Springe nei ynhâld

Katedraal fan Coventry

Ut Wikipedy
Katedraal fan Coventry

St Michael’s Cathedral

Lokaasje
lân Ingelân
greefskip West Midlands
plak Coventry
adres Priory St, Coventry CV1 5FB
koördinaten 52° 24' N 1° 30' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Coventry
patroanhillige Sint-Michael
Arsjitektuer
arsjitekt Basil Spence
boujier 1956-1962
boustyl Moderne arsjitektuer; goatyske ruïnes
monumintale status Grade I listed building
Webside
www.coventrycathedral.org.uk
Kaart
Katedraal fan Coventry (Ingelân)
Katedraal fan Coventry

De Katedraal fan Coventry of Sint-Michaelkatedraal (Ingelsk: Coventry Cathedral; St Michael’s Cathedral) is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Coventry yn 'e Ingelske stêd Coventry.

De hjoeddeiske katedraal is de tredde katedraal fan 'e stêd. De earste katedraal wie de Marijekatedraal (St Mary’s), in kleastertsjerke dêr't allinne noch resten fan bewarre bleaun binne. De twadde katedraal wie de Sint-Michaelkatedraal, dy't yn novimber 1940 by in Dútske loftoanfal op de stêd ferneatige waard. Fan 'e twadde katedraal bleaune allinne de grutte toer en de bûtenmuorren stean. De tredde katedraal is de nijbou, dy't folge nei de Twadde Wrâldkriich en fuort njonken de ruïnes fan de foargonger boud waard.

De St Mary's waard yn 1043 tagelyk mei in benediktynsk kleaster troch de earl fan Mersia stifte, Leofric, en syn frou Lady Godiva. Al gau dêrnei setten de earste ferbouwings útein. Tusken 1095 en 1102 liet biskop Robert de Limesey de biskopsit fan Lichfield nei Coventry ferhûzje. It ynearsten lytse kleaster groeide út ta in grut kleaster mei in katedraal fan likernôch 130 meter lang. Doe't Hindrik VIII briek mei Rome om't er fan syn frou Katarina fan Aragon ôf woe en Rome dat net tastie liet er alle katolike kleasters opheffe. Sa ferlear ek de katedraal syn status as kleastertsjerke.

De Michaeltsjerke yn de 19e iuw

De St Michael’s Church waard yn 'e lette 14e en iere 15e iuw boud. It wie de grutste parochytsjerke fan it lân, oant de tsjerke yn 1918 mei de stifting fan it bisdom Coventry de status fan katedraal krige.

Op 14 novimber 1940 waard de katedraal troch in bombardemint fan de Dútske Luftwaffe hast folslein ferneatige. Allinne de tsjerketoer en de bûtenmuorren bleaune stean. Ek hjoeddedei hawwe de ruïnes noch in funksje foar de earetsjinst.

De nije katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ynterieur.
Winston Churchill tusken de ruïnes fan de katedraal.

De nije katedraal waard njonken de resten fan 'e âlde katedraal neffens in ûntwerp fan Basil Spence boud. Spence trune der op oan om de resten fan de âlde katedraal as betinkingstún yntakt te litten en de nije katedraal sa oan te bouwen, dat de twa gebouwen tegearre in tsjerke foarmje. By it sykjen nei in goed ûnwerp waard sines út mear as 100 ûntwerpen keazen.

Op 23 maart 1956 waard de earste stien fan 'e nijbou troch keninginne Elizabeth lein. Basil Spence waard troch de keninginne yn 1960 as wurdearring foar syn prestaasjes yn Coventry as Knight Bachelor ta ridder slein. De ynwijing fan 'e nije katedraal folge op 25 maaie 1962.

It moderne ûntwerp soarge lykwols foar in soad strideraasje. De ûngewoane spits waard mei in helikopter op it flakke dak fan 'e katedraal set. It ynterieur is bekend fanwegen in grut gobelin mei in ôfbyld fan Kristus fan Graham Sutherland en in troch John Piper ûntwurpen finster yn 'e doopkapel.

It Ferkoalde Krús.

It Ferkoalde Krús

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it opromjen fan it pún liet Richard Howard, de doedestiidske proast fan Coventry, út twa ferbaarnde dakbalken in ienfâldich houten krús meitsje. Dat krús, it "Ferskroeide Krús" (Charred Cross), is hjoeddedei yn 'e nije katedraal te sjen. In kopy derfan is yn de alterromte fan de ruïne fan 'e âlde katedraal oanbrocht.

Fan trije spikers fan 'e âlde katedraal waard noch in krús makke, mar dan lytser, dat tsjintwurdich yn 'e nijbou hinget. Dat saneamde Spikerkrús fan Coventry (Cross of Nails) waard it symboal fan de oekumenyske Spikerkrúsbeweging (The Community of the Cross of Nails), dy't fanút Coventry oant mear as 200 plakken oer de hiele wrâld útgroeide. As teken fan ferbûnens kriget elts plak dat by de beweging heart in spikerkrús, dat lykas it orizjineel út trije spikers bestiet. Yn Fryslân binne gjin plakken of tsjerken oansletten by dy beweging.

De Stalingradmadonna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in kapel fan 'e katedraal hinget in kopy fan de saneamde Stalingradmadonna, in tekening dy't de Dútske lazaretarts Kurt Reuber yn 'e Kryst fan 1942 by de Slach om Stalingrad makke. It orizjineel fan de Stalingradmadonna hinget yn 'e Kaiser-Wilhelm-Gedächtniskirche fan Berlyn.

It oargel waard yn 1962 troch de oargelboufirma Harrison & Harrison boud. It ynstrumint stiet op twa ferskillende plakken noardlik en súdlik fan it koer mei de kant fan it front nei it skip ta. Op 'e noardlike kant steane it Swell- en Solo-Organ opsteld, wylst op 'e súdlike kant it Great Organ stiet. It oargel hat meiïnoar 72 registers op fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Coventry Cathedral