Toskane, dat út 1138 stamt, in wichtich foarbyld fan romaanske skilderkeunst, ek al binne der oan it gesicht en lichem yn 'e 14e iuw oanpassings útfierd. It krús is in prachtich foarbyld fan 'e ikonografy fan it type fan 'e Christus triumphans, dy't foarôfgie oan 'e opgong fan 'e Christus patiens yn 'e ikonografy, dy't in mear minsklike en lijende Jezus útbyldet. De krusifiks hinget no yn 'e barokke Krúskapel,noardlik fan it koer en it heechalter.
Oare keunstwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal hat in skilderij fan Francesco Solimena, renêssânse-bylden ynklusyf alterstikken fan 'e Presintaasje en de Kroaning fan Marije fan Leonardo en Francesco Riccomanni, in terrakottabyld fan 'e skoalle fan Luca Della Robbia en twa moarmeren bustes fan paus Klemens XI en paus Innosintius XI fan Giovanni Baratta.
Under de koepel fan 'e apsis is in barokke foarstelling fan 'e Gloarje fan 'e Jongfaam, dy't tinken docht oan Bernini. De 17e-ieuske bylden yn 'e Augustinuskapel fan binne fan Giovanni Antonio Cybei út Carrara.
Fan Domenico Fiasella binne in oantal wurken yn 'e tsjerke, wêrûnder: • Gloarje fan it Kostberste Bloed yn 'e Kapel fan 'e Reliken • Moard op 'e Unskuldigen (1653) • Marteldea fan Sint-Andréas • Besite fan Marije oan Elizabeth • Hilligen Lazarus, Nikolaas en George • Hilligen Apollonia, Lesij en Sesilia.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
