Katedraal fan Peterborough

Ut Wikipedy
Katedraal fan Peterborough

Cathedral Church of St Peter, St Paul and St Andrew

bouwurk
lokaasje
lân Ingelân
greefskip Cambridgeshire
plak Petersborough
adres Peterborough PE1 1XS
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1118–1237
boustyl Romaanske en goatyske arsjitektuer
monumintale status Grade I listed building
oare ynformaasje
hichte 44 meter
lingte 147 meter
offisjele webside
Side katedraal

De Katedraal fan Peterborough (Ingelsk: Peterborough Cathedral), offisjeel de Katedrale Tsjerke fan Sint-Petrus, Sint-Paulus en Sint-Andreus (Cathedral Church of St Peter, St Paul and St Andrew) – ek bekend ûnder de namme Sint-Petruskatedraal - is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Peterborough. De bylden fan de oan de katedraal wijde apostels sjogge del fanôf de trije gevels fan it ferneamde westlike front fan de katedraal.

De katedraal waard noch yn de Angelsaksyske tiid stifte, mar de arsjitektuer datearret foar it measte út de Normandyske tiid, doe't de katedraal op 'e nij boud waard. Mei de katedralen fan Durham en Ely heart de katedraal by de belangrykste 12e-iuwske gebouwen fan Ingelân, dy't nettsjinsteande fergruttings en restauraasjes foar in grut diel yntakt bleaun binne.

It ferneamde westlike diel fan de tsjerke makket yndruk troch de trije ûnbidich grutte bôgen. Troch't ien fan de tuorren efter de gevel nea foltôge is hat de gevel op in ôfstân in assymetrysk oansjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Angelsaksyske oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hedda Stien

De oarspronklike tsjerke, bekend as Medeshamstede, waard ûnder it regear fan de Angelsaksyske kening Peada fan de Middelangelen yn likernôch it jier 655 stifte. It wie ie fan de earste kristlike sintra yn Sintraal-Ingelân en de oan de tsjerke ferbûne kleastermienskip bleau oant teminsten it jier 870 bestean, doe't nei alle gedachten Wytsings in ein makken oan de delsetting. Yn in nis fan it nije gebou, in útwreiding fan it eastlike ein, leit de saneamde "Hedda Stien". It midsiuwske reliëf lit tolve muotsen sjen, seis oan elke kant, en betinkt de ferneatiging fan it kleaster en de dea fan de abt en muontsen doe't it gebiet troch Wytsings yn 864 plondere waard. De Hedda Stien waard krekt wat nei de plondering makke, doe't in kleaster yn it neigean rekke.

Yn de midden fan de 10e iuw wie der in monastike weroplibbing en waard der in Benediktynske abdij stifte. Dat waard benammen mooglik makke troch Athelwold, biskop fan Winchester, dy't fan de resten fan de eardere tsjerke de bou fan in basilyk en oare gebouwen mooglik makke. De orizjinele sintrale toer bleau lykwols bewarre. De tsjerke waard opdroegen oan Petrus en omklamme troch in houten wâl, een saneamde burgh, itjinge Peter-burgh, de namme fan de stêd om de abdij hinne, ferklearre. Ek Dunstan, de aartsbiskop fan Canterbury, joech it monastike libben fan de abdij in foarse ympuls.

It tsjerkeskip mei it houten plafond dat noch út de Normandyske boutiid datearret

Fan de fûneminten fan de Angelsaksyske tsjerke besteane allinne dy ûnder it súdlik transept noch. Dochs binne der in tal wichtige saken, lykas de Hedda Stien, fan it eardere gebou bewarre bleaun. Yn 2008 binne troch wurklju dy't in muorre reparearren Angelsaksyske grêfstiennen ûntdutsen, dy't neffens sizzen noch út de 11e iuw stamme.

Grûnplan fan de katedraal

By de Normandyske ynfaazje rekke de katedraal by gefjochten skeind. De restauraasje fan de katedraal wie noch yn folle gong doe't de katedraal yn 1116 troch brân yn 'e jiske lein waard. No moast der in nije tsjerke boud wurde en dat barde yn de Normandyske styl. Abt John de Sais sette op 8 maart 1118 útein mei de nijbou en yn 1193 wie de tsjerke oant it westlike ein fan it skip foltôge. It fersierde houten plafond dat tusken 1230 en 1250 ynbrocht waard bestiet noch jimmeroan. Foar Grut-Brittanje is it in unyk plafond en der binne yn de rest fan Jeropa mar fjouwer fan soksoarte plafonds op it hiele kontinint. It is twa kear oerskildere, ienris yn 1745 en dêrnei nochris yn 1834, mar it hat noch altiten de styl en it karakter fan it orizjineel.

