Katedraal fan Poznań
| Aartsbasilyk fan 'e hilligen Petrus en Paulus Bazylika archikatedralna św. Apostołów Piotra i Pawła w Poznaniu | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Woiwodskip | Grut-Poalen | |
| Gemeente | Poznań | |
| plak | Poznań | |
| adres | Ostrów Tumski | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolyk | |
| aartsbisdom | Poznań | |
| wijd oan | Petrus en Paulus | |
| status | Aartsbasilyk | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 968 (earste bou) | |
| boustyl | Bakstiengotyk | |
| hichte | 62 m | |
| Webside | ||
| www.katedra.poznan.pl | ||
| Kaart | ||
De Katedraal fan Poznań of folslein de Aartsbasilyk fan 'e hilligen Petrus en Paulus (Poalsk: Bazylika archikatedralna św. Apostołów Piotra i Pawła w Poznaniu), is de biskopssjerke fan it aartsbisdom Poznań. It is de âldste katedraal fan Poalen en stiet histoarysk sjoen foar it begjin fan 'e kerstening fan it lân. De tsjerke stiet op it Katedraaleilân (Ostrów Tumski), in eilân yn 'e rivier de Warta.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste foar-romaanske basilyk waard stifte yn 968, doe't de earste biskop, Jordanes, nei Poznań kaam. Nei de ferwoastging fan dit gebou om 1038 hinne, waard in romaanske basilyk boud. Yn 'e 14e en 15e iuw waard de tsjerke yn ferskate fazen ferboud ta in goatysk bouwurk.
Yn 'e rin fan 'e tiid hat de katedraal ferskate brannen en stoarmskea kind. Nei in brân yn 1772 krige de katedraal in klassisistysk uterlik, dat it gebou oant de Twadde Wrâldkriich hold. Yn 1945 rekke de tsjerke swier skansearre troch brân. By de werbou besletten de restaurateurs om de lettere tafoegings te ferwiderjen en de katedraal werom te bringen yn 'e oarspronklike bakstiengoatyske styl. Benammen de barokke spitsen op 'e tuorren (rekonstruearre yn 1952 neffens it ûntwerp fan 1772) en de kapellekrâns om it koer hinne jouwe jout de tsjerke net in suver goatysk oansjen.
De hjoeddeiske katedraal waard yn 1956 wer iepene.
Grêven en kapellen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal is it lêste rêstplak foar ferskate iere Poalske hearskers fan 'e Piasten-dynasty:
- Mieszko I (de earste kristlike hartoch),
- Bolesław de Dappere (de earste kening fan Poalen),
- en noch seis oare keningen en hartoggen.
Dizze foarsten lizze hjoed-de-dei yn 'e tusken 1835 en 1841 boude Gouden Kapel, in mausoleum yn 'e styl fan it byzantynske histoarisme.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It hjoeddeiske ynterieur hat in soad keunstwurken dy't nei de Twadde Wrâldkriich út oare plakken nei Poznań brocht binne. It haadalter is in let-goatysk triptyk út 1512, ôfkomstich út de parochytsjerke fan Góra (eartiids Guhrau) en makke yn Breslau. De koerbanken binne letgoatysk en komme út Görlitz. De barokke preekstoel en in barok doopfont datearje fan 1720 en komme út de protestantske tsjerke fan Milicz (eartiids Militsch).
Yn 'e krypt fan 'e katedraal binne de resten fan 'e foar-romaanske muorren en in grut sânstiennen doopbekken fan fiif meter trochsnit te sjen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel is yn 2001 boud troch Jan Drozdowicz en hat 51 registers op trije manuaalwurken en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
