Katedraal fan Lichfield

Ut Wikipedy
Katedraal fan Lichfield

Cathedral Church of the Blessed Virgin Mary and St Chad

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Staffordshire
plak Lichfield
adres 19A The Close, Lichfield WS13 7LD
koördinaten 52° 41' N 1° 49' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Lichfield
patroanhillige Marije
Sint-Chad
Arsjitektuer
boujier 1195–1340
boustyl gotyk
hichte 76,8 m
monumintale status Grade I listed building
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Lichfield (Staffordshire)
Katedraal fan Lichfield

De Katedraal fan Lichfield (Lichfield Cathedral) yn Lichfield, Staffordshire, is de katedraal fan it Anglikaanske bisdom Lichfield en de iennige midsiuwske katedraal fan Ingelân mei trije spitsen.

It bisdom Lichfield beslacht Staffordshire, in grut part fan Shropshire en in diel fan it Black Country en de West Midlands.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik oan 'e Angelsaksyske hillige Sint-Chad en de Jongfaam Marije wijde katedraal hat in ynterieurlingte fan 113 meters en it skip hat in breedte fan 21 meter. De sintrale toer boppe de krusing mjit 77 meter en de twa westlike spitsen binne likernôch 58 meter heech.

De katedraal yn 1807.

It boumaterjaal foar de katedraal waard súdlik fan Lichfield wûn. Troch it gewicht fan it stiennen ferwulft hingje de muorren fan it skip nei bûten ta wat út it lead, mar troch maatregels is der oan 'e fersakking in ein kaam.

De Ingelske Boargerkriich brocht grutte skea oan 'e katedraal. Doe gyngen alle brânskildere ramen ferlern. Likegoed besitte de ramen fan 'e Marijekapel noch jimmeroan Flaamsk midsiuwsk brânskildere glês fan hege kwaliteit. Se datearje út de jierren 1530 en waarden oan it begjin fan 'e 19e iuw oankocht nei't ûnder Napoleon de abdij fan Herkenrode yn Belgje sletten waard. Der binne ek ramen fan hege kwaliteit fan Betton en Evans (1819) en út it lêste diel fan de 19e iuw, benammen dy fan Charles Eamer Kempe.

De Evangeeljes fan Lichfield (de saneamde Lichfield Gospels), ek bekend ûnder de namme it Boek fan Chad, binne manuskripten fan 'e evangeeljes fan Mattéus en Markus en it begjin fan Lukas. Se binne benammen yn it Latyn skreaun, hawwe guon teksten yn it âld-Welsk en stamme út ± 730. Oarspronklik wiene der twa wurken, mar yn 'e tiid fan 'e Ingelske Boargerkriich gyng der ien ferlern. Fan Peaske oant de Kryst wurdt it manuskript útstald yn it kapittelhûs.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koer fan de katedraal
Heechalter

Doe't Chad yn 669 biskop fan Mersia waard ferhûze hy de sit fan Repton nei Lichfield, mooglik om't it al in hillich plak fan martlerdom yn 'e Romeinske tiid wie. De earste katedraal op it hjoeddeiske plak waard om 700 hinne boud, doe't biskop Hedda in nije tsjerke bouwe liet om dêr it bonkerak fan Sint-Chad yn ûnder te bringen. Chad wie yn 672 stoarn en syn reliken waarden yntusken drok besocht troch pylgers. Om de macht fan 'e aartsbiskop fan Canterbury te beheinen stifte kening Offa fan Mersia mei de segen fan 'e paus yn 786 it aartsbisdom Lichfield. De fertsjintwurdigers fan 'e paus waarden tige wolkom hjitten troch Offa en wiene oanwêzich by it kontroversjele Konsylje fan Chelsea yn 787, dêr't útsteld waard om yn it neidiel fan Canterbury yn Lichfield in aartsbisdom te fêstigjen. Der wie fûl ferset, mar de aartsbiskop fan Canterbury moast it ôflizze tsjin Offa en de pauslike ôffurdigen, dy't Higbert as de nije aartsbiskop fan Lichfield beneamden. Paus Adrianus stjoerde Higbert it pallium, wêrmei't er syn stipe oan it beslút joech. Ut tank foar syn stipe ûnthiet Offa om alle jierren goud nei de paus te stjoeren foar de soarch foar earmen en it ferljochtsjen fan 'e Sint-Piter yn Rome. It aartsbisdom Lichfield bleau lykwols mar 16 jier bestean en waard al gau nei it ferstjerren fan Offa opdoekt, sadat Súd-Ingelân wer folslein ûnder it bisdom Canterbury kaam te fallen.

