Katedraal fan Caltagirone

Ut Wikipedy
Katedraal fan Sint-Julianus

Cattedrale di San Giuliano

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Sisylje
plak Caltagirone
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boustyl Barok
offisjele webside
Side bisdom

De Sint-Julianuskatedraal (Italjaansk: Cattedrale di San Giuliano) yn Caltagirone op it Italjaanske Sisylje is de biskopstsjerke fan bisdom Caltagirone. De katedraal waard wijd oan Sint-Julianus, de apostel wêrfan't sein waard dat er troch Petrus sels nei Galje stjoerd waard.

It fan oarsprong normandyske gebou waard nei slimme skansearrings troch ierdskoddings yn 1542 en 1683 op 'e nij boud. Mooglik fûn in alderearste ferfanging fan de earste bou al yn 1282 plak. Dêr tsjûget alteast in ynskripsje op in architraaf fan de tsjerke fan. Ek de namme fan de arsjitekt, Magister Gofredus, wurdt dêrby fermeld.

Ynterieur

Op 12 septimber 1816 stifte paus Pius VII mei de bul Romanus Pontifex it bisdom Caltagirone, dy't dêrmei in âlde winsk fan Caltagirone ynwillige. De tsjerke waard dêrmei in katedraal en yn it ramt dêrfan fûn in grutte ferbouwing plak.

De hjoeddeiske gevel datearret fan in begjin 20e-iuwsk ûntwerp fan Saverio Fragapane. De 48 meter hege klokketoer waard noch letter oanboud (1954). Yn de trijeskippige tsjerke hingje in tal skilderijen fan de út in lokale skildersfamylje stammende Giuseppe Vaccaro. It ferwulft is fersierd mei fresko's fan âld- en nijtestamintyske foarstellings. Yn de rjochter earm fan it transept hinget in houten krusifiks út de tiid fan de renêssânse.

Yn juny 1920 ferliende paus Benediktus XV de tsjerke de earetitel basilyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: