Springe nei ynhâld

Katedraal fan Livorno

Ut Wikipedy
Sint-Fransiskuskatedraal

Cattedrale di San Francesco

Lokaasje
lân Itaalje
regio Toskane
plakLivorno
adresPiazza Grande
koördinaten43°33' N 10°18' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomLivorno
patroanhilligeMarije, Fransiskus fan Assisi, Julia fan Korsika
Arsjitektuer
arsjitektAlessandro Pieroni
boujier1594–1606
werbou: 1950-1952
boustylrenêssânse, barok
Webside
www.diocesilivorno.it
Kaart
Katedraal fan Livorno (Itaalje)
Katedraal fan Livorno

De Domtsjerke Sint-Fransiskus is een katedraal yn 'e Toskaanske stêd Livorno, Itaalje.

Doe't de Medici-famylje yn 'e 16e iuw fan Livorno in nije havenstêd meitsje woe, liet Ferdinando I de' Medici ek in grut plein oanlizze, it hjoeddeiske Piazza Grande. De bou fan 'e tsjerke oan dat plein sette yn 1594 neffens in ûntwerp fan 'e hôfarsjitekt Alessandro Pieroni útein. De tsjerke waard yn 1602 wijd oan Marije, Fransiskus fan Assisi en Sint-Julia en is sûnt 1806 de katedraal fan it troch Pius VII stifte bisdom. De bou fan 'e klokketoer folge letter yn 1599. De tsjerke krige in moai ynterieur mei moarmeren koerbanken, alters en in tige moai houten plafond fan Vincenzo Ricordati.

Ynterieur.

De oarspronklik rjochthoekige tsjerke waard yn 'e 18e iuw ferboud en útwreide. Doe krige de tsjerke troch it tafoegjen fan in dwersskip mei sydkapellen in krúsfoarm. Tusken 1716 en 1720 wie de bou fan 'e Kapel fan it Hillich Sakramint, wylst de Kapel fan 'e Unbesmodzge Untfinzenis yn 1727 foltôge waard. De kapellen waarden fersierd mei barokke keunstwurken fan Giovanni Baratta en Giuseppe Maria Terreni.

Yn 1817 waard de âlde 17e iuwske klokketoer efter de tsjerke ferfongen troch in nijenien fan 50 m heech fan Gaspero Pampaloni, om't de âlde troch de ierdskodding fan 1814 brekfallich woarn wie.

By de bombardeminten fan 1943–1944 op 'e stêd waard Livorno foar in grut part ferneatige en ek de katedraal en it Piazza Grande leinen foar it grutste part yn pún. Nei de oarloch waard de katedraal tusken 1950 en 1952 werboud ûnder lieding fan arsjitekt Savino del Bene. It oarspronklik ûntwerp fan Pieroni waard folge, mar de werbou fûn mei moderne techniken en materialen plak. De katedraal waard yn 1952 op 'e nij ynwijd.

Man fan Smerten
(Fra Angelico).

De tsjerke is trijeskippich en hat in heechalter en ferskate sydkapellen. De katedraal hie eartiids in soad keunstwurken fan 17e-iuwske Toskaanske skilders. In oantal dêrfan is mei in soad fresko's en ek it houten plafond by de bombardeminten ferlern gien, mar guon binne bewarre bleaun of restaurearre.

De katedraal is fral bekend om it skilderij Kristus mei de Toarnekroan fan Fra Angelico út ± 1420. Oare wurken binne fan Jacopo Ligozzi (Sint-Fransiskus), Domenico Cresti (Madonna mei Bern en hilligen), Giovanni Bilivert (Sint Anne mei Marije).

Foar de oarloch hongen der seis klokken yn 'e toer. Fan 'e ferneatige klokken binne nei de oarloch fiif nije klokken getten.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Domtsjerke fan Livorno fan Wikimedia Commons.