Katedraal fan Jehannes de Doper (Jekaterineburch)

Ut Wikipedy
Jehannes de Doperkatedraal

Иоанно-Предтеченский собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Jekaterineburch
adres Ulitsa Rеpina, 6b
koördinaten 56° 49' N 60° 34' E
Arsjitektuer
boujier 1846-1860
monumintale status Regionaal monumint
monumintnûmer 661711004800005
Webside
hiemside
Kaart
Katedraal fan Jehannes de Doper (Jekaterineburch)
Katedraal fan Jehannes de Doper

De Jehannes de Doperkatedraal (Russysk: Иоанно-Предтеченский собор; Ioanno-Predtetsjenski sobor) is in otterdokske katedraal yn Jekaterineburch, Ruslân. De katedraal waard boud tusken 1846 en 1860 en bleau nei de Oktoberrevolúsje as iennige tsjerke fan Jekaterineburch it hiele Sovjet-tiidrek iepen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal wie oarspronklik in gewoane tsjerke, dy't op in heuvel tichteby it tsjerkhôf boud waard. De stifting waard mooglik makke troch E.A. Telegin, in keapman út Jekaterineburch dy't it goed dwaan koe. Fuort nei de foltôging waard op 12 septimber 1860 de tsjerke troch de biskop fan Jekaterineburch plechtich konsekrearre. It belangrykste alter waard oan Jehannes de Doper, de foarrinner fan 'e Hear, wijd. Al mei in pear jier die bliken dat it gebou fierstente lyts wie foar de mienskip en yn 1886 fûn der oan 'e noardlike en súdlike kant in útwreiding fan 'e tsjerke mei twa kapellen plak. Troch de lokaasje by it Ivanovo-tsjerkhôf, die de tsjerke njonken parochytsjerke ek tsjinst foar begraffenissen.

De tsjerke yn it Sovjet-tiidrek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de revolúsje hie de tsjerke te meitsjen mei konfiskaasje fan weardefolle saken, mei arrestaasjes fan geastliken, mei ferfolging fan leauwenden en it oplizzen fan hege belêstings, mar de tsjerke sels bleau iepen ek al wiene der bytiden gjin prysters mear om de tsjinsten te lieden. Yn 1930 namen de bolsjewiken it beslút om de belangrykse otterdokse tsjerken fan 'e stêd op te blazen: de Epifanykatedraal en de Katerinakatedraal. De sitewaasje ferbettere nei de oanfal fan Dútslân op 'e Sovjet-Uny en yn it begjin fan 1942 ek om't de hâlding fan 'e Sovjet-politisy foar de Tsjerke wat feroare. De tsjerketsjinsten waarden wer op 'e nij fierd en nei syn frijlitting waard Varlaam (wrâldske namme: Konstantin Pikalov) de nije aartsbiskop fan Sverdlovsk, sa't Jekaterineburch sûnt 1924 hiet. De Jehannes de Dopertsjerke waard de biskopstsjerke fan it bisdom. Sjoen it feit dat de biskop fan Sverdlovsk ek de bisdommen fan Koergan en Tsjeljabinsk ûnder syn hoede hie, wie de Jehannes de Dopertsjerke de belangrykste tsjerke fan 'e Oeral en boppedat de iennige iepen tsjerke fan Sverdlovsk, dat yn 1970 al mear as ien miljoen ynwenners hie. Lang bleau Varlaam net yn it amt want al yn augustus 1944 waard er op 'e nij arrestearre en feroardiele ta seis jier yn 'e kampen. Hy stoar yn 1946, yn it kamp Nizjni Tagil.[1]

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de ferfolging van de Tsjerke wat minder. Yn 1957 waarden by de tagong fan de tsjerke houten oanbouwsels tafoege, wêrmei't de kapasiteit om mear leauwenden plak te jaan mei 80 oant 100 tanaam. Yn itselde jier waard yn it lofter cellarium in romte foar begraffenissen en roubeklach ynrjochte en yn it rjochter cellarium in doopromte. De nije stream fan ferfolging ûnder Nikita Chrûsjtsjov yn 'e jierren 1960 hie fierder gjin konsekwinsjes foar de Jehannes de Doperkatedraal.

Nei de fal fan it kommunisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke mocht yn 1988 wer foar it earst de klokken liede. Yn 1991 waard in nije doopromte boud. Sûnt 2000 is de Trije-ienheidskatedraal de belangrykste tsjerke fan it bisdom Jekaterineburch en krige de Sint-Jan de Doper de status fan ko-katedraal.

Op 17 april 2010 fereare patriarch Kirill de katedraal mei in besite.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Иоанно-Предтеченский собор (Екатеринбург)