Springe nei ynhâld

Katedraal fan Namen

Ut Wikipedy
Sint-Albanuskatedraal
Cathédrale Saint-Aubain
Lokaasje
lânflagge fan Belgje Belgje
GewestWalloanje
ProvinsjeNamen
plakNamen
adresPlace Saint-Aubain
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolyk
bisdomNamen
aartsbisdomMechelen-Brussel
patroanhilligeAlbanus fan Mainz
Arsjitektuer
arsjitektGaetano Matteo Pisoni
yngenieurJean-Baptiste Chermanne (boumaster)
boujier1751–1767 (ynwijd yn 1772)
boustylBarok, Rokoko, Neoklassisisme
hichte70 meter (koepel)
monumintale statusPatrimoine majeur de Wallonie
monumintnûmer92094-CLT-0005-01
Kaart
Katedraal fan Namen (Belgje)
Katedraal fan Namen

De Sint-Albanuskathedraal yn Namen (Frânsk: Cathédrale Saint-Aubain de Namur) is de haadtsjerke fan it bisdom Namen. De bou fan 'e katedraal duorre fan 1751 oant 1767 en de tsjerke waard op 20 septimber 1772 ynwijd. De patroanhillige is Albanus fan Mainz. De tsjerke heart ta it Patrimoine majeur de Wallonie. De skatkeamer fan 'e kathedraal en it behâld fan 'e keunstwurken binne realisearre mei stipe fan it Fonds Pierre François Tilmon, dat beheard wurdt troch de Kening Boudewijnstifting.

It bisdom Namen waard op 12 maaie 1559 stifte troch paus Paulus IV. De earste biskop, de dominikaan Antoine Havet, waard yn 1562 gewijd en keas de kapitteltsjerke fan Sint-Albanus (stifte yn 1047) as syn kathedraal. Fan dy âlde tsjerke stiet hjoed-de-dei allinne noch in 13e-iuwske toer, dy't yn 1648 ferhege waard.

Yn 1740 waard de sterk ferâldere kathedraal troffen troch swiere oerstreamingen. It kapittel en biskop Paul Godefroid de Berlo de Franc-Douaire besletten dêrop in nije tsjerke te bouwen. Hja fregen dêrfoar de Italjaanske arsjitekt Gaetano Matteo Pisoni.

De wurksumheden, útfierd ûnder lieding fan Jean-Baptiste Chermanne, wiene derop rjochte om de toer út 1648 te ferbinen mei de oanbuorjende parochytsjerke Sint-Jan-Evangelist yn ien nij gebou mei in grutte koepel. De earste stien waard lein op 24 juny 1751. Troch swierrichheden mei de bou fan 'e koepel wie de katedraal pas sechstjin jier letter klear. De foargevel, makke fan kalkstien út Seilles, brokkelde letter ôf en waard flak foar 1900 yn in soberder styl rekonstruëarre.

Ynterieur.

De katedraal is in mingeling fan (lette) barok, rokoko en neoklassisistyske styl. Tsjin de kristlike tradysje yn is de tsjerke net op it easten, mar op it westen oriïntearre. De plattegrûn foarmet in Latynsk krús mei in healrûne apsis en sydskippen. De foargevel is fersierd mei tweintich Korintyske pylders en in fronton mei beelden fan Kristus en fjouwer apostels.

It gebou is 78 meter lang en it skip is 17 meter breed. De koepel is sawat 70 meter heech. Oars as de measte âlde tsjerken hat dizze kathedraal gjin glês-yn-leadramen; de finsters hawwe kleurleas glês, wat tegearre mei it wite pleisterwurk foar in tige ljocht ynterieur soarget.

Oargel.

De ymposante houten preekstoel waard yn 1848 makke troch de Antwerpske byldhouwer Karel Hendrik Geerts. Geerts makke ek it fykwurk foar de oargelkas efter yn 'e tsjerke. It oargel sels waard tusken 1844 en 1849 boud troch de Dútske oargelbouwer Wilhelm Korfmacher en is yn 'e rin fan 'e tiid troch ferskate oargelbouwers (lykas Merklin, Anneessens en Thunus) ûnderholden en útwreide.

It heechalter komt út de eardere abdij fan La Ramée. Dêrboppe hinget in krúsbyld út de abdij fan Villers. De âlde bylden fan Petrus en Paulus binne makke troch Lucas Faydherbe. De koerbanken yn Loadewyk XV-styl stamme út 1766.

Byld fan 'e patroanhillige.

Yn 'e sydskippen steane âlde, heal-iepen bychtstuollen. De sydkapellen hawwe meubilêr út de âlde katedraal. Yn 'e Sint-Albanuskapel (noardkant) toant in byld út 1655 de hillige Albanus dy't syn eigen holle yn 'e hannen draacht.

Under de koepel stiet it moderne folksalter út 1967, ûntwurpen troch Roger Bastin. De fjouwer grutte dragende pylders hawwe bylden fan 'e fjouwer Tsjerkfaars (Hiëronymus, Gregoarius, Ambrosius en Augustinus), makke troch Laurent Delvaux. Op 'e ferwulftbôgen dêrboppe binne reliëfs te sjen dy't it Leauwen, de Hope, de Leafde en de Religieuze Deugden ferbyldzje.

Oan 'e suder kant is it sydalter fan it Hillich Sakramint te finen mei in brûzen byld fan 'e populêre biskop Thomas Louis Heylen (makke yn 1956 troch Charles Leplae). Oan 'e noarder kant leit de kapel fan 'e Hillige Jongfaam en Jehannes Nepomuk en de grêftekens fan 'e biskoppen Pisani de la Gaude en Dehesselle.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Frânsk- en Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Cathédrale Saint-Aubain de Namur en de:Kathedrale von Namur


Katedrale tsjerken yn Belgje
AartsbisdomSint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal)
BisdommenUs-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen)Sint-Salvatorkatedraal (Brugge)Sint-Baafskatedraal (Gint)Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt)Sint-Pauluskatedraal (Luik)Sint-Albanuskatedraal (Namen)Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik)
Eardere katedralenSint-Donatuskatedraal (Brugge)Sint-Lambertuskatedraal (Luik)Sint-Martinuskatedraal (Iper)Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy)
· · Berjocht bewurkje