Sûnt 1085 oant yn 'e 12e iuw waard de oarspronklik houten Saksyske tsjerke ferfongen troch in romaanske Normandysk gebou fan stien en dy waard fanôf 1195 ferfongen troch de hjoeddeiske goatyske katedraal. It koer stamt út 1200, de transepten út 1220-1249 en mei it skip waard yn 1260 útein set. It achtsidige kapittelhûs waard yn 1249 foltôge en is mei syn byldhouwurk ien fan 'e moaiste dielen fan 'e katedraal. Yn it kapittelhûs wurdt de grutste skat fan 'e katedraal útstald, de Evangeeljes fan Lichfield. Mei de bou fan 'e Marijekapel (Lady Chapel) yn 'e jierren 1330 wie de goatyske nijbou foltôge.

Ingelske Boargerkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren fan 'e Ingelske Boargerkriich waard der yn it tiidrek 1643-1646 slim om Lichfield fochten. Om it gebiet fan 'e katedraal lei in grêft en mei de ferdigeningsmuorren wie de katedraal in soarte fan militêr fort. De autoriteiten fan 'e katedraal keazen yn it konflikt de kant fan Karel I, wylst it stedsfolk benammen de kant sochten fan it Parlemint.

De katedraal rekke by it geweld slim skeind; de krusingstoer waard fernield, de dakken ferneatige en alle ramen gyngen ferlern. Biskop Hacket sette nei de restauraasje fan de monarchy mei stipe fan kening Karel II yn 'e jierren 1660 mei it herstel fan 'e tsjerke útein, mar de wurksumheden soene noch oant yn 'e 19e iuw duorje. Op 'e gevel tusken de twa tuorren stie oant yn 'e 19e iuw in ûnbidich grut byld fan kening Karel II, tsjintwurdich stiet it bûten by it súdlike portaal.

Fiktoriaanske restauraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doksaal fan Scott.

Ek al wie de 18e iuw in gouden iuw foar de stêd Lichfield, yn dyselde tiid rekke de katedraal yn ferfal. De 15e-iuwske bibleteek oan 'e noardlike kant fan it skip moast ôfbrutsen wurde en de boeken ferhûzen nei it tsjintwurdige plak boppe it kapittelhûs. De measte bylden fan 'e westlike gevel waarden ferwidere en it mitselwurk oerdutsen mei semint. Oan it ein fan 'e iuw liet de arsjitekt James Wyatt it heechalter ferwiderje om sa fan it koer en de Marijekapel ien romte te meitsjen en in stiennen doksaal oan it begjin fan it koer tafoegje. Ek krige it eastlike raam brânskildere glês.

Yn 'e Fiktoariaanske tiid waard de gevel troch George Gilbert Scott restaurearre. De bylden stelle kenings, keninginnen en hilligen foar en binne foar in part orizjineel en oars as de orizjinelen net mear oanwêzich wiene immitaasjes en tafoegings. Wyatt hie foar it doksaal midsiuwsk stienwurk brûkt, dat Scott op syn bar brûkte om stuollen te meitsjen foar de geastliken op it alter. It stiennen doksaal waard ferfongen torch in nij, troch Scott ûntwurpen, metalen koerstek en is in hichtepunt fan fiktoariaanske keunst, lykas ek de tegels oer de flier, dy't ynfloeden hawwe fan 'e midsiuwske tegels dy't yn it koer fûn binne en yn 'e bibleteek bewarre wurde.

Ingel fan Lichfield[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ingel fan Lichfield

Yn febrewaris 2003 waard ûnder it skip fan 'e tsjerke in 8e-iuwk reliëf fan d'e aartsingel Gabriel fûn. It 60 sm hege reliëf is fan kalkstien en makke oarspronklik diel út fan in sarkofaach, dêr't mooglik de reliken fan Sint-Chad yn lein hawwe. It reliëf is brutsen yn trije dielen mar fierder yntakt.

Oargel

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardere oargels (Robert Dallam (1639), Thomas Schwarbrick (1740) en Samuel Green (1790)) fan 'e katedraal stiene op it stiennen doksaal dat troch George Gilbert Scott yn 1856 ôfbrutsen waard. De tsjerke krige yn 1861 yn 'e noardlike transeptearm in nij trijemanualich oargel fan George Holdich mei in opmerklik Pedaal Oargel fan tsien registers. Yn 1884 waard op 'e selde lokaasje in nij oargel boud troch Hill & Son. It ynstrumint ferhûze yn 1908 nei it plak yn 'e romten boppe it koer, dêr't it yn twa fronten yn it koer en it transept troch J. Oldrid Scott wer opboud waard. Scott brûkte by de weropbou âlder piipwurk fan Holdich en ek in grut part fan it Pedaal Oargel waard op 'e nij brûkt.

Yn 1974 krige it oargel û.o. in nije spyltafel en elektro-pneumatyske traktueren fan Hill Norman & Beard. Yn it ramt fan 'e fiering fan it 1300-jierrich jubileum fan 'e earste Sint-Chadtsjerke waard de disposysje fan it oargel yn it koer troch Harrison & Harrison wer yn de sitewaasje fan 1908 werombrocht. It krige nije elektro-pneumatyske traktueren en de spyltafel waard op 'e nij ûntwurpen. In nije seksje fan 13 registers waard yn it noardlike trifoarium tafoege.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Lichfield Cathedral