Katedraal fan Como
| Marije-Himelfeartkatedraal Cattedrale di Santa Maria Assunta | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| plak | Como | |
| adres | Piazza del Duomo | |
| koördinaten | 45°48' N 9°05' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | roomsk-katolyk | |
| bisdom | Como | |
| wijd oan | Marije-Himelfeart | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1396-1740 | |
| boustyl | gotyk, renêssânse, rokoko | |
| Webside | ||
| www.cattedraledicomo.it | ||
| Kaart | ||
De katedraal fan Como (Duomo di Como) is it wichtichste religieuze monumint fan Como yn 'e Italjaanske regio Lombardije. It is ek ien fan 'e moaiste goatyske gebouwen fan Noard-Itaalje. De oan 'e himelfeart fan Marije wijde bou duorre mear as trije iuwen fan 1396 oant 1740 en fertsjintwurdiget dêrtroch in rike mingfoarm fan stilen fan 'e lette gotyk oant de rokoko. Paus Pius XII joech yn 1951 de katedraal de status fan basilica minor.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mei de bou waard útein set op it plak fan in âlder romaansk tsjerkegebou út de 11e iuw, dy’t wijd wie oan 'e Jongfaam Marije. De earste arsjitekten kamen út de Lombardyske tradysje fan stienhouwers en masterbouwers en der is dúdlike ynfloed fan 'e goatyske styl fan 'e domtsjerke fan Milaan.
Yn 'e 15e en 16e iuw waard de gevel ôfmakke mei fjouwer fertikale rigen bylden en moarmeren dekoraasjes, makke troch de bruorren Rodolfo en Tommaso Rodari út Maroggia (Switserlân). Yn 'e 17e en 18e iuw waarden de koepel en it lêste diel fan 'e bou útfierd. De koepel sels waard ûntwurpen troch Filippo Juvarra en foltôge troch Simone Cantoni yn 1740. It is in koepel dy't it silhouet fan de stêd hjoed noch bepaalt.
Opfallend binne de bylden fan Plinius de Aldere en Plinius de Jongere oan wjerskanten fan de haadyngong, twa ferneamde Romeinen dy't yn Como berne binne.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De trijeskippige katedraal is 87 m lang en oant de top fan 'e koepel boppe de krusing 75 m heech. It gebou hat in oerflak fan in Latynsk krús en in renêssânse dwersskip. De apsis en it koer binne 16e iuwk.
Yn 'e tsjerke hinget in searje fan njoggen grutte tapijten mei foarstellingen út it libben fan Marije út de ein fan 'e 16e iuw, dy't makke binne yn Ferrara, Florâns en Brussel. Der binne ek in oantal skilderijen út de 16e iuw fan Bernardino Luini en Gaudenzio Ferrari. It haadalter is barok mei in tabernakel fan fersierd moarmer en in byld fan Marije-Himelfeart.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal hat in grut oargel dat yn 1932 boud waard troch de Milaneeske oargelbouwer Balbiani Vegezzi-Bossi en yn 1998 troch Mascioni restaurearre en fergrutte waard. It ynstrumint telt 69 registers (6.515 pipen) en twa effektregisters op fjouwer manualen en pedaal.
It haadwurk, swelwurk en posityf binne ûnderbrocht yn twa histoaryske, ryk fersierde oargelkassen yn it middenskip dy't út de 17e iuw datearje. It koerwurk (Organo corale) is boppe de krusing en it echowurk boppe de tagong fan 'e sakristy.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Haadalter.
- Oargel.
- Tapijt fan 'e ûntsliepenis fan Marije.
- Preekstoel.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Domtsjerke fan Como fan Wikimedia Commons. |