Doe, nei de foltôging fan it westlike transept en it tafoegjen fan de grutte westlike portikus yn 1237, skeakelen de midsiuwske mitslers oer op de nije goatyske styl. Ofsjoen fan feroarings oan de ramen, it ynbringen fan in portaal om de frijsteande pylders fan de portikus te ûnderstypjen en it yn de 16e iuw tafoegjen fan in nij gebou oan de eastlike kant feroare der yn de rin fan de tiid net in soad mear oan de tsjerke. De biskop fan Lincoln, Robert Grosseteste, wijde yn 1238 de foltôge tsjerke yn. By it bouwen fan it goatyske front bleaune de âldere Normandyske tuorren bewarre en goatisearre.

Waaierferwulft yn de Marijekapel

Reliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de reliken fan it kleaster hearden neffens de 12e iuwske muonts Hugh Candidus twa stikken fan it linnen dêr't de poppe Jezus yn wikkele wie, stikjes fan de krêbe dêr't Jezus yn lei, in stik fan de fiif bôles dêr't Jezus 5.000 minsken mei sêde, in stik klean fan de Hillige Jongfaam, in stik fan de stêf fan Aäron en reliken fan Petrus, Paulus en Andreus. De earm fan Oswald fan Northumbria ferdwûn út syn kapel, mooglik yn de reformaasje, ek al wie der in wachttoer boud foar muontsen om it relikwarium te beweitsjen. Ferskate reliken fan Thomas Becket wiene yn in skryn út Canterbury meinommen troch prior Benedictus (dy't de moard op Becket meimakke hie) doe't er promovearre waard ta abt fan Peterborough. Alle reliken gyngen yn 1541 as gefolch fan de opheffing fan de kleaster troch Hindrik VIII ferlern.

Al dy reliken ûnderskriuwe it doedestiidske belang fan wat tsjintwurdich de katedraal fan Peterborough is. Op it hichtepunt fan de rykdom, krekt foar de reformaasje, hie de abdij it op fiif nei heechste monastike ynkommen fan Ingelân en waard it bewenne troch wol 120 muontsen.

Koer

Tudor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke oerlibbe de reformaasje troch't it de funksje krige fan katedraal fan it Anglikaanske bisdom fan Petersborough. Hindrik's eardere frou, Katharina fan Aragon, waard yn 1536 yn de tsjerke begroeven. Har grêf is noch altiten te sjen en wurdt fereare troch besikers dy't der blommen en granaatappels del lizze. Oan it hek binne de wurden Katharine Queen of England oanbrocht, in titel dy't har yn har libben ûntsein waard.

Yn 1587 waard ynearsten ek it lichem fan de katolike Marije, keninginne fan de Skotten, nei har eksekúsje yn de katedraal begroeven. Yn opdracht fan har soan kening Jakobus I waard se lykwols letter opgroeven en op 'e nij byset yn de Westminser Abbey.

Ingelske Boargerkriich oant hjoeddedei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De troepen fan it Parlemint plonderen de katedraal yn 1643 yn de tiid fan de Ingelske Boargerkriich. Lykas ek by oare tsjerken en katedralen waarden hast alle brânskildere ramen en midsiuwske koerbanken fernield. Sa ek it heechalter, de retabels, de kleastergong en de Marijekapel. Alle monuminten fan de katedraal waarden skeind of hieledal ferneatige.

Heechalter

In diel fan de skea waard yn de 17e en 18e iuw wer yn oarder makke. Yn 1883 sette in grutte restauraasje útein nei't grutte skuorren yn de dragende pylders en bôgen fan de haadtoer ûntstiene. De sintrale fieringstoer waard op 'e nij boud en de fûneminten, de pylders, it koer en it westlike front waarden ûnder hannen nommen. De katedraal krige nije koerbanken, in nije biskopstroan, in nije preekstoel en in nij heechalter en de sintrale toer waard troch ferwidering fan in laach kantelen leger makke.

Fanôf 2006 fûnen der renovaasjes oan de westlike gevel plak. De bylden dêr wiene troch it waar en de smoargens sa bot oantaast, dat guon derfan allinne yntakt bliuwe koene troch der fan de holle nei it lichem izeren staven yn te stekken.

Brân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 22 novimber 2001 ûntstie der brân yn de katedraal. Der wurdt tocht dat de brân mei sin oanstutsen wie ûnder plastic stuollen, dy't yn de noardlike koerbeuk opsteld stiene. Aldergelokst waard it fjoer gau ûntdutsen sadat de helptsjinsten der op 'e tiid by wiene. It momint fan de brân koe lykwols net minder: de folsleine restauraasje fan it skildere houten plafond wie nammentlik hast klear. De oalje-eftige reek fan de plastic stuollen wie lykwols tige skealik en feroarsake yn in grut diel fan it gebou in plakkerige swarte laach. De boarne fan de brân lei tichteby it oargel en de kombinaasje fan de direkte skea troch it fjoer en it wetter foar it dwêsten makke in folsleine weropbou fan it oargel needsaaklik, sadat it foar jierren net mear te brûken west hat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Peterborough Cathedral