Springe nei ynhâld

Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Katedraal fan Hasselt)
Sint-Kwintenkatedraal
Sint-Quintinuskathedraal
De Sint-Kwintenskatedraal yn Hasselt
De Sint-Kwintenskatedraal yn Hasselt
Lokaasje
lânflagge fan Belgje Belgje
GewestFlaanderen
ProvinsjeLimburch
plakHasselt
adresSint-Quintinuskerkstraat
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolyk
bisdomHasselt
aartsbisdomMechelen-Brussel
patroanhilligeSint-Kwinten
statusKatedraal, parochytsjerke
Arsjitektuer
yngenieurGerard van Groesbeek (restauraasje/weropbou)
boujier11e-15e iuw (toerspits fernijd yn 1725)
boustylgotyk, neogotyk (restauraasjes)
hichte62 meter (toer)
Kaart
Sint-Kwintenkatedraal (Belgje)
Sint-Kwintenkatedraal

De Sint-Kwintenkatedraal (Nederlânsk: Sint-Quintinuskathedraal) is de katedraal fan it yn 1967 stifte Belgyske bisdom Hasselt. Oant dy tiid foelen de ynwenners fan 'e provinsje Limburch ûnder it bisdom Luik. De oan Sint-Kwinten wijde tsjerke is tagelyk in parochytsjerke.

De bou fan 'e tsjerke sette yn 'e 11e iuw útein. Ut dy tiid stammet de sânstiennen ûnderbou fan 'e toer (dy't 62 meter heech is). Foar de rest fan 'e toer is yn 'e 13e iuw mergel brûkt. De hjoeddeiske tsjerke sels is twa iuwen jonger. Yn 'e 16e iuw waard der om it besteande koer hinne in omgong mei fjouwer kapellen boud.

Doe't om 1560 hinne hageprekers út Nederlân it protestantisme yn it prinsbisdom Luik ferkundigen, late kardinaal Gerard fan Groesbeek it ferset tsjin de protestanten. Op 19 jannewaris 1567 waard de tsjerke troffen troch de Byldestoarm, wêrby't it sakramintshúske, bylden en altaren fernield waarden. Hasselt ferklearre him doe, tegearre mei Maaseik, foar koart skoft ûnôfhinklik, mar Groesbeek wist de oarder te werstellen.

Op sneonmiddei 14 maaie 1725 sloech de bliksem yn 'e toerspits. De baarnende spits foel troch it noardwestlike dak nei ûnderen, wêrtroch't de beiaard, it dak en it oargel folslein ferlern gyngen. Noch itselde jier waard de hjoeddeiske toerspits set.

Yn 'e 19e iuw folge in restauraasje. De Sint-Kwintenkathedraal is sûnt 1933 in beskerme monumint.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de 19e iuwske restauraasje krige de tsjerke nije neogoatyske glêsramen. Ek fersierde de Hasselter keunstskilder Godfried Guffens de katedraal doe mei muorreskilderingen.

Yn 'e tsjerke sels falle benammen twa keunstwurken op. De barokke tradysje is fertsjintwurdige mei in houten byld fan Sint-Joaris en de draak dat snien is troch de Hasselter master Daniël van Vlierden. Dêrnjonken hinget der in histoarysk skilderij dat ôfkomstig is út de eardere abdij fan Herkenrode. Op dat doek is de sakramintsprosesje fan dy abdij te sjen, mei foaroan abdis Barbara de Rivière.

Ek oare skilderijen binne ôfkomstich út de abdij fan Herkenrode. Yn 2026 waard bekendmakke dat 26 skilderijen út de kathedraal restaurearre wurde sille.

It oerwurk yn 'e toer út 1911 wurdt hjoed-de-dei beselskippe troch in eigen Beiaardmuseum. Dit museum herberget in 18e-iuwsk beiaardklavier en toant de besiker it hiele ambachtlike jitproses fan klokken.

Njonken de keunstwurken stiet yn 'e tsjerke it ferneamde Niehoff-oargel.

Oarspronklik waard it oargel yn 1592/1593 troch Nicolaas en Jacob Niehoff út De Bosk boud. Nei reparaasjes yn 'e 17e iuw troch ûnder oaren Christian Anclon en de Skotske oargelbouwer Robert Gordan, ûndergong it yn 1791 in grutte ferbouwing troch Joseph Binvignat en Lambert Houdtappel út Maastricht. Hja bouden in nij oargel mei trije klavieren, mar brûkten in grut part fan it oarspronklike piipwurk op 'e nij. Dêrtroch wurdt it as it âldste oargel fan Belgje beskôge. By in grutte restauraasje yn 2002 troch Orgelbau Schumacher binne ek âlde pipen fan oare histoaryske masters (lykas Van Weert en Penceler) op 'e nij ynboud.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Baafskathedraal


Katedrale tsjerken yn Belgje
AartsbisdomSint-Rombout (Mechelen) (metropolitane katedraal) • Sint-Michael en Sint-Gûdûla (Brussel) (ko-katedraal)
BisdommenUs-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen)Sint-Salvatorkatedraal (Brugge)Sint-Baafskatedraal (Gint)Sint-Kwintenkatedraal (Hasselt)Sint-Pauluskatedraal (Luik)Sint-Albanuskatedraal (Namen)Us-Leaffrouwekatedraal (Doarnik)
Eardere katedralenSint-Donatuskatedraal (Brugge)Sint-Lambertuskatedraal (Luik)Sint-Martinuskatedraal (Iper)Sint-Petrus en Pauluskatedraal (Malmedy)
· · Berjocht bewurkje