Katedraal fan Marseille
| Grutte Us-Leaffrouwekatedraal Cathédrale Notre-Dame-de-la-Major | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| Provâns-Alpen-Côte d'Azur | ||
| plak | Marseille | |
| koördinaten | 43°18'N 5°21'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| patroanhillige | Marije | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Léon Vaudoyer en Henri-Jacques Espérandieu | |
| boujier | 1852-1893 | |
| monumintale status | ||
| Webside | ||
| Side bisdom | ||
| Kaart | ||
De Katedraal fan Marseille (Cathédrale Sainte-Marie-Majeure de Marseille, meastentiids Cathédrale de la Major) is de biskopstsjerke fan it roomsk-katolike aartsbisdom Marseille yn 'e Frânske stêd Marseille. It sûnt 1852 boude neoromaansk-byzantynske tsjerkegebou stiet oan 'e westlike râne fan 'e binnenstêd boppe de Quai de la Joliette. De katedraal is in ûntwerp fan Léon Vaudoyer en Henri-Jacques Espérandieu en by de foltôging yn 1896 krige de tsjerke fuort de titel fan basilica minor. Sûnt 1906 is de katedraal ek in histoarysk monumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak fan 'e nei it noarden oriïntearre hjoeddeiske katedraal stie al om de oergong fan 'e 4e nei de 5e iuw hinne in nei it easten oriïntearre biskopstsjerke mei in doopkapel. De fûneminten fan dat kompleks waarden by de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal opgroeven. De tsjerke hie oarspronklik it patrosinium fan Sint-Lazarus, mar al sûnt de tiid fan Karel de Grutte waard de tsjerke Marijetsjerke neamd. By trije Saraseenske ynfallen, foar it lêst yn it jier 923, waard dy tsjerke ferneatige mar dêrnei wer opboud. Dochs wie de tsjerke yn 'e tiid fan biskop Pons II sa brekfallich, dat dy noch yn it jier fan syn ferstjerren yn 1073 mei in folsleine nijbou úteinsette.

Dy romaanske katedraal út de 11e iuw wie in trijeskippige basilyk mei in rjochthoekige grûnfoarm mei oanslutend in haadapsis en twa sydapsiden. Oarspronklik hie it skip fiif traveeën mar de twa westlike waarden mei it haadportaal yn 'e hege midsiuwen ôfbrutsen om romte te meitsjen foar nije stedsfersterkingen, mooglik om 't de see in stik fan 'e igge weislein hie. It portaal ferhûze nei de súdkant fan it skip en dêrnei folgen de oanbou fan ferskate kapellen en in sakristy. It koer waard flankearre troch twa fjouwerkante tuorren, wêrfan de súdlike, de saneamde tour de l'Évêché, yn 'e foarm fan 'e 19e iuw bewarre bleaun is.
Yn 'e rin fan 'e Frânske Revolúsje waard it bisdom Marseille opheft. De katedraal degradearre ta parochytsjerke en waard letter tydlik sletten. De klokken waarden omraand, de bylden fernield en de histoaryske ynrjochting ferkocht. It gebou rûn swiere skea op en by iere 19e-iuwske maatregels om it gebou te behâlden waard dy skea noch fierder fergrutte. Yn 1823 waard de provisoarysk restaurearre Vieille Major wer biskopstsjerke. Yn 1852 brocht Napoleon III in besite oan Marseille. Op oantrunen fan biskop Charles Joseph Eugène de Mazenod lei er symboalysk de earste stien fan 'e nijbou. Om foar dat doel romte te krijen, waarden noch twa westlike traveeën fan 'e romaanske tsjerke en in part fan 'e oanbou ôfbrutsen, wylst de rest yn stân holden waard. Oan 'e seeside waard in grut terras mei in bôgefoarmige ûnderbou foar de fundearring oanlein. Dêrnei waard yn in tiidrek fan fjouwer desennia de nije katedraal boud en ynrjochte; de kosten gyngen fier boppe de oarspronklike plannen út en it mozaykdekôr is nea foltôge.
Beskriuiwng
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De hjoeddeiske Marijekatedraal fan Marseille is in 141 m lange trijeskippige basilyk mei in 50 meter breed dwersskip en in krusingskoepel fan 60 meter hichte. Ek de earmen fan it dwersskip en de útwrydske koeromgong drage koepels. Benammen dy soargje foar de byzantynske totaalyndruk. De apsis wurdt omjûn troch in kapellekrâns.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lykas it eksterieur hat ek it ynterieur in byzantynsk-eftige sfear mei koepels, bôgen en kleurwiksel yn stienlagen. Yn 'e trije traveebôgen fan it skip, dy’t troch massive pylders droegen wurde, binne galerijen oanbrocht, dy't elts hieltiten troch twa smelle pylders stipe wurde.
It koer en de krúsing binne fersierd mei figurative en ornamintale mozaïken. De rest fan de boufersiering is earder ienfâldich; dy bleau efter by de oarspronklike plannen. Yn 'e rjochting fan it koer stiet it grutte siboarium mei it oarspronklike heechalter. Foar it siboarium leit de alterromte, dy't út 'e tiid fan nei it Twadde Fatikaanske Konsylje datearret. De bylden yn 'e haadromte en yn 'e kapellen binne keunstwurken fan hege kwaliteit út 'e lette 19e iuw.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1931 troch de oargelbouwers Michel-Merklin en Kuhn boud en foar it lêst yn 2001 troch Lestrez yngreven revisearre. It ynstrumint hat 61 registers ferdield oer trije manualen en pedaal. De traktuer is elektrysk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar boarnen en referinsjes op: de:Kathedrale von Marseille
|
