Katedraal fan Rennes
| Sint-Piterkatedraal Cathédrale Saint-Pierre | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | ||
| adres | Rue de la Monnaie | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| aartsbisdom | Rennes, Dol et Saint-Malo | |
| patroanhillige | Sint-Piter | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1541-1845 | |
| boustyl | Neoklassike arsjitektuer | |
| monumintale status | ||
| Webside | ||
| Side katedraal Side aartsbisdom | ||
| Kaart | ||
De Katedraal fan Rennes (Frânsk: Cathédrale Saint-Pierre; Sint-Piterkatedraal) is in roomske tsjerke yn 'e Frânske stêd Rennes, Bretanje. De tsjerke is in histoarysk monumint sûnt 1906. De katedraal is oan 'e apostel Piter wijd en de sit fan 'e aartsbiskop fan Rennes, Dol et Saint-Malo (earder de biskop fan Rennes).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt it begjin fan it bisdom yn 'e 6e iuw hat op de lokaasje fan 'e hjoeddeiske tsjerke altiten de katedraal stien. It alderearste gebou waard yn 'e 12e iuw folslein ferfongen troch in goatyske katedraal, wêrfan't yn 1490 de toer en de hiele westlike gevel ynstoarten. De hjoeddeiske gevel mei de neoklassike graniten tuorren binne yn 'e twa iuwen dêrnei yn fjouwer fazen boud mei lange tuskenskoften: de ûnderste laach waard tusken 1541 oant 1543 boud, de twadde fan 1640 oant 1654 (troch Tugal Caris) en de tredde (troch Pierre Corbineau) fan 1654 oant 1678. In oare arsjitekt, François Hoguet, foltôge de tuorren tusken 1679 en 1704 oant de hjoeddeiske hichte fan 48 meter en foege dêrtusken it wapen fan Loadewyk XVI oan ta.

It skip en it koer wienen lykwols net restaurearre. By de fespers fan 11 febrewaris 1754 foel in grutte stien fan it dak fan it koer en der waard besletten om dy dielen op 'e nij te bouwen foardat de hiele katedraal ynstoarte soe. Tusken 1756 en 1768 waard de hiele katedraal ôfbrutsen, wylst de tuorren en de gevel stean bleaunen. De werbou sette yn 1787 útein, mar fuort dêrnei briek de Frânske Revolúsje út en it wurk waard dellein. It duorre noch oant 1816 dat it wurk wer oppakt waard, ynearsten ûnder lieding fan arsjitekt Mathurin Crucy. Hy ferstoar yn 1826 en de lokale arsjitekt Louis Richelot wurke dêrnei oan 'e katedraal en foltôge dy yn 1845.
De oarspronklike dekoraasje wie yn in ienfâldige neoklassike styl, mar yn 'e 19e iuw waard de katedraal yngreven renovearre mei stúkwurk, fergulde fersieringen en beskilderingen om der in riker ynterieur fan te meitsjen. Karakteristyk fan 'e katedraal is it kontrast tusken de rike dekoraasje, wêrûnder in troch paus Pius IX skonken alterplaat fan seldsum moarmer út it Forum Romanum, en it sobere granyt fan it bouwurk.
Yn 'e katedraal fan Rennes ûnthiet Hindrik Tudor, de takomstige Hindrik VII fan Ingelân, dy't doe nei Bretanje ferballe wie, op 25 desimber 1483 mei Elisabeth fan York te boaskjen om stipe te sykjen by it leger dat trou bleaun wie oan 'e ferstoarne Edwert IV. Dat houlik, dat yn 1486 plakfûn, besegele de ein fan 'e Roazekrigen en foarme it begjin fan 'e Tudor-dynasty, dy't fan 1485 oant 1603 oer Ingelân en Wales hearske.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel fan 'e tsjerke waard yn 'e jierren 1870-1874 troch Aristide Cavaillé-Coll boud. It waard yn augustus 1874 yn gebrûk nommen. It ynstrumint is yn 1939-1940 restaurearre troch Victor Gonzalèz. Yn 1971 folge troch de firma Haerpfer-Ermann in restauraasje en útwreiding mei in rêchposityf as fjierde manuaal. De registertraktuer fan it 68 registers tellende oargel is elektrifisearre.
Sûnt 1870 hat de katedraal ek in koeroargel fan Merklin-Schütze. It oargel is ôfkomstich fan 'e Wrâldútstalling fan 1867. Yn 1937 fierde de firma Gonzalez in restauraasje út mei in pear feroaringen yn 'e disposysje. It koeroargel hat 21 registers.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen: EN:Rennes Cathedral
|
