Springe nei ynhâld

Katedraal fan Meksiko-Stêd

Ut Wikipedy
Katedraal fan Meksiko-Stêd
Lokaasje
lân Meksiko
plakMeksiko-Stêd
adresPlaza de la Constitución
koördinaten19° 26' N 99° 7' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomMeksiko
patroanhilligeMarije
Arsjitektuer
boujier1573-1813
boustylrenêssânse, barok, klassisisme
Webside
catedralmetropolitana.mx
Kaart
Katedraal fan Meksiko-Stêd (Meksiko-Stêd)
Katedraal fan Meksiko-Stêd

De Katedraal fan Meksiko-Stêd (Catedral Metropolitana de la Asunción de María de la Ciudad de México) is de grutste en âldste katedraal fan it Amerikaanske kontinint en de sit fan 'e katolike aartsbiskop fan Meksiko. De katedraal stiet oan 'e noardlike kant fan it Plaza de la Constitución yn Meksiko-Stêd en is wijd oan 'e himelfeart fan Marije.

De bou fan 'e katedraal sette sûnt 1573 útein yn it súdwesten fan it Azteeksk timpelkompleks en de ferneatige Templo Mayor neffens de plannen fan 'e Spaanske arsjitekt Claudio de Arciniega. De basis fan'e bou foarme de goatyske katedralebou fan Spanje. Oare wichtige arsjitekten wiene Juan Gómez de Mora en Alonso Pérez de Castaneda. De earste stien foar de foargonger fan 'e katedraal waard yn 1524 troch de oanfierder fan 'e Spaanske kolonialisaasje lein, Hernán Cortés. Foar de groeiende stêd wie lykwols in represintative katedraal nedich en dêrfandinne waard yn 1573 in begjin makke mei de nijbou om de besteande tsjerke hinne, dy't mei it einen fan it wurk ôfbrutsen waard.

Ynterieur mei it Keningenalter (Retablo de los Reyes.)

Troch oerstreamings moast it wurk yn 1629 stillein wurde. Oan 'e lêste wurksumheden oan it ynterieur kaam yn 1667 in ein. De wijing fan 'e katedraal fûn noch yn itselde jier plak. De beide klokketuorren fan 'e arsjitekt José Damián Ortiz de Castro waarden yn 1793 foltôge. Hjoed-de-dei bergje de tuorren 25 klokken. Yn 1813 krige de katedraal in koepel en in gevel fan 'e arsjitekt Manuel Tolsá Sarrión.

Koartsluting feroarsake yn 1967 in brân, wêrby't dielen fan it ynterieur ferneatige waarden. De restauraasje fan it koer sette yn 1979 útein. By de restauraasje waarden efter it ferjouwingsalter 51 skilderwurken ûntdutsen mei wurk fan û.o. Juan en Nicolas Rodriguez Juarez, Miguel Cabrera en José de Ibarra. Oan 'e koerbôge waard it grêf fan 'e earste gûverneur fan Meksiko, Miguel Barrigan, op 'e nij ûntdutsen.

Troch it grûnfersakking yn 'e haadstêd waard de tsjerke sterk bedrige en yn 'e jierren 1990 waard begûn mei de stabilisaasje fan it bouwurk mei help fan in tunnelnetwurk ûnder it bouwurk.

Abortusaktivisten besochten yn septimber 2019 by in demonstraasje de katedraal yn 'e brân te stekken, mar troch in hastich yngripen fan 'e brânwar koe grutte skea tefoarren kommen wurde.

It gebou mei in krúsfoarmich oerflak is yn noardsúdlike oriïntearre. De haadgevel stiet oan 'e súdkant. De katedraal is binnen 118 m lang, 54 m breed en 55 m heech. It ynterieur bestiet út fiif skippen mei 14 kapellen, in sakristy, in kapittelseal, it koer en in krypt. Troch de lange boutiid fertsjintwurdiget it gebou de boustilen renêssânse, de barok en it klassisisme.

De wichtichste alters drage de nammen: Alter fan 'e Ferjouwing, it Keningenalter, it Opstanningsalter fan Jezus en it Alter fan 'e Jongfaam fan Zapopan. It besjen wurdich is benammen it yn 'e haadapsis steande Keningenalter út 1718-1739, dat tige ryk is oan fykwurk. It koerstuoltme út 1696 is fan sederhout makke.

Ien fan 'e twa oargels.

Yn 'e katedraal binne twa oargels dy't, lykas yn 'e Spaanske oargelboutradysje, op 'e evangeeljekant (fanút de tsjerke lofts fan it koer) en de epistelkant (fanút de tsjerke wei rjochts fan it koer) foar inoar oer stean. Se ha alle twa dûbele oargelkassen: ien nei it koer ta en ien nei bûten.

It oargel oan 'e evangeeljekant waard yn 1696 troch de Spaanske oargelbouwers J. de Sesma en T. Sans boud en yn 1734 troch de Meksikaanske oargelbouwer J. Nasarre ferboud. It oargel wurdt it Spaanske oargel neamd.

It oargel fan 'e epistelkant, it Meksikaanske oargel, waard yn 1736 troch J. Nasarre boud.

De gevel fan it oanbuorjende gebou Sangrario Metropolitano bestiet út reade fulkaanstien. De hjoeddeiske stedsparochytsjerke waard oarspronklik as sakramintenhûs boud en de wijing folge yn 1768. It haadalter yn 'e tsjerke waard yn 1829 troch Pedro Patiño Ixtolinque boud.